Google Translate sterk ferbettere

april 19, 2017 20:27

In soad minsken brûke Google Translate om teksten yn frjemde talen oer te setten. Dat jout almeast in net al te bêst resultaat. Bytiden is de ‘oersetting’ mar min nei te kommen. Foar ferskate taalpearen is de oersetting no sterk ferbettere. Google hat nammentlik in nije oersetstrategy brûkt. Sinnen wurde net langer yn stikjes oerset, mar as gehiel.

De ferbettere ferzje fan Google Translate is beskikber foar oersettingen út it Ingelsk nei de grutte Europeeske talen, wêrûnder Nederlânsk. Oarsom, dus út Nederlânsk, Frânsk, Dútsk en oare talen wei nei it Ingelsk ta wurket er ek. Foar it Frysk is de nije technyk noch net beskikber en wa’t bygelyks út it Frânsk nei it Nederlânsk ta oersette wol, moat  it ek noch mei de âlde technyk dwaan.

april 19, 2017 20:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*