Omrop Fryslân straft ‘krityske’ Geartsje de Vries, Willem de Vries en Gurbe Douwstra

maart 4, 2017 16:49

Omrop Fryslân hat trije bekende meiwurkers bestraft, om’t se iepentlik stipe betsjûge hawwe oan sjongeres Anneke Douma. Dy beklage har der yn febrewaris oer dat de Omrop de ôfrûne tiid minder Frysktalige muzyk op ’e radio hearre lit. Dat skriuwt Pier Abe Santema yn ’e Ljouwerter Krante fan sneon.

Geartsje de Vries fan it radioprogramma Buro de Vries soe fuortendaliks nei in wintersportfakânsje by direkteur Jan Koster roppen wêze en ynearsten thússitte. Hja soe in skoft net oan it wurk meie, om’t se oan frou Douma skreaun hawwe soe dat se it mei dy har krityk iens is.

Radiopresintators Willem ‘Wâldpyk’ de Vries en Gurbe Douwstra hawwe in oantekening yn harren personielsdossier krige, om’t se in kritysk Facebookberjocht fan Anneke Douma ‘liket’ hawwe, skriuwt de Ljouwerter. Santema hat de trije Omrop-meiwurkers om kommentaar frege, mar hja dielden allegear mei dat se gjin kommentaar op ’e kwestje jaan koene.

Santema sitearret in stik út in mail dy’t Omrop-direkteur Jan Koster en haadredakteur Klaas Geert Bakker oan it personiel stjoerd hawwe soene oer de ôfwêzigens fan Geartsje de Vries. Der stiene ferskate opfallende flaters yn it Frysk yn dy mail, dy’t yn ’e krante stik foar stik beljochte wurde. Omrop-direkteur Koster wol neffens de krante net oer de saak prate.

Foar Omrop Fryslân is dit in minne tiid om negatyf yn it nijs te kommen. Mei de takomst fan ’e Omrop wie it de lêste tiid wikkerdewik. De Fryske omroporganisaasje soe twongen wurde om op te gean yn in grutte regionale omrop en dêrtroch syn selsstannigens kwytreitsje.

maart 4, 2017 16:49
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Willem Riemersma maart 4, 19:18

    Is der in yntern gedrachsprotokol oer de ferhâlding tusken profesje en privé, dat dizze maatregel nommen wurde koe?
    Mei de kaai fan de Omrop Koster op de mûle fan wurknimmers? Bûten harren wurk?
    Sil’t wol, oars is it út noch yn net te begripen.
    En as dat al sa is, is it dan yn proporsje ta it negative byld dat hjir foar de Omrop oer fan komme kin?
    Ek mei knoffeljen fan de direksje yn de taal dêr ‘t sy fan libje?
    En wurde der sa doarren op in kier set?
    Ik ha al earder pleite foar helpkosters. Dy’t op de kaai fan Koster passe, yn ‘t jasbûske oan de kapstok.
    Dat in oar der net mei útnaait, lju om utens bg., dy ‘t foar in bakje op direksjenivo komme.
    As De Omrop en wy hjir mar net mei op de kofje komme en ús Omrop net noch op twa fronten ferdigene wurde moat: yn De Haach en yn eigen hûs!
    It lêste soe yn ‘t kwadraat slimmer noch wêze as it earste.

  2. X. maart 5, 21:15

    En sjoernalisten fan de Omrop moatte oare organisaasjes wol kritysk ûnder de loep nimme? En har frij uterje oer misstannen yn Fryslân? Soks past de Omrop perfoarst net.

  3. X. maart 5, 21:17

    Sjoch, dit mei dan wol wer:
    http://www.omropfryslan.nl/sykje/ûnfrede

  4. Jan Brouwer maart 7, 09:31

    It lyket nearne nei wat der bart mei de minsken dy’t harren miening hjearre litte.
    Mar ik bin it mei Anneke Douma iens, der wurd te min fryske musyk draait op Omrop Fryslân.

