Fryske dei 2017@West-Fryslân

april 8, 2017 12:30 Fernijd

De Jongfryske Mienskip sil op sneon 10 juny nei West-Fryslân ta. West-Fryslân is in regio oarekant de Ofslútdyk. Tsjintwurdich is de regio ûnderdiel fan Noard-Hollân, mar de Fryske identiteit libbet noch altiten as in hert.

Dit jier is it 720 jier lyn dat de West-Fryske Frijheid op wrede wize beëinige waard. Dochs bestiet de West-Fryske identiteit noch hieltyd! Dat is ûnder mear te sjen oan it Westfrysk Genoatskip mei syn dik 2000 leden! De Jongfryske Mienskip wol fiere dat de West-Fryske kultuer noch hieltyd brûst en wol mei it each op de takomst de ynter-Fryske ferbûnens sjen litte. Dat sil dien wurde mei in dúdlik sinjaal.

Yn 1297 wie de ferskriklike Slach by Froanen (mear ynformaasje stiet fierderop). Der ûntbrekt noch hieltyd in monumint foar de tûzenen West-Friezen dy’t yn en nei de slach omkamen. Dêrom wol de Jongfryske Mienskip mei it Westfrysk Genoatskip in alternatyf monumint delsette op in histoarysk belangryk plak. De oanlieding mei dan yn it ferline lizze, mar wy it monumint wurdt makke mei it each op de takomst. Mei de teksten ‘Eala frya fresena’ en ‘Frysk en frij’ (twa tinkplaten dy’t op wjerskanten fan in brêge oanbrocht wurde sille) wurdt sjen litten dat de Friezen hjoed-de-dei noch hieltyd byinoar komme, libje en it Frysk eigene graach útdrage.

De Jongfryske Mienskip wol safolle mooglik Friezen út alle Fryslannen bewege om op 10 juny in wichtich boadskip út te dragen, nammentlik Fryslân reunited! De gearwurking tusken alle Fryslannen is wichtich foar de takomst. Troch allegearre de hannen yninoar te slaan wurdt in lykwichtich en krêftich boadskip jûn. De Jongfryske Mienskip nûget dêrfoar al syn freonen en leden, jong en âld, frou en man, swart en blank, út om der op 10 juny by te wêzen.

De opset is om der in Fryske dei fan te meitsjen, net allinich foar boppesteande aksje, mar ek om yn ’e kunde te kommen mei de befolking/ynwenners fan West-Fryslân en om mei Friezen út de ferskillende Fryslannen yn petear te gean oer harren Fryske identiteit. Ut West-Fryslân, Westlauwersk Fryslân en East-Fryslân binne al ferskate tasizzingen ynkommen om oan de dei diel te nimmen.

De moarns is der in mienskiplik programma, dêr’t it Westfrysk Genoatskip de histoaryske eftergrûn fan de West-Fryske Frijheid yn taljochtsje sil. Dêrnei is der in aksje (it monumint delsette) en de middeis is foar eigen ynfolling (eventueel wol mei oare Friezen).

Praktyske ynformaasje
It ferfier nei West-Fryslân ta is foar eigen rekken. Foar alle dielnimmers biedt de Jongfryske Mienskip de moarns yn ’e ‘Museumboerderij West-Frisia’ kofje en koeke oan. Alle oare kosten foar iten, drinken en eventueel ûnderkommen binne foar eigen rekken. Graach oanmelde op e-mailadres jongfryskemienskip@gmail.com (mei it oantal persoanen).

Mienskiplik programma (moarns)
09:30 Koningspade 31, Heechwâld/Hoogwoud – Untfangst mei kofje
10:00 Koningspade 31, Heechwâld/Hoogwoud – Wolkom troch Chris van Hes (foarsitter Jongfryske Mienskip)
10:45 Berkmeerdijk/Bjirkmardyk GPS : 52.6968571, 4.9178347 – Ferhaal fan Netty Zander (Westfrysk Genoatskip) oer de Westfryske frijheid
11:45 Mûntsewei 16, Alkmar/Munnikenweg 16, Alkmaar – De aksje: Ikebeammen plantsje en alternatyf monumint (twa tinkplaten) oan brêge befêstigje

Middeisprogramma
It programma foar de middei is fakultatyf. Hjirûnder wat mooglikheden:

Kastiel Rêdbâd/ Kasteel Radboud Oudevaartsgat 8 Memlik/Medemblik – www.kasteelradboud.nl
Ofhinklik fan it waar, swimme yn ’e Noardsee (swimklean mei!) – Noardseestrân (Kastrikum/Castricum)
Argeologysintrum ‘Hûs fan Hilde’ (Huis van Hilde) Westerplein 6, Kastrikum/Castricum – huisvanhilde.nl
Kuierje oer de Westfryske Omringdyk Westfryske Omringdyk – www.westfrieseomringdijk.nl
Westfrysk Museum yn Hoarne Roode Steen 1 1621 CV Hoarne/Hoorn – wfm.nl
Tip: It Hûs fan Hilde hat ek in stikmannich bonken út de Slach by Froanen. By it Hûs fan Hilde is in lunsjgelegenheid en it strân is tichtby.

