It Frysk yn The Passion

april 15, 2017 23:02

‘In dryste kar’ neamde de Ljouwerter Krante it opnimmen fan twa Fryske lieten yn de útfiering fan The Passion tongersdei yn Ljouwert. Dêr falt oer te redendielen, want beide ferskes ha eartiids de top fan de Nederlânske hitparade berikt. O sa ûnferwachts wie de kar dêrom net en RTL Late Night presintator Humberto Tan foarsei se beide in pear dagen fan te foaren dan ek al. Wie it dan net dryster dat ferteller Remco Veldhuis syn ferhaal ynearsten yn it Frysk útein sette? En letter planút sei dat Jezus wol wist dat in ‘oant moarn’ der net mear yn siet? Fansels fûnen guon it tefolle Frysk en oaren te min, mar yn alle gefallen wie de Fryske taal tige oanwêzich by The Passion yn Ljouwert. En In nije dei en Wêr bisto waarden fenomenaal fertolke troch Elske DeWall, lykas hjirûnder nochris bliken docht.

 

 

april 15, 2017 23:02
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Willem Riemersma april 16, 11:21

    It wie yndie ek foar ús taal in bytsje kimen fan in Nije Dei.
    In antwurd fan ‘us’ Elske (fia memmekant fier famylje ek noch wol) op kritikasters yn it foar.
    Elske Fiderelske helle de koaltsjes út ‘t fjoer!!!

  2. J. Eisma - Dragt april 16, 18:23

    us memmetaal oer it ferhaal fan ús heit. Pikefel ! !

  3. FryskFamke april 19, 11:26

    Hie it net raar west as der dizze kear, de Passion yn Ljouwert, gjin Frysk yn sitten hie? Kompliminten foar Remco Veldhuis, dat klonk lang net gek.

  4. Willem Riemersma april 19, 20:25

    Wis hie dat raar west!
    Mar de koaltsjes moasten grif wol út it fjoer helle wurde.
    Hat Elske dien!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*