Dûmnys tenei foar tolve jier oansteld

april 21, 2017 19:05

De Jehannestsjerke fan Burchwert (foto: Wikipedia/ Jurjanhoekman)

As in dûmny beroppen waard, dan wie dat oant no ta almeast foar ûnbeheinde tiid. Dat moat feroarje, is it betinken fan ’e PKN, de koepel fan protestantske tsjerken yn Nederlân. De lanlike synoade wol dat dûmnys flugger fan gemeente wikselje. Nei tolve jier moat in dûmny dan ek dien krije kinne.

Net elkenien is wiis mei it beslút. Synoadelid Martien Pettinga, predikant yn Monnickendam, seit dat er benaud is dat der tenei tefolle omtinken jûn wurdt oan “de houdbaarheid van de predikant”. Hy seit: “Daarmee kan iets dat geen probleem was, toch een probleem worden.”

Oare predikanten binne benaud dat de perioade fan tolve jier tenei in noarm wurdt. Dûmnys soene harren dan twongen fiele om nei dy tolve jier om in oar plak út. Dochs stimde de grutte mearderheid fan ’e 75 bywêzigen foar de wiziging.

Der binne op it stuit sa’n achttjinhûnder predikanten yn Nederlân by de PKN oansletten. Tweintich persint fan harren wurket mear as tolve jier foar deselde gemeente. It gemiddelde is acht jier. Neffens de synoade set sa’n lange arbeidsdoer in rem op fernijing.

april 21, 2017 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*