Doarpstsjerke skriuwt publyksliening út

april 21, 2017 16:00 Fernijd

De Stifting Doarpstsjerken Lollum en Waaksens skriuwt publykslieningen út foar de restauraasje en werynrjochting fan de Hubertustsjerke yn Lollum, de eardere herfoarme tsjerke fan it doarp.

Sawol in boukundige restauraasje as in werynrjochting dy’t it tsjerkegebou by de tiid bringt en geskikt makket foar it hjoeddeistich liturgyske en oarsoartige gebrûk binne heechnedich. Elkenien dy’t de tsjerke fan binnen sjoen hat, begrypt dat it sa net langer kin. Foar dat wurk moat yn totaal in bedrach fan € 400.000 op it kleed komme. Dêr is € 341.000 al fan dutsen troch ryks- en provinsjale subsydzjes, partikuliere fûnsen, in foarse bydrage fan de Protestantske Gemeente en jeften en lieningen fan ynwenners fan Lollum en Waaksens. Foar de lêste € 60.000 wurdt no in publyksliening útskreaun. De Stifting Doarpstsjerken biedt in rinte oan fan 2% foar de tiid fan tsien jier. Dêr hopet de stifting in gaadlike mooglikheid mei te bieden foar minsken dy’t in heger rintepersintaazje oer it sparre jild krije wolle as de measte banken op dit stuit biede, en tagelyk it tsjerklik en kultureel erfgoed fan Fryslân in waarm hert tadrage. In bykommend foardiel is, dat it jild fan de liening hielendal ynvestearre wurdt yn in projekt dat de regionale wurkgelegenheid befoarderet.

De Hubertustsjerke te Lollum is fierwei it âldste gebou fan it doarp, en ien fan de net safolle tsjerken út de Romaanske bouperioade dy’t der yn it westen fan Fryslân noch oer binne. Nei de midsiuwen is it gebou hûnderten jierren troch de Herfoarme gemeente brûkt. Tsjintwurdich is it it plak foar de Protestantske Gemeente te Lollum-Waaksens.

Foar ynformaasje en reaksjes: Douwe de Boer: 06-25202988 of ddeboer@deboeraccountant.nl.

april 21, 2017 16:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*