In goed fersteander yn Brabân

april 17, 2017 21:22

Goedfreedtemoarn moast ik skilje mei de Rabobank-Feanwâlden om in bedrach fan in aksje fan skoalbern yn Broeksterwâld/De Falom te stoarten. Ik waard trochskeakele en krige in Marieke van Steen oan de telefoan. Ik stelde my foar as Willem Riemersma út Feanwâlden en ha myn ferhaaltsje yn it Frysk dien. Fansels. Je binne ommers yn ‘eigen hûs’.

Marieke hearde my kreas oan en joech doe yn it Hollânsk mei in Brabânsk aksint antwurd. It bliek, ik wie om’t it Goedfreed wie, sûnder oankundiging automatysk trochskeakele nei de RABO-‘meldsintrale’ yn Tilburch. Marieke begriep alles; kaam net út Fryslân, sei se letter.

Ik haw it hjir mei prokureurs-generaal fan it Ljouwerter Gerjochtshof mei bern by ús oan skoalle wol oars belibbe: “Dat Fries, dat is toch zóóó moeilijk….” “Jawis”, sei ik, wat mear omklaaid as hjir – doe noch jong en 35 jier lyn –: Friezen binne ek bysûnder yntelliginte minsken! Soene it Latyn en Gryksk yn in omsjoch leare kinne (en jo gjin Frysk??? mei jo gymnasium en floeiend Latyn en Grysk? tocht ik der achteroan. En sei dat mar net, op húsbesite, want sit ik aanst net langer oan in bakje kofje yn perslein mei kaakje, mar kom ik op ’e kofje, op syn ‘werkplek’ foar it hekje).

By the way (ek mar ris wat Ingelsk): ik siet in kear yn de biblioteek fan it Amsterdamsk Museum yn in boek ferdjippe. Sprekt my dêr in frommiske in tafel fierder op oan en frege wêr’t ik weikaam. Nei myn beskie seit se: “Friezen zijn zo intelligent, heb ik gelezen, omdat ze veel peulvruchten eten, toch?” Se miende it oprjocht, dat koe ik yn har trouhertige eachopslach wol lêze. Ik ha út Fryske beskiedenheid wat prevele en my mar gau wer ferdjippe yn de skipsbou fan de 17e iuw….

Ik frege Marieke oft ik har namme yn in stikje oer in RABO-meiwurkster yn Tilburch – sûnder gymnasiale, doktorale of sels noch postdoktorale oplieding – neame mocht. Ut respekt foar har respekt foar it rjocht op respekt fan ús mear as respektabele Fryske taal, as Twadde Rykstaal. Dat mocht, sei se.

Oft it Elske DeWall-effekt fan tongersdeitejûne in rol spile hat, ik wit it net. Soe kinne. Allinne mar better sa. En sa net, dan docht it tittel noch jota ôf oan it merkbere, fanselssprekkende respekt fan Brabânske Marieke!

Neitiid moast ik in fraachformulier ynfolje – foar ‘trainingsdoeleinden’– oer de meiwurkster. Se hat fan my op alle punten in 10 krige. Al wiene de RABO-kantoaren fierder ticht op Goedfreed. En binne wy thús it wykein oer oan tsjiverij ûntkommen. Neist it ferhaal fan lijen op Goedfreed ek in opstekker sa. As nofteren, mar balsemjend priuwke fan de Geast fan Peaske!

Willem Riemersma

april 17, 2017 21:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*