It Limburchske ‘ich’ skoot op nei it suden ta

april 19, 2017 20:18

Dwers troch Dútslân, Nederlân en België hinne rint in line dy’t de dialekten dy’t it wurdsje ‘ik’ hawwe skaat fan dialekten mei ‘ich’. Dy saneamde Uerdinger Linie rint troch it noarden fan Nederlânsk Limburch hinne, mar hy skoot dêr op nei it suden ta.

De Limburchske studint Maarten Boots hat foar syn stúdzje Nederlânsk yn Utert ûndersyk dien nei it ferrin fan dy Uerdinger Linie. Hy hat ûntdutsen dat doarpen dêr’t hûndert jier lyn noch ‘ich’ sein waard, no ‘ik’ brûke. Soms binne der noch âldere sprekkers dy’t ‘ich’ sizze. Yn Brabân, dêr’t ek in stik is dêr’t fanâlds ‘ich’ sein waard, is ‘ich’ inkeld noch by âldere sprekkers te hearren. Yn it easten fan Limburch wurdt ‘ich’ no faak net mear as eigen, mar just as Dútsk oanfield.

april 19, 2017 20:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma april 20, 06:14

    De geografysk fêst te pinnen line
    tusken ‘ích’ en ‘ik kin elk nei dit ûndersyk skoan fine.
    De sosjaal-morele line tysken ‘wy’ en ‘dikke ikke’
    kin men út it heilân wei sjoen lykwols taastber rikke –
    mienskip fan ûnderen op, fan Ferwert oan Menaam –
    en skoot ek nei’t súden op – hoe is dat sa kaam?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*