It belang fan Fryslân

maart 6, 2017 12:32

Yn de Ljouwerter Krante fan sneon 4 maart stiet in wiidweidich eftergrûnartikel fan Atze Jan de Vries oer it belang fan Fryslân foar de nasjonale oerheid. Wat heger dat belang, wat mear omtinken út De Haach foar wat der yn Fryslân spilet. It antwurd op de fraach hoe wichtich oft Fryslân foar de lanlike polityk is, wurdt beäntwurde oan ’e hân fan petearen mei in tal minsken (meast âld-politisy) dy’t it Haachske goed kenne of kend hawwe. It giet om Lutz Jacobi (PvdA), Jan Ploeg (CDA), Piet Adema (CU) en Jan Eisinga (âld-lobbyist).

Belangen
Neffens de saakkundigen kin it bêste sjoen wurde nei belangen dy’t troch de lanlike oerheid sjoen wurde as lanlike belangen. Dan docht bliken, de rol fan Fryslân is beheind. Utgeand fan sifers wurdt dat byld min of mear befêstige. Yn Fryslân wennet 4% fan de befolking fan Nederlân en fan alle wurkplakken yn Nederlân is 3,3% yn Fryslân te finen. Dêr komt noch by dat ien tredde fan dy banen yn de publike of semypublike sektor sit.

Dochs hat Fryslân de nedige troeven yn ’e hân. Yn it foarste plak is dêr it belang fan Wetsus en wettertechnology. Beskikberheid fan skjin wetter is essinsjeel foar it minskdom. It belang giet de lanlike grinzen oer. Fansels stiet it ynternasjonaal op de kaart. Om in idee te jaan, it entûsjasme foar wettertechnology wurdt ferlike mei it hjoeddeistich entûsjasme foar Brainport Eindhoven.

De Fryske taal soe ek mear útspile wurde kinne. De lanlike oerheid hat him ynternasjonaal kommittearre oan it stypjen fan de Fryske taal. Goed ûnderwiis yn de Fryske taal kin soargje foar wurkgelegenheid. Boppedat is der troch tûke ûndernimmers oan te fertsjinjen.

Leeuwarden–Fryslân 2018 (Kulturele Haadstêd) wurdt ek neamd. It belang dêrfan foar Nederlân stiet bûten kiif en moat troch de lanlike oerheid as sadanich werkend (en erkend!) wurde. It spilet fansels wol yn 2018 en it effekt dêrfan sil gau wei-ebje.

Agri & Food is in oare grutte sektor yn Fryslân. It belang foar Nederlân is dúdlik, mar dêr komt Fryslân net mei boppe oare provinsjes út.

Profyl
Troch it ûntbrekken fan ien of twa grutte belangen (lykas bygelyks gaswinning yn Grinslân fan grut belang is foar it hiele lân) hat Fryslân ek net echt in dúdlik profyl yn De Haach. As it frege wurdt, sil it foar lanlike politisy lestich te beneamen wêzen wêr’t Fryslân foar stiet. Dochs ropt Fryslân altyd in beskate sjarme op as der oer de provinsje praat wurdt. Sa’t ien fan de saakkundigen seit: wy hawwe wat yn ’e hân dat wy noch net tsjutte kinne en dus net fersulverje kinne.

Wêr’t de provinsje fierder om bekend stiet: wetter, lânskip, natuer, de eilannen, de Alve stêden, Fryske sporten, romte, it skjin miljeu, it potinsjeel oan wurknimmers en yn syn algemienens ‘quality of life’.

Dream
It ûntbrekt ús yn Fryslân oan wat ek wol ‘the Frisian Dream’ neamd wurdt. Mei-inoar binne wy, as Friezen, net by steat te beneamen, dêr’t wy foar stean, of wat wy berikke wolle soene. Miskien kin ûndersyk in andert jaan op dizze fraach, likegoed as op it punt oer itjinge wy yn ‘e hân hawwe en noch net tsjutte kinne.

Takomst
As ien fan de noch te ûntwikkeljen belangen de rappe ferbining tusken de Rânestêd en Noardeast-Europa neamd. Mei syn ôftakkingen kin it Noarden dêrfan profitearje. Hokker foarm dy ferbining krije moat, stiet iepen foar diskusje, mar neffens de saakkundigen hat it earder ôfsizzen fan plannen op dat mêd gjin goede saak west.
Opmerklik genôch is dat net ien fan de saakkundigen dy’t de Ofslútdyk yn dat ferbân neamd hat. Dêr steane de kommende jierren nijsgjirrige ûntwikkelingen op steapel as it giet om behear fan natuer, beskerming tsjin it wetter en it winnen fan enerzjy.

Lobbye  
It bliuwt fan belang om Fryslân op ’e kaart te setten troch te netwurkjen en te lobbyen. Dat hat twa doelen. Oan de iene kant kinne takomstige ûntwikkelingen goed útpakke foar Fryslân. Oan de oare kant hoedzje wy ús sa foar ûnferwachte feroaringen fan belied, meast te’n koste fan wurkgelegenheid en autonomy.

De saakkundigen binne it deroer iens dat Fryslân, wat it lêste oanbelanget, in treflike troef yn hannen hat: de nije kommissaris fan de Kening Arno Brok.

 

maart 6, 2017 12:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*