Tiidline fan de West-Fryske Frijheid

  • 28-01-1256: Willem II, Kening fan Hollân (ynklusyf Seelân) wurdt by Heechwâld deaslein.
  • 1274 -1282: Floris V, de soan fan Kening Willem, falt 30 jier letter ferskillende kearen West-Fryslân oan om syn heit op te heljen. Hy bout ek twangboargen en leit bettere diken oan om syn striders te ferfieren.
  • 1287-1288: West-Fryslân hat slim te lijen fan de Sint-Lusiafloed en de Sint-Agathfloed. West-Fryslân stiet foar in grut part ûnder wetter en Floris V makket dêr gebrûk fan en twingt de West-Friezen in ferbûn te sluten.
  • 27-06-1296: Floris V wurdt fermoarde yn Muiden en dêrtroch rûke de West-Friezen harren frijheid en ferbrekke it ferplichte ferbûn dat se slute moasten.
  • 27-03-1297: Under lieding fan Jan fan Renesse wurdt by Froanen besletten om de West-Friezen in les te learen dy’t se net gau ferjitte sille. Sa’n 3500 West-Friezen (manlju, froulju en bern) wurde fermoarde, it doarp Froanen ferbrânt en de minsken dy’t dat oerlibje wurde ferband nei Kodyk/Koedijk.

In romantisearre werjefte fan de West-Fryske Frijheid…
It is 28 jannewaris 1256 en de moanne skynt fûl oer de Bjirkemar ûnder Heechwâld. It is glûpende kâld. Yn dy kjeld lizze West-Friezen yn ’e grutte reidbosken te wachtsjen op de striders fan de wrede kening Willem II, dy’t de opstannige en frije West-Friezen al desennialang besiket op alderhande wizen lytsman te meitsjen. Unferwachts dûke der út ’e dize in stikmannich Hollânske ridders op. De West-Friezen wifelje gjin tel en ûnder it razen fan “Frysk en Frij” stoarmje hja it iis op. De hynders slane mei harren poaten yn ’e loft en naaie út. Ien hynder sakket troch it iis en de ûngelokkige berider wurde fuort de harsens ynslein. De West-Friezen houwe inoarren op it skouder, “dat gong bêst”. Dan, yn it ljocht fan de moanne, sjogge se dat de deade ridder de keningsmantel oan hat. Dêr skrikke de manlju fan. It blykt Kening Willem II te wêzen en hja beslute him te bedobjen yn in boerespultsje bûten Heechwâld. Dat is de oanset fan in hiele rige oarloggen tusken West-Frisia en Hollân (ynklusyf Seelân) oer in perioade fan 50 jier. De genoside by it doarp Froanen betsjutte definityf de ein fan de West-Fryske Frijheid .

 

april 8, 2017 12:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Willem Riemersma april 8, 23:59

    In bysûnder inisjatyf foar betiking fan in oer it ginneraal lang fergetten trageedzje! As bluodrich foarspel op it lykwols yn earsten noch mislearre foarnimmen by Warns yn 1345. Oft der no in masterplan foar wie of net, It risseltaat wie by eintsjebeslút itselde: Hollân waard doe earst mei wapengeweld it begjin fan it lettere Nederlân.
    Te folle werom wolle nei wat west hat, wurdt te folle ferlies fan wat no is. Mar brea-noftere skiednis sûnder ‘invented tradition’ en mei in kultureel nasjonalisme sûnder myte bestiet. Dwers tsjin stadichoan âldfrinzige en úttsjinne neo-marksistyske anti-nasjonale skiedskriuwing yn. As der ien “invented tradition’ bestiet, dan is dat dy fan in yn de kearn op eangsten foar ferskaat oan idintiteiten basearre kultueel-kosmopolityske globalisearring.
    Gjin skieding, mar wol ferskaat. En each foar de feiten, ek dy fan 1297 en wat dêr op folge.
    Sil in bysûnder dei wurde, 10 juny!

  2. A.Kramer april 12, 13:52

    Greve Willem II fan Hollân, wie net allinne kening fan Hollân, mar hy wie saneamd Roomsk Kening. Dat betstjut dat er kandidaat en de ienichste kandidaat wie om ta Keizer fan it Roomske Ryk keazen en kroane te wurden.
    Yn feite is it Midsieuwske Roomske Ryk, it tsjinwurdige Dútslân, mar dêr komt dan Nederlân, De Alpen en Noard-Itaalje noch by.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*