Feie Fonyk: flechtlingen?

april 17, 2017 14:08

 

 

Us lân hat yn 1956 it ferdrach oangeande it opnimmen fan flechtlingen ûndertekene. It is in ferdrach dat yn 1951 yn Dublin fêststeld waard ûnder lieding fan de de Feriene Naasjes. Net ien koe yn de jierren fyftich betinke hoe’t dat ferdrach útpakke soe. It wie de tiid dat Friezen in nije takomst besochten op te bouwen yn Kanada, Nij Seelân, Australië en oare emigraasjelannen. Yn de jierren dêrnei wie der yn ferbân mei de opbou fan ús lân grut ferlet fan arbeiders, dy’t yn grutte oantallen helle waarden út de lannen om de Middellânske See hinne, lykas Marokko en Turkije. Dat wiene gjin flechtlingen. It wie by ús in selde ûntjouwing as yn Dútslân en oare Noardwest-Europeeske lannen.

Ik haw grutte bewûndering foar frou Angela Merkel, mar har útspraak “Wir schaffen das” op 30 augustus 2015 wie net handich. Guon ferwite har dat de grutte tastream fan asylsikers dêrnei op gong kaam. Dat is net sa. Dy stream wie der al.

Wy hawwe fan de sechtjinde iuw ôf in soad minsken opnommen yn ús lân, oeral wei, minsken dy’t flechten foar de fuery fan Antwerpen yn 1576 oant en mei de komst fan Molukkers en Surinamers yn de foarige iuw. Wy binne wol wat wend, ek troch de komst fan de saneamde ‘gastarbeiders’ yn de foarige iuw. Dat nimt net wei dat Nederlân, Dútslân, mar ek lannen as Sweden mei harren goede hert net yn steat binne om noch mear ymmigranten op te nimmen sûnder it eigen lân yn grutte problemen te bringen. Dus “Wir schaffen das nicht mehr.” Ommers, it leit der oars by as yn de tiid fan it ferdrach fan Dublin. Sa is der no yn Nederlân brek oan betelle wurk en der is noch altyd, lykas doe, krapte oan betelbere wenningen.

De wal keart it skip.

Wat my yn dizze hiele diskusje net sinniget, dat is it taalgebrûk. Asylsikers, flechtlingen, ymmigranten, wat is de krekte oantsjutting? Ik soe yn alle gefallen kieze foar ymmigranten en net foar flechtlingen. Fansels in part fan de ymmigranten is flechtling, mar dat kin pas bliken dwaan nei ûndersyk. In tal fan de minsken dy’t hjoed-de-dei mei boatsjes oer de Middellânske See besykje om Itaalje te berikken is gjin flechtling yn de eigentlike sin fan it wurd. Europa is dus ek bûn om harren op te nimmen. Guon sille ferwize nei de “skeining fan minskerjochten”. It binne ommers minsken dy’t om de earmoed yn harren eigen lân efter te litten, besykje om in nije takomst op te bouwen yn Europa. Ik haw dêr begryp foar, mar wy kinne harren problemen net oplosse troch se hjirhinne te heljen. Al hielendal net as wy sjogge nei de befolkingsgroei dy’t Afrika noch te wachtsjen stiet yn de kommende tweintich, tritich jier. Se soene yn Afrika ris begjinne kinne mei minder bern te meitsjen en net te flechtsjen foar harren eigen ferantwurdlikheden.

 

 

april 17, 2017 14:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*