In drystmoedich selfhelpboek oer sosjale eangsten

april 20, 2017 18:10 Fernijd

Wat bart der:

– as jo op in drok plak omkeutelje mei in stik toiletpapier dat efter út ’e broek hinget?
– as jo by alle tafels fan in restaurant lâns rinne en freegje nei Klaas Hoekstra?
– as jo midden yn Amsterdam oan minsken freegje wêr’t Amsterdam leit?
– as jo by in boekhannel wiidweidich advys freegje oer boeken oangeande kamasutra en orgasmen, en dan de boeken dy’t jo oanret wiene, keapje en se fuortendaliks werombringe?

Freed 21 april komt it boek Laat ze maar denken fan Rob Faltin út  by Boom Utjouwers. Dat sil wêze yn de Nieuwe Buitensociëteit te Swol, op in foarjiersworkshop fan de Vereniging voor Gedragstherapie en Cognitieve Therapie.

Trefwurden oer Rob: Psychoterapeut en sjoernalist, âld-altviolist Keninklik Konsertgebou-orkest, Nyenrode, ek skriuwer fan Plankenkoorts, publykspriis Frysk sjongfestival.

Laat ze maar denken is in praktysk boek foar elkenien dy’t wolris foar in oar tinkt en himsels dêrmei yn ’e wei sit. Basearre op wittenskiplike grûnen, wier de muoite wurdich foar immen dy’t him te drok makket om wat oaren tinke.

Ynsjocheksimplaar: www.boompsychologie.nl/documenten/uitgeverij_boom/9789024405855_laatzemaardenken.pdf

april 20, 2017 18:10 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*