Fanatike moslim wurdt gûverneur fan Jakarta

april 19, 2017 20:49

De kristlike gûverneur fan Jakarta moat it fjild romje. Basuki Tjahaja Purnama is net op ‘e nij keazen. Syn opfolger is de fanatike moslim Anies Baswedan. Neffens de peiling hat dy 57 persint fan ‘e stimmen helle. De ferkiezing is omstriden, om’t der al in skoft in haatkampanje tsjin Purnama geande is.

Yn de rin fan ‘e kampanje hawwe islamityske geastliken Yndonesyske moslims oproppen om op Baswedan te stimmen. Neffens harren ferbiedt de Koran moslims om op ien fan in oar leauwe te stimmen. Purnama wie fan betinken dat de geastliken de Koran mei dat stimadvys misbrûkten. Hy hie de gek mei harren. Op ‘e sosjale media waard Purnama dêrnei ôfskildere as in anty-islamityske kristen. Hûnderttûzenen moslims giene de dyk op om te protestearjen tsjin syn godslastering en om syn arrestaasje te easkjen. Op godslastering stiet in finzenisstraf fan fiif jier.

Purnama wie foar de opskuor populêr. Hy soarge foar in soad fernijingen en wie iepen oer syn belied. Doe’t de moskeeën har lykwols tsjin him kearden, wie it dien mei syn populariteit. Wat ek net holp, is dat er it etnyske Sinees is. As minderheid hat er ek mei diskriminaasje te krijen.

Baswedan wol yn Jakarta de sjaria ynfiere, de islamityske wet. Hy stie earder bekend as in ridlik man, mar hy hat de ôfrûne tiid benammen stipe socht by radikale moslimorganisaasjes. Hy is ek fan betinken dat moslims net op in net-moslim stimme meie.

Radikale ferzjes fan ‘e islam krije yn Yndonesië de ôfrûne jierren hurd foet oan ‘e grûn. Yn ‘e konservative provinsje Atjeh is yn 2009 de sjaria ynfierd. Froulju moatte dêr bûtendoar in holledoekje drage. Oerhoer wurdt bestraft mei stienniging en homoseksualiteit mei stokslaggen.

april 19, 2017 20:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma april 19, 21:52

    De man is ynearsten Kristen en dêrom ferfolge.
    Syn Sjineeske nasjonaliteit spilet gjin inkelde rol, likemin as de kleur fan syn hier.
    De kleur fan syn Leauwen bekinne, dat wurke as in reade lape op in bolle. Hy is op ‘e hoarnen nommen….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*