Iepen petearen binne goed foar de taalûntwikkeling

april 20, 2017 23:49

Bern leare taal troch te harkjen, mar ek troch te praten. By dat praten makket it in soad út hoe’t in petear ferrint. Op skoallen wurde faak it ferkearde soart petearen fierd. Dat seit taalkundige Carolien Frijns fan ‘e katolike universiteit Leuven.

Frou Frijns hat in jier lang alve learkrêften en 109 beukers folge. Alle beukers hienen Turksk as memmetaal en sieten yn Flaanderen op in Nederlânsktalige skoalle. De ûndersykster seit: “In veel kleuterklassen wordt er non-productief gecommuniceerd. Dat wil zeggen dat de kinderen hooguit gewenste antwoorden moeten geven op duidelijk afgebakende vragen.” Hja leit út dat de bern dêr net folle kreativiteit yn kwyt kinne. It measte leare bern, as se frijút prate meie. Sokke petearen wurde ‘actief-productief’ neamd.

Hoewol’t út de literatuer bekend is dat sokke petearen it bêst binne foar de taalûntjouwing en ûnmisber foar bern mei in oare thústaal, is it ûnderwiis net ynsteld op it fieren derfan. Frou Frijns is mar ien learkrêft tsjinkaam dy’t struktureel tiid ynplende om iepen petearen mei de bern te fieren.

april 20, 2017 23:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*