Katalanen poerlilk om boete foar Katalaansk praten

maart 27, 2017 20:21

De Katalaanske media hawwe it op it stuit allegear oer “de professor dy’t in boete betelje moast, om’t er Katalaansk prate.”

Xavier Casanovas is wiskundige. In healjier lyn woe er op fleanfjild Prat by Barcelona in fleantúch yn. Hy stelde de plysje dy’t syn paspoart sjen woe in fraach. Dat die er yn it Katalaansk. De plysje reagearre dêr tige lilk op. Hy rûn fuort mei it paspoart en bleau sa lang fuort dat Casanovas hast syn fleantúch misse soe. Hy frege doe – yn it Katalaansk – wêr’t de plysje sa lang bleau. Doe krige er te hearren dat it “in kwestje fan respekt” wêze soe dat er mei de plysje yn it Spaansk prate. De wittenskipper frege de plysjes doe om har identifikaasje. Hy kaam te let om syn flecht te heljen.

Fan ’e wike krige Casanovas in boete thús stjoerd. Hy moast 601 euro betelje, omdat er him foar de plysje op it fleanfjild oer misdroegen hawwe soe. Doe hat er de publisiteit socht. Boargers yn Kataloanië hawwe it rjocht om yn kontakten mei de oerheid te kiezen tusken it gebrûk fan Spaansk en Katalaansk. Fan tiid ta tiid binne der lykwols botsings. Meastal ûntsteane dy as boargers Katalaansk prate tsjin leden fan ’e guardia civil, in plysjeôfdieling mei in militêr karakter. Meiwurkers fan ’e guardia civil wurkje almeast net yn de streek dêr’t hja weikomme. Yn Kataloanië moatte hja faak net folle hawwe fan de streek en syn taal.

maart 27, 2017 20:21
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Sybren maart 29, 09:01

    Lokkich praat yn Fryslan de plysje Frysk!

  2. Jan A. Schulp maart 29, 13:31

    Min ûnderfining yn Kataloanje (2002, 1999) is krek oarsom: as jo earst mar útlizze dat do net út Spanje komst, auto de minsten begroeten yn it Katalaansk (lytse muoite) yn it Katalaansk, dan aksepteare de minsken noch krek datsto Kastiliaansk praatst. It kin dus ek yn Kataloanje dúdlik oarsom. Skande….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.