Hieltyd minder blombollekwekers, mar wol mear tulpen

april 21, 2017 18:00 Fernijd

Foto: Wikipedia/GerardM

It tal blombollekwekers is sûnt it jier 2000 mei fjirtich persint ôfnommen. Foaral kwekers fan titelroazen en gladioalen holden dermei op. Dat docht bliken út nije lânbousifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. Sûnt de ieuwikseling ferdwûnen der goed alvehûndert. Der binne no noch sa’n 1600 bedriuwen oer dy’t blombollen tylje, mar dy binne wol grutter as foarhinne. De grûn dy’t de trochsneed kweker ta syn beskikking hat ferdûbele fan acht nei sechtjin hektare.

Nettsjinsteande it weromrinnen fan it tal bombollekwekers naam de lânbougrûn dy’t ornearre is foar de bolletylt ta. It areaal blombollen groeide mei sechtjin persint nei mear as 26.000 hektare. Dat komt foaral troch de tulp. Op mear as de helte fan de lânbougrûn dy’t ornearre is foar it kweken fan blombollen groeiden ferline jier tulpen. Der wurdt ek hieltyd mear grûn brûkt foar leeljes en hyasinten. De gladioal foel yn ûngenede; hieltyd mear kwekers keazen de ôfrûne sechtjin jier foar it tyljen fan dy blom.

april 21, 2017 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*