Scrotox: in sloppe sek foar it selsbetrouwen

maart 15, 2017 18:07

In sloppe sek is yn ‘e folksmûle ien dy’t net tefolle selsbetrouwen hat. Yn ‘e Feriene Steaten bestiet lykwols de mooglikheid en lit de sek glêdmeitsje mei in ynjeksje fan ‘e spierferslopper botuline. ‘Scrotox’ wurdt de behanneling dêr neamd. It doel fan ‘e operaasje is dat de sek glêder wurdt. Dat soe moaier wêze en manlju mear selsbetrouwen jaan.

De behanneling wurdt no yn Nederlân ek oanbean. Kosmetysk dokter Robert Schoemacher fertelde dêr fan ‘e wike oer yn it televyzjeprogramma RTL Boulevard. Wa’t slim lijt ûnder syn skronfelich oanhingsel, kin by dokter Schoemacher in glêde sek helje.

Trochdat de spieren yn it ûnderliif slop wurde, sakje de ballen. De sek wurdt dêrtroch útrutsen. Dat makket de hûd glêder. De sek liket boppedat grutter: moai meinommen foar wa’t it eigen skroatum te lyts fynt.

maart 15, 2017 18:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*