Kommoasje om adopsje fertutearze Loerbol kriget sturtsje

april 20, 2017 15:06

Foto: Tresoar

In artikel yn it tydskrift fan de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed late ta kommoasje yn de kulturele sektor yn Den Bosch en op It Amelân. De adopsje dy’t op hannen wie fan it 10.000 kilo swiere keunstwurk de Loerbol fan keunstner Jaap van der Meij troch de gemeente It Amelân giet definityf oer. De gemeente Den Bosch woe de Loerbol oan it Amelân skinke. De gemeente It Amelân hat de gemeente Den Bosch witte litten dochs gjin pleatsingsmooglikheden te sjen foar de Loerbol op it eilân. De ferhuzing wie in inisjatyf fan it projekt Kunst met een Opdracht, dat it keunstwurk by tafal ûntduts by ûndersyk nei it wurk fan Jaap van der Meij.

Joop de Jong, direkteur fan de Amelanner Musea, wie entûsjast om it keunstwurk nei It Amelân te heljen. Yn de jierren sechtich hat Jaap van der Meij in tal keunstwurken foar It Amelân makke, mar troch de jierren hinne is der ek wer it nedige ferdwûn. Sa waard bygelyks in jier of fiif lyn it gebou fan de Burg. Waldaskoalle sloopt, om plak te meitsjen foar in nij gebou. Yn de âlde skoalle wiene in muorremozayk en in muorreskildering fan Jaap van der Meij.

Troch de Loerbol wer in moai plak ta jaan koe It Amelân syn kulturele bân mei Jaap van der Meij wer in bytsje ferbetterje, wie it idee. De kosten fan de ferhuzing wiene foar in part al dutsen, mar de gemeente moast wol tastimming jaan om it keunstwurk in moai plak te jaan. Bygelyks yn it plan foar de nije wegekonstruksje yn Nes, of op it terrein fan ien fan de musea, ek eigendom fan de gemeente. It kolleezje hat – ta grutte spyt fan Joop de Jong – no witte litten definityf gjin pleatsingsmooglikheid te sjen foar it keunstwurk.

De Loerbol – dy’t op it stuit yn minne steat is – is makke foar in útstalling oer beton yn 1973, yn opdracht fan de Earste Nederlânske Semint Yndustry. It keunstwurk stiet yn de tún fan it Cementrum yn Den Bosch, it eardere gebou fan it kennissintrum foar semintyndustry. Bosschenaren woene it keunstwurk hielendal net kwyt. Betonmortelfabrikant Mebin, it Cuypersgenoatskip en oare ynstellings hawwe har ûnderwilens oer de takomst fan de Loerbol bekroade. It liket derop dat de mienskip it keunstwurk wer eare oandwaan wol en behâlde wol yn de tún by it Cementrum.

april 20, 2017 15:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*