‘Eltse wittenskipper moat him soargen meitsje oer Trump’

april 22, 2017 13:09

EPA-haadkertier yn Washington (foto: Wikipedia/Coolcaesar)

Prefester Russell Dickerson en syn tiim fan wittenskippers binne drok dwaande mei it optugen fan in swiere gastank dy’t fol sit mei lucht. De ûndersikers ferbine in lange, tinne slang mei in Cessna propellerfleantúch yn in hangar fan Fort Meade. It tastel is foltroppe mei kompjûterskermen dêr’t grafiken en mjittings op te sjen binne. “Dêrmei mjitte wy al tweintich jier fersmoargjende gassen yn de atmosfear, dy’t bydrage oan smog, oazon en stikstofdiokside. Wy dogge dat yn it gebiet tusken Virginia en New York oan de eastkust”, leit Dickerson út. “Sûnt koart mjitte wy ek broeikasgassen as metaan en koalstofdiokside.”

Letter sneon dogge Dickerson en oare kollega’s fan de Universiteit fan Maryland mei oan in grutte Mars foar de Wittenskip yn Washington DC. De mars yn de Amerikaanske haadstêd is bedoeld as protest tsjin it wittenskipsbelied fan presidint Trump. Of better sein: it ûntbrekken fan wittenskipsbelied. Der is in protte opskuor ûntstien oer in tal maatregels dy’t de presidint naam hat. Ien oere nei’t Trump beëdige wie as presidint, liet er fuortdaliks alle ferwizings nei klimaatferoaring fan federale oerheidswebsiden ôfhelje. Amerikaanske wittenskippers meitsje har dan ek grutte soargen oer de nije man yn it Wite Hûs.

Dy freze is net sûnder grûn. Sa wol Trump fjouwer wittenskiplike misjes fan romtefeartorganisaasje NASA stilsette, dy’t de ierdske atmosfear bestudearje. Hy hat ek ientredde fan it budzjet fan it miljeu-agintskip EPA skrast. De EPA stie ûnder Obama yn de frontline yn it gefjocht tsjin klimaatferoaring. No wurdt it laat troch Scott Pruitt, dy’t krekt as presidint Trump iepenlik twifelet oer it bestean fan klimaatferoaring.

De EPA is krusjaal foar klimaatûndersyk. Wittenskippers út de hiele wrâld binne ôfhinklik fan de ûndersyksdata dy’t it agintskip sammelet en publisearret op syn webside. Der bestiet freze dat Trump al dy data fuorthelje lit. Wittenskippers binne al moannen dwaande de gegevens te kopiearjen nei ûnôfhinklike servers. Dickerson: “Ik betwifelje oft se dy data yndie ferneatigje sille. Mar se kinne de gegevens ek ienfâldichwei net langer online tagonlik meitsje. Dat allinnich al soe in enoarme klap wêze foar de wittenskip.”

It binne net inkeld klimaatûndersikers dy’t noed ha oer presidint Trump. De Nederlânske Anke Schennink is in spesjalist yn genetyske dierkunde fan de Universiteit fan Kalifornië. “Ik tink dat eltse wittenskipper him soargen meitsje moat oer wa’t der no yn it Wite Hûs sit.” Schennink organisearret sneon yn Sacramento in Mars foar de Wittenskip. De maatregels fan Trump soene ek har fakgebiet treffe kinne. “In protte subsydzjes foar diereûndersyk en eins alle ûndersyk komme fan de federale oerheid. Trump makket yn syn begrutting foar 2017 besunigings op de wittenskip bekend. Dat rekket de hiele wittenskip, net inkeld klimaatûndersyk.”

De wittenskippers ha net inkeld noed oer de besunigings. Amerikaanske universiteiten binne tige ôfhinklik fan talint út it bûtenlân. Trump wol in reisferbod ynstelle foar boargers út seis foar it grutste part islamityske lannen. De presidint wol ek in ein meitsje oan it romhertige fisumbelied foar bûtenlânske wurknimmers.

april 22, 2017 13:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*