Boere-organisaasje efter striid tsjin aaisykjen

april 1, 2017 08:00

De aksjeklup Faunabeskerming is yn syn jierrenlange striid tsjin it aaisykjen – dy’t ferline jier betearde yn de ein fan dy yngreven Fryske tradysje – stipe troch boere-organisaasje FLTO. Dat docht bliken út bankoerskriuwings dy’t ynsjoen binne troch redaksjemeiwurker Nanne Hoekstra. De oerskriuwings datearje fan begjin dizze iuw oant twa jier lyn en telle op ta in bedrach fan omtrint trijehûnderttûzen euro. Op de oerskriuwings stiet dat it jild earmerke is foar de juridyske prosedueren tsjin it Frysk Fûgelwachtersbûn. De stikken binne útlekt troch it krewearjen fan in eardere FLTO-meiwurkster dy’t anonym bliuwe wol. Meidat hja okkerdeis dien naam, hat se it oanbelangjende part fan de administraasje kopiearre om de klok te lieden oer de kwestje.

Foto: Wikipedia/Rasbak

De klokliedster, dy’t yn de njoggentiger jierren as manager persoanlik belutsen west hat by de ‘deal’ mei de Faunabeskermers, wie ree en jou in eksklusyf fraachpetear oan ús meiwurker.

Wêrom ha jim sa’n diverske set dien? “Wy seagen it ein foarrige iuw op de kop ferkeard kommen mei it fûgelguod. Fan tinken koe men doe wol al ha dat de moderne lânbou net akkordearret mei in fitale greidefûgelpopulaasje. En dat it lânskip nei gychem gean soe. De lânskipspine, om jim nijswurd fan 2016 mar ris te brûken, hie noch gjin namme mar likegoed seagen wy dy tritich jier lyn al oankommen. We hienen der ek al folle earder rebûlje ûnder de Fryske befolking om ferwachte. Benammen omreden fan de troch ús ûnderstelde populariteit fan de greidefûgels seagen wy in grut risiko dat de boeren op in minne namme komme soenen te lizzen. Sadwaande sochten wy om in tongerlieder. De aaisikers liken ús ideaal om de rol fan smjunt fan de boeren oer te nimmen. It is oars net as in begrutlik espeltsje wynhappers mei oanslach sûnder in krom ekonomyske wearde. Mar se potse wol de aaien fan dy earme ljippen. Dat, dy aaisikers wienen ús ideale slachtoffers.”

En de Faunabeskerming woe der wol foar jim efteroan? “Ja. Ha jo jo nea ôffrege wat sa’n klup út de Rânestêd him bekroadet om dy pear ljipaaien te uzes? Wylst de ljippen yn it hiele lân en fier dêrbûten aaien by it soad lizze dy’t net fandele wurde? Dêr sieten wy dus efter.”

Skamje jo jo net? “Fansels al.” De klokliedster wurdt suver muoilik. “It wie út goederbêst. Wy woenen de boeren beskermje.”

Mar jo sizze krekt sels, dat binne de wiere smjirkerts. “Yn de eagen fan de grutte kliber, bedoelde ik. De boeren kinne der neat oan dwaan. Dy binne yn de gloppe fan hieltyd hegere produksje bedarre en dêr komme se net mear út.”

Guon wol, dy sette bygelyks útein mei biologysk buorkjen. “Jo prate der mar maklik oer. Sa’n omskeakeling kostet jierren. Mei ûndertusken de hite azem fan de Boerelienbank yn de nekke. En as jo dan mei in húshâlding troch de tiid moatte. It is wier net sa maklik om fan it bewende kowepaadsje ôf te kommen. Soks moatte jo wol doare. Mar yndied, sokken komme der hieltyd mear.”

Wêrom stipen jim as organisaasje de oergong fan jim boeren nei in duorsumer lânbou dan net? “Om deselde reden. Wy sieten ek fêst yn de ekonomyske rinfuorgen. En noch.”

Wêrom komme jo der no mei nei bûten? “Om’t ik der mei oan bin. Al lang. It begruttet mei ta de teannen út om dy sielen fan aaisikers. Ik lis der nachts fan te skriemen. We hienen ek nea ferwachte dat dy healwizelingen fan de Faunabeskerming it pleit winne soenen. Dat wie ús doel hielendal net. It wie ús allinich mar om de opskuor te rêden. En dat dy natoerfanatisy no noch hieltyd tsjinakselje wylst dy stakkerts fan fûgelwachters allinnich noch mar sýkje om de ljipaaien. Dat raast dochs oan de protters! Ik woe al in jiermannich mei dy Fauna-omkoalen ôfweve, mar ik rêde it net op en krij myn kollega’s op in oare koerts. It dearde my allegearre sa oan, ik koe der net mear fan sliepe. Dat, om dy reden ha ‘k by einbeslút dien naam.”

Lang om let dochs in dappere died. “Tank, al sjoch ik it sels net sa.”

De oanbelangjende partijen wienen oant no ta net foar kommentaar te berikken. Wa wit, feroaret dat mei dizze publikaasje. Hâldt dêrom dizze webside hjoed goed yn de gaten.

april 1, 2017 08:00