In pear Fryske spulregels foar de kabinetsformaasje

maart 17, 2017 15:03

Boarne: Wikipedia

De Nederlânske Twadde Keamerferkiezings binne efter de rêch en de formaasje fan in nij regear wurdt taret. De dielnimmende partijen moatte it iens wurde oer in regearakkoart, dêr’t yn stiet wat it nije regear de kommende fjouwer jier dwaan wol. By it skriuwen fan dat regearakkoart moatte de partijen harren oan ferskate spulregels hâlde.

Foar Fryslân is fan belang dat se neat dogge dat yn striid is mei it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden en it Ramtferdrach Nasjonale minderheden. De foargeande regearen hawwe hieltiten in fodskuorring krigen fan de Ried fan Europa, omdat se te let ferslach útbrochten oer harren prestaasjes en omdat se harren net oan de ferdraggen holden. Hjirûnder stiet fan beide ferdraggen in gearfetting fan de wichtichste kêsten.

Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden

Ferplichtings foar alle erkende lytse talen yn Nederlân:

7.1 De oerheid erkent de talen as utering fan kulturele rykdom, fiert gjin bestoerlike weryndielings troch dy’t neidielich binne foar de lytse talen, stipet de talen, stipet it kontakt tusken sprekkers fan lytse talen, soarget foar ûnderwiis yn de talen, soarget foar kursussen yn de talen, soarget foar wittenskiplik ûndersyk nei de talen, stipet it kontakt mei sprekkers fan de talen yn it bûtenlân.
7.2 De oerheid striidt tsjin diskriminaasje fan sprekkers fan lytse talen.
7.3 De oerheid kweekt yn it hiele lân begryp foar sprekkers fan lytse talen.
7.4 De oerheid behellet de sprekkers fan lytse talen yn it taalbelied.

Ferplichtings foar de Fryske taal:

8.1 Yn Fryslân op pjutteboartersplakken en basisskoallen wurde de lessen foar in grut part yn it Frysk jûn wurde, yn it fuortset ûnderwiis wurdt it Frysk as fak jûn, op hegeskoallen of universiteiten kin it Frysk bestudearre wurde, der wurde kursussen Frysk oanbean, der wurdt lesjûn wurdt yn Fryske skiednis en kultuer, ûnderwizers kinne bylearkursussen Frysk folgje, der is kontrôle op it belied foar it Frysk.
8.2 De oerheid stipet minsken bûten Fryslân dy’t Frysk leare wolle.

9.1 Fertochten yn in Fryske rjochtbank Frysk meie Frysk prate en bewiisstikken meie yn it Frysk wêze.
9.2 Dokuminten meie net ûnjildich ferklearre wurde, allinne mar omdat se yn it Frysk skreaun binne.

10.1 Yn Fryslân meie boargers en de oerheid inoar yn it Frysk oanskriuwe.
10.2 Yn Fryslân meie oerheden it Frysk prate en skriuwe.
10.4 De oerheid soarget foar oersettings fan en nei it Frysk. Amtners meie oanfreegje om yn in Frysktalige gemeente te wurkjen.
10.5 Minsken meie in offisjele Fryske namme oannimme.

11.1 De oerheid soarget foar Frysktalige radio en tillefyzje.
11.2 De oerheid soarget derfoar dat Omrop Fryslân ek foar de Frysktaligen yn Dútslân te folgjen is.

12.1 De oerheid stipet kulturele aktiviteiten yn it Frysk.
12.2 De oerheid stipet Frysktalige aktiviteiten bûten Fryslân, as dêr ferlet fan is.
12.3 De oerheid nimt Frysktalige kultuer op yn syn bûtenlânsk kultuerbelied.

