Feie Fonyk: adieu François Hollande

april 22, 2017 15:06

 

 

“Vive la république, vive la France, vive la solidarité de l’Etat et la force des collectivités.” Dat wiene de lêste wurden fan de taspraak fan François Hollande op 3 maart 2012 yn Dijon. It wie fyftich dagen foar de presidintsferkiezing fan fiif jier lyn. Foar syn sprekstoel stiene de wurden “le changement est maintenant”, “de feroaring is no.” Ferkiezingstaspraken lykje oeral opinoar, mar yn Frankryk binne se fan hege kwaliteit mei in soad poeha en beloften. Underbrutsen troch applaus spruts Hollande oer de oerwinning fan it heitelân, oer de solidariteit fan de steat en oer de krêft fan gearwurking en oer alle feroaringen dy’t komme soene as hy presidint wurde soe.

En dat waard er op 22 april troch Sarkozy te ferslaan. Hollande is net allinne as politikus in nijsgjirrige man. Ek syn leafdeslibben mei der wêze. By syn earste frou en politika Segolène Royal hat er fjouwer bern. Syn relaasje mei sjoernaliste Valerie Trierweiler kaam yn 2014 ta in ein. It skynt dat der doe al freonskip en mear hie mei aktrise Julie Gayet. It skynt ek dat er jûns let syn scooter pakte om út it Palais de l’Élysée wei nei dy nije leafde te scooterjen. Wy meie dêrom de konklúzje lûke dat it in ûndernimmende man is. Hy is boppedat net ûnnoazel, want François Hollande is in “énarque”, in âld learling fan de l’École nationale de l’administration. Dat is in Grande Ecole, in soartemint fan Frânske universiteit dêr’tst allinne talitten wurdst nei in swier ‘concours’. Dat betsjut bygelyks dat fiifhûndert studinten besykje om talitten te wurden, mar omdat der mar plak is foar de bêste fyftich, falle de oare 450 ôf.

Sizze is neat mar dwaan is in ding.

Mar al binne je noch sa snoad en al falle je goed by de froulju, dat makket je noch net ta in presidint mei sukses. In jier nei dy grutte ferkiezingstaspraak yn Dijon, wie François wer yn Dijon. Hy “veut être en contact direct avec les habitants”, direkt kontakt sykje mei it folk, sis mar. Der wiene tûzenen minsken op strjitte en hy fûstke in soad. Dan hearst ynienen in man skreauwen: “Elles sont ou, les promesses?” mei oare wurden, “Hoe sit it eins mei dy beloften.” De man waard ôffierd troch de plysje.

Sa komme wy by myn konklúzje. Jo kinne as presidintskandidaat wol in soad tasizze, mar it is mei sizzen net te dwaan. Ik skriuw dit saterdeitemoarn 22 april, in dei foar de earste omgong fan de nije Frânske ferkiezingen. François Fillon, Emmanuel Macron, Jean-Luc Mélenchon en Marine le Pen belove gouden bergen, mar it is ôf te wachtsjen hoe’t it der nei fiif jier by stiet. Hollande docht net iens mear mei. Hy hat mei syn Parti Socialiste gjin skyn fan kâns nei alles wat er tasei, mar net wier meitsje koe. Noch in gelok dat de Moslim Broederschap net meidocht. Wa wit, de folgjende kear en wa wit, winne se dan. Michel Houellebecq hat der in tige nijsgjirrich boek oer skreaun Soumission, yn it Nederlânsk oerset as Onderworpen. In oanrierder!

 

 

 

april 22, 2017 15:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*