Oanslach yn Parys

april 20, 2017 23:39

Tongersdeitejûn is yn Parys op ‘e Avenue des Champs-Elysées in keppel plysjes oanfallen troch in bewapene man. Ien plysje is deasketten, twa oaren binne ferwûne rekke. De oanslach is opeaske troch terreurbeweging IS (earder: ISIS).

Neffens Frânske media binne de kûgels op ‘e plysjes ôfsketten troch ien dy’t om njoggen oere hinne mei in auto oanriden kaam, útstapte en it fjoer iepene mei in automatysk sjitwapen.

De dieder is deasketten. It toaniel fan ‘e sjitterij is ôfset. De plysje fiert in grutskalich ûndersyk út.

april 20, 2017 23:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*