Fleanende auto is noch dit jier te bestellen

april 21, 2017 09:48 Fernijd

In oar type fleanende auto (foto: Wikipedia/Matt Brown from London, England)

Letter dit jier is in fleanende, ridende en nei’t sein wurdt miljeufreonlike auto yn it foar te bestellen. Twaëninheal jier lyn presintearre AeroMobil de fleanende auto. It wie in prototype mei de nedige tekoartkommingen. De ôfrûne jierren is mei dy tekoartkommingen ôfrekkene en takom wike ûntbleatet it bedriuw it echte wurk: in fleanende auto dy’t je noch dit jier yn it foar bestelle kinne.

Folsleine auto en folslein fleantúch
De auto – dy’t ek AeroMobil hjit – soe foldwaan oan alle kritearia dy’t op ’e dyk oan auto’s en yn ’e loft oan fleantugen steld wurde. De AeroMobil liket – mei in hybride oandriuwing – ek noch aardich miljeufreonlik te wêzen. “It is in folslein fleantúch en in folslein funksjonearjende auto mei fjouwer tsjillen”, stelt it bedriuw yn in parseberjocht.

Net goedkeap
AeroMobil ûntbleatet de auto takom wike by in eksklusive autoshow yn Monaco. Noch dit jier moat it mooglik wêze om in fleanende auto te bestellen. Binnen in jier of twa, trije ferwachtet it bedriuw de fleanende auto’s leverje te kinnen. Wat de AeroMobil krekt kostje moat, is noch net bekend. Mar je moatte – neffens AeroMobil – tinke oan in bedrach mei fiif nullen.

Mochten je belangstelling ha, ferjit dan net dat je wol de nedige papieren yn ’e bûse ha moatte om de AeroMobil bestjoere te kinnen. Fansels moatte je in rydbewiis ha, mar ek in fleanbrevet is needsaaklik.

Boarne: scientias.nl

april 21, 2017 09:48 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma april 22, 14:34

    Neffens my binne dy der al: fleanende auto’s.
    As ik de wyklikse berjochten oer ferbalisearre autoriders mei 170 en mear yn de oere teminste leauwe moat…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*