Hoe komt in Bulgaarske sjongeres oan in Fryske flagge?

maart 31, 2017 20:39

In Bulgaarske sjongeres trede ynienen op mei in grutte Fryske flagge. De redakteurs fan Omrop Fryslân kamen der by tafal efter. Op YouTube stiet in fideoklip fan Dzjûlia mei it ferske Za mene kray si. De Omrop skille mei har en frege hoe’t se samar by de Fryske pompeblêden kommen wie.

De sjongeres joech as antwurd: “It wie in idee fan myn stiliste. Doe’t sy foarstelde om dizze flagge te brûken yn myn fideoklip, gie ik fuort akkoart. Foaral omdat ik de flagge hiel moai fûn, fanwege de kleuren. Ik tocht earst dat it in sjaal wie yn stee fan in flagge. Myn stiliste hie him krigen fan har freon út Nederlân, mar ik wist net dat it de flagge fan Fryslân wie.”

Om’t Dzjûlia net oan tafal leaut, tinkt se dat se Fryslân no ek ris yn it echt sjen moat.

Hjirûnder is de fideoklip te sjen:

maart 31, 2017 20:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.