Gedicht: tsjerkhôf

april 22, 2017 08:26
It ûndersteande gedicht krigen wy tastjoerd nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen.
Wy sjogge út nei mear gedichten en ferhalen, om dy sneons opnimme te kinnen yn de rubryk Ferdivedaasje. Sokke bydragen binne tige wolkom! Redaksje It Nijs

 

Foto: morguefile.com

tsjerkhôf

As wachters,
steane dêr de stiennen.

Guon âld en fersakke,
út in grienens skinend.
De tekst,
hast net mear te lêzen.

Taastbere oantinkens,
oan minsken
dy’t der net mear binne.

Folkje Koster

april 22, 2017 08:26
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma april 22, 15:47

    In stien fan ‘t hert fallen
    mei it ein fan in hert fan stien?
    Of in hoekstien
    dy’t droegen hat?
    It ûnthâld ferfoarmet, kleuret yn en ferifelet lang om let
    en makket feit krekt wat mear ta fiksje.
    Yn ‘t goede of yn ‘t kwea:
    wa’t dêrûnder leit, is nea en nearne alhiel dea…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*