Dûbelspan út Boazum wint Himmelwikebokaal

april 21, 2017 10:35

Op woansdei 19 april hat wethâlder Bram Bonnema de Himmelwikebokaal útrikt oan de learlingen fan it Dûbelspan yn Boazum. Yn de Himmelwike leare bern hoe skealik swalkôffal is foar mins en miljeu en wat sy der sels tsjin dwaan kinne.

Net folle swalkôffal
Oars giet de beker nei de skoalle dy’t it measte swalkôffal sammele hat, mar dizze kear gie er nei de learlingen dy’t nei ferhâlding it minste ophelle hawwe. De wethâlder hat wiidweidich praat mei de bern oer wêr’t dat oan lizze kin. Hawwe se net goed harren bêst dien? Of is it yn Boazum gewoan hiel skjin en falt der dus hast neat op te romjen? Blykber witte net allinne de learlingen, mar ek alle ynwenners fan Boazum hiel goed dat swalkôffal tige skealik is en is it der opmerklik skjinner as yn de rest fan de gemeente. Om harren dêrfoar te priizgjen, krigen se út hannen fan wethâlder Bonnema de Himmelwikebokaal.

Acht dielnimmende organisaasjes
Begjin april hawwe seis basisskoallen (Boazum, Hilaard, Mantgum, Winsum, Wommels), Doarpsbelang Wiuwert/Britswert en Bewust Grien Easterwierrum meidien oan it Himmelwikeprojekt. De bern giene mei in griper en in jiskepûde de dyk op om safolle mooglik swalkôffal te sammeljen. Yn totaal hawwe alle 375 dielnimmers mar leafst goed 300 kilo swalkôffal ophelle.

Jierlikse aksje
Basisskoallelearlingen út de gemeenten It Bilt, Ferwerderadiel, Frjentsjerteradiel, Harns, It Hearrenfean, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel. Opsterlân, Eaststellingwerf stride alle jierren mei Omrin tsjin swalkôffal. Der diene dit jier yn totaal goed 8000 bern mei oan de Himmelwike.

Mear ynformaasje
Sjoch foar mear ynformaasje op www.himmelwike.nl.

april 21, 2017 10:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*