Acht mummys ûntdutsen yn Egyptysk grêf

april 20, 2017 09:51

Foto: Wikipedia/Med

Yn in Egyptysk grêf binne acht mummys, ferskate sarkofagen, houten maskers en mear as tûzen oesjabti’s fûn. Archeologen diene de ûntdekking op de westoer fan Luxor. De tombe – dy’t stamt út de achttjinde dynasty – wie oarspronklike fan in ealman dy’t Userhat hjitte. Hy soe as rjochter wurksum west ha. Yn de tiid fan de 21e dynasty waarden noch mear mummys yn it grêf byset. Yn totaal binne der no acht mummys yn it grêf weromfûn.

Byldsjes
Njonken de mummys herberget de tombe ek hiel wat grêfskatten. Sa binne der mear as tûzen oesjabti’s weromfûn. Dat binne byldsjes dy’t de ferstoarne meinaam yn it grêf: sy moasten yn it deaderyk wurk foar de ferstoarne ferrjochtsje. Guon fan de byldsjes binne makke fan hout. Mar der binne ek terrakotta oesjabtys en oesjabtys fan Egyptysk faience weromfûn.

Potten en maskers
Der binne ek fan klaai makke potten yn ferskate foarmen en grutten weromfûn. De archeologen troffen ek houten maskers oan en in tige goed bewarre bleaun en mei ferskate kleuren fersierde houten kiste oan. Mooglik wurde yn it grêf noch mear ûntdekkingen dien. It Ministerearje fan Aldheden lit witte noch hieltyd dwaande te wêzen mei ûndersyk yn ien fan de keamers dy’t de tombe ryk is.

Boarne: scientias.nl

april 20, 2017 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*