  5. Carla maart 8, 18:51

    Verwachten wij nog anders van dikkedeuren? Jan Koster was als parkeerwachter vast een goeie geweest.
    Is er geen raad van toezicht? Eentje die zichzelf respecteert en de schandalige ‘maatregelen’ ongedaan durft te maken?

  6. Willem Riemersma maart 12, 07:38

    Yn de LC fan juster stie in artikel oer in mjuks fan betiden Kafkaëske, Orwelliaanske en Stalinistyske OMROP Koster. Mar dan net yn passive, mar yn aktive sin. Net as slachtoffer yn de lytse loege, mar as skerprjochter met de botte bile. Beweart bygelyks en benammen dat Geartsje de Vries bg. ûnhuere, suver eskatalogyske útspraken dien hat oer it muzykbelied fan de Omrop.
    Yn in brief, dy ‘t er wol nei de lêzers neame wol as bewiis fan har misse-died, mar blykber út ‘respekt’ foar ‘privacy’- fan wa eins? – net sitearje doart.
    It docht slim tinken oan Douwes Dekker’s yntrodduksje fan syn “Max Havelaar””oer Barbertje dy ‘t hingje moat.
    Omdat it de yn de LC troch OMROP Koster publyk oan de skandpeal nagele Geartsje de Vries net passe soe om har selsel foar ûnskuldich te hâlden, as je fan eat beskuldige wurde.
    “Zij moet hangen”.
    Iepenbier meitsen fan in beskuldiging, mar sunder bewiisstikken, dat komt del op metoaden dy’t út regimes dy’t gjin woltinkenen den humaan ynsteld minske begeart.
    Ek yn it lyts net. En yn Fryslân al hielendal net.
    In Joads sechje seit, dat wa ‘t in minske rêdt, it minskdom rêdt.
    Wa rêdt hjir Geartsje de Vries en twa fan har kollega’s?
    Wa rêdt hjir wiere kultuer?
    En foaral de Fryske Frijheid?

  7. Willem Riemersma maart 12, 07:41

    Yn de LC fan juster stie in artikel oer in mjuks fan in betiden Kafkaëske, Orwelliaanske en Stalinistyske OMROP Koster. Mar dan net yn passive, mar yn aktive sin. Net as slachtoffer yn de lytse loege, mar as skerprjochter met de botte bile. Beweart bygelyks en benammen dat Geartsje de Vries bg. ûnhuere, suver eskatalogyske útspraken dien hat oer it muzykbelied fan de Omrop.
    Yn in brief, dy ‘t er wol nei de lêzers neame wol as bewiis fan har misse-died, mar blykber út ‘respekt’ foar ‘privacy’- fan wa eins? – net sitearje doart.
    It docht slim tinken oan Douwes Dekker’s yntroduksje fan syn “Max Havelaar”, oer Barbertje dy ‘t hingje moat.
    Omdat it de yn de LC troch OMROP Koster publyk oan de skandpeal nagele Geartsje de Vries net passe soe om har sels foar ûnskuldich te hâlden, as je fan eat beskuldige wurde.
    “Zij moet hangen”.
    Iepenbier meitsjen fan in beskuldiging, mar sunder bewiisstikken, dat komt del op metoaden út regimes dy’t gjin woltinkend en humaan ynsteld minske begeart.
    Ek yn it lyts net. En yn Fryslân al hielendal net.
    In Joads sechje seit, dat wa‘t in minske rêdt, it minskdom rêdt.
    Wa rêdt hjir Geartsje de Vries en twa fan har kollega’s?
    Wa rêdt hjir wiere kultuer?
    En foaral de Fryske Frijheid?

  8. freon fan Omrop Fryslan july 17, 21:09

    Ik bin in freon fan Omrop Fryslan, mar dit fyn ik der fier by troch. Sa kinst net mei krityske sjoernalisten omgean.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.