Kataloanië set referindum oer ôfskieding troch

april 21, 2017 19:19

Der komt yn oktober in referindum oer de ôfskieding fan Kataloanië. Dat hat de Katalaanske presidint Charles Puigdemont hjoed te witten dien. Hy die dat yn it selskip fan likernôch hûndert Katalaanske pommeranten dy’t iepentlik stribje nei in dieling tusken de regio en de rest fan Spanje.

It referindum is koartlyn troch de heechste Spaanske rjochter ferbean. De oerheid yn Madrid en de grutste Spaanske partij, de Partido Popular, litte al jierren fernimme dat hja tsjin in referindum binne. De sintrale oerheid wol sels mei geweld it ôfskieding keare. Kataloanië lit him lykwols net ôfremje.

Yn 2014 hold de doetiidske Katalaanske presidint Artur Mas in net-binend referindum oer ôfskieding. Doe wie hast de helte fan ‘e Katalanen foar ôfskieding. Sûnt dy tiid binne de spanningen tusken Barcelona en Madrid tige tanommen.

Wikipedia-Mutxamel/Rastrojo

april 21, 2017 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*