Heechste leanen foar it basisûnderwiis

april 21, 2017 19:07


troch Frâns Kuipers


De lêste tiid wurdt in protte skreaun oer ferheging fan salarissen yn it ûnderwiis. Fierder komt de oerdreaune sucht ta kontrolearjen fan de oerheid breedút oan bar. Dy wurdt sjoen as ien fan de oarsaken fan de hege wurkdruk en driigjende burn-outs fan learkrêften. (Yn de sûnenssoarch is dat ek sa.) It ferskil yn swierte fan it omgean mei en lesjaan oan pjutten, jonge bern, pubers en jongelju yn it lbû, mbû, hbû en universiteiten komt oan ’e oarder. Ferskil yn wurdearring foar it wurk fan kollega’s yn it ûnderwiis laat ta ynstjoerde stikken.

Alden, famylje, freonen, mar benammen ek de oerheid, sjogge nei de ‘útstreamkwaliteit’ fan de jongerein. Hoe komme se fan skoalle ôf? Mei hokker startkwaliteiten? Hoe geane of wolle se fierder? Witte se dat? Trochleare? Op hokker skoalle? Foar hokker berop? Koartsein: hoe sjocht harren takomst derút? By dat alles falt net te ûntkennen dat in goed begjin beskiedend is foar it fierdere ferrin fan harren libbenspaad.

Fansels kriget net elkenien by de berte deselde mooglikheden en kânsen mei. Yntellektuele en geastlike fermogens binne lang net altyd gelyk. Komôf – ryk of earm – spilet in grutte rol by de ûntwikkeling nei folwoeksenheid. Dat jildt foar alle minsken. Njonken de opfiedingstaak fan âlden en de sosjaal-pedagogyske opfang en begelieding fan pjutten en jonge bern, is it lesjaan oan bern fan de basisskoalle folle wichtiger as it lesjaan oan learlingen of studinten yn it fuortset ûnderwiis. Sa besjoen is pedagogyske begelieding en lesjaan yn it lbû of mbû ek wer swierder as bygelyks it begelieden en lesjaan as fakdosint oan it heger of universitêr ûnderwiis.

Oarsom tinke en oarsom nei it ûnderwiis sjen is nedich. Bygelyks as it basisûnderwiis in hegere status kriget troch it takennen fan in hegere beleanning as yn it fuortset, heger en universitêr ûnderwiis, dan wurkje de bêste learkrêften – ek dy’t wittenskiplik oplaat binne – tenei yn it basisûnderwiis. In gefolch sil wêze dat de kwaliteit fan alle ûnderwiisynstellingen (fuortset, heger, universitêr) enoarm tanimt. Dat sil te fernimmen wêze oan in better oanslutende ynstream fan de skoalbern yn it ferfolchûnderwiis. Bern en jongerein sille dan folle better witte hokker kant oft se út wolle yn/mei harren libben. Hiel belangryk? Liket my fan wol!

april 21, 2017 19:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma april 21, 20:34

    Mear lean is moai (en tank dat jo it foar masters en juffers as fan net minder – ek finansjele – wearde as leraren en dosinten opnimme – en ek yn it FÛ hawwe ‘opkrikjende’ motiven net minder mandelich west oan oan ynflaasje fan betitelings, al rekkenje ik de ‘titel’ fan ‘skoalmaster’ ta de moaiste en meast Fryske) minder wurkdruk noch moaier, mar gelikense kânsen foar de bern dy’t ús tabetroud binne, dat soe makro-maatskiplik it aldermoasit wêze.

    De Amerikaanske Harvard-prefester foar Public Policy Robert Putnam hat krekt in boek útbrocht mei de allessizzende titel: “Our Kids. The American Dream in Crisis”. Syn ferfolch op de eardere publikaasje “Bowling alone” as eaksje op trochsleine yndividualisearring.

    Oer de struktuereel tanimmende kleau yn de WESTERSKE (!) wrâld tusken takomst en foarútsichten foar bern fan âlders mei jild foar ‘extracurricular activities’ en foar bern fan âlders mei brek oan jild foar soks.
    Dy kleau soarget foar achterstannen yn selsbewustwêzen en sosjale kontakten by bern en letter as (jong)folwoeksenen. Beide krúsjale illeminten yn in ‘moderne’ presintaasje-maatskippij.
    Lytsskealigens is neist jild it stadichoan yn oansetten werkende antwurd fan de takomst op in slim ferline fan sosjale skieding. ‘Nie wieder…” Domela syn geast bliuwt nedich!
    En net allinne yn It Hearrefean.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*