Nij tydskrift VINYL Magazine

april 22, 2017 18:46 Fernijd

Sûnt freed 21 april leit VINYL Magazine yn ’e winkels. Yn it earste nûmer fan it tydskrift oer finylkultuer is omtinken foar Jett Rebel, Boudewijn de Groot en DJ Sluwe Vos. Mei de groeiende oandacht foar finyl is it tydskrift foar elkenien dy’t fan platen draaien hâldt.

VINYL Magazine giet oer alle sjenres fan rock, pop, jazz en klassyk oant en mei dance. Yn de earste útjefte stean fraachpetearen mei Jett Rebel, ambassadeur fan Record Store Day 2017, Radio 2 DJ Wout van der Goes oer syn Vinyl Friday, de eigner fan platesaak North End yn Haarlim en keapet DJ Sluwe Vos syn favorite platen. Alles stiet yn it teken fan myzyk, platen draaie, audio, prachtige hoezen en it sammeljen fan finyl.

Finyl is yn
Metronieuws skreau earder al dat de merk yn finyl sterk groeit. “By it Haarlimske Record Industry, ien fan de grutste plateparsers op ’e wrâld, waarden yn 2014 5,8 miljoen platen drukt. Ferline jier wiene dat der 9,5 miljoen en dit jier wurdt wer in rekôr boekt mei mear as alve miljoen platen.”

Taastbere dingen
Haadredakteur Joachim Hilhorst is tige grutsk op it tydskrift. “Wy sjogge de belangstelling foar finyl groeien. Yn dit digitale tiidrek is der in grut ferlet oan taastbere dingen. Finyl is net wat fan eartiids, finyl is fan no.”

april 22, 2017 18:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*