Oanmeldtermyn ‘Skjin Hiem, Skjin Wetter’ fanwege grutte belangstelling ferlinge

april 3, 2017 18:56

Foto: Wikipedia/Ellywa

De termyn wêryn’t Fryske melkfeehâlders har as dielnimmer foar it projekt Skjin Hiem, Skjin Wetter oanmelde kinne, is ferlinge. Fanwege de grutte belangstelling foar it projekt is besletten de datum op te skowen nei 15 oktober oansteande. Yn earste ynstânsje wie de datum 1 april. By it projekt Skjin Hiem, Skjin Wetter wurkje melkfeehâlders oan it weromkringen fan hiemôfspieling en dêrmei oan ferbettering fan de kwaliteit fan it oerflakwetter.

“Wy hawwe no al goed 700 dielnimmers”, seit Peet Sterkenburgh fan LTO Noard. “Wy sjogge dat der by noch folle mear boeren belangstelling is om mei te dwaan. Dat is in goede saak, want op dy wize nimme wy as sektor yndie ús ferantwurdlikheid as it giet om it weromkringen fan hiemôfspieling. Wy wolle graach alle ynteressearre melkfeehâlders de kâns jaan om te profitearjen fan de stimulearringsbydrage.” By it projekt Skjin Hiem, Skjin Wetter ûntfange alle dielnimmers in bydrage fan 1.000 euro fan de provinsje Fryslân.

Entûsjaste dielnimmers
It projekt draait ûnderwilens op folle toeren. In earste groep fan goed sechtich entûsjaste dielnimmers hat al in startbyienkomst bywenne en in yndividuele bedriuwsadvysbesite fan adviseurs hân. Dy adviseurs (sawol út de lânbou as fan it Wetterskip) krije positive reaksjes. “Wy sjogge dat in protte melkfeehâlders al neitocht hawwe oer mooglike oanpassings op it hiem”, fertelt lânbouadviseur Janke Kloosterman. “In teken dat minsken motivearre binne en mei de juste ynstelling meidogge. As wy mei de ûndernimmer de situaasje op it hiem yn kaart brocht ha, regelje wy fuort ek de oanfraach foar de stimulearringsbydrage. Yn prinsipe is foar de melkfeehâlder alles regele as wy fuortgeane.”

Gearwurking
Yn it projekt Skjin Hiem, Skjin Wetter wurkje Wetterskip Fryslân, LTO Noard, Agraryske Jongerein Fryslân (AJF) en it Nederlânske Melkfeehâlders Fakbûn (NMV) mei-inoar gear. De provinsje Fryslân is meifinansierder. De gearwurkjende partners stribje dernei dat yn 2021 de hiemôfspieling yn Fryslân mei tachtich persint minder wurden is. De bedriuwsbesites rinne troch oant ein 2020.

april 3, 2017 18:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*