Werken Vriend!

maart 23, 2017 15:43

Dat hieltyd mear Friezen wurden út it Hollânsk brûke is in útmakke saak. Benammen de jongerein hearst gauris oer ‘samenwenje’ (yn stee fan tegearre wenje of byinoar wenje), ‘Sjoch dy molen dêr’ (ynstee fan mole/mûne) of ‘dat is net sa slim (ynstee fan tûk of handich) fan dy’. Dochs is der in oar ferskynsel dat ek foarkomt by minsken dy’t o sa geef Frysk prate. Minsken dy’t wól ‘tegearre wenje’ of ‘gearkomste’ brûke. Dat binne de twa wurden ‘werken’ en ‘vriend’. In sin wurdt dan bygelyks sa: ‘ik sil tegearre wenje mei myn vriend.’ En: ‘ik moat moarn werke. De -n oan ‘e ein fan it wurd, wurdt dan faak ynslokt, sadat it dochs noch wat tinken docht oan it Fryske ‘wurkje’.

maart 23, 2017 15:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.