13.1 De oerheid ferbiedt maatregels dy’t it gebrûk fan it Frysk yn kontrakten en oare dokuminten beheint of ferbiedt, de oerheid ferset him tsjin persoanen en organisaasjes dy’t it gebrûk fan it Frysk ûntmoedigje wolle en de oerheid stipet it Frysk as taal foar sosjale en ekonomyske aktiviteiten.
13.2 De oerheid stipet it gebrûk fan it Frysk troch oerheden yn Fryslân by sosjale en ekonomyske aktiviteiten. De oerheid soarget derfoar dat minsken yn soarchynstellingen yn it Frysk ûntfongen en behannele wurde.

14 De oerheid makket ôfspraken mei Dútske oerheden dy’t derfoar soargje dat Frysktaligen yn de twa lannen maklik ûnderfinings op it mêd fan kultuer, ûnderwiis en polityk útwikselje kinne.

Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden

3 Alle Friezen meie sels útmeitsje oft se as Fries behannele wurde wolle. Dy kar mei gjin neidielen opsmite.
4 Diskriminaasje fan Friezen is net tastien.
5 De oerheid stipet alles wat nedich  is om de taal, kultuer, godstsjinst, tradysjes en it kultureel erfskip fan Friezen yn stân te hâlden. De oerheid twingt Friezen net om har oan te passen oan de Nederlânske kultuer. De oerheid beskermet Friezen tsjin oaren dy’t stribje nei assimilaasje fan Friezen oan de Nederlânske kultuer.
6 De oerheid stipet in ynterkulturele dialooch en beskermet elkenien dy’t om syn etnyske, kulturele, talen of godstsjinstige identiteit te krijen hat mei bedriging, diskriminaasje, fijannichheid of geweld.
7 Friezen hawwe it rjocht fan gearkomste, feriening, frije mieningsutering, frijheid fan tinken, fan gewisse en fan godstsjinst.
8 Friezen meie har eigen godstsjinstige organisaasjes oprjochtsje.
9 Friezen meie har miening yn it Frysk uterje. Se hawwe itselde rjocht op gebrûk fan besteande media as oaren en meie sels nije media oprjochtsje.
10 Friezen meie ûnderling altyd Frysk brûke, se meie yn Fryslân it Frysk brûke yn kontakt mei de oerheid en de plysje moat harren by in arrestaasje te wurd stean yn in taal dy’t se fersteane.
11 Alle Friezen meie in offisjele Fryske foar- en efternamme oannimm. Alle Friezen meie yn it iepenbier tekens drage dy’t de Fryske identiteit ta útdrukking bringe. De oerheid soarget derfoar dat Fryske nammen safolle mooglik sichtber makke wurde op plak- en strjitnammebuorden.
12 De oerheid stipet it ûnderwiis yn Fryske taal en kultuer en it ûndersyk dêrnei. De oerheid soarget foar learboeken en opliedings dy’t dat mooglik meitsje en soarget derfoar dat Friezen yn it ûnderwiis net eftersteld wurde.
13 Friezen hawwe it rjocht om sels skoallen op te rjochtsjen.
14 Friezen hawwe it rjocht op ûnderwiis yn it Frysk. Yn Fryslân moatte skoallen foar dat ûnderwiis soargje. Friezen moatte ek Nederlânsk leare.
15 De oerheid soarget derfoar dat Friezen dielnimme oan it kulturele, sosjale en ekonomyske libben.
16 De oerheid nimt gjin maatregels dy’t derta liede dat de befolkingsgearstalling yn Fryslân wizige wurdt en dy’t de rjochten fan de Friezen beheine.
17 Friezen hawwe it rjocht om kontakten te ûnderhâlden mei minsken yn it bûtenlân, benammen mei Friezen yn it bûtenlân. Friezen meie yn binnen- en bûtenlân aktyf wêze by partikuliere organisaasjes.
18 De oerheid makket ôfspraken mei Dútslân oer de beskerming fan de Friezen en stipet gearwurking tusken de Friezen yn de twa buorlannen.

De folsleine tekst fan de ferdraggen is hjir te finen:
Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden (Frysk)
Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden (Nederlânsk)
Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (Nederlânsk)

maart 17, 2017 15:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*