Ynteraktive toanielmiddei yn Wergea

febrewaris 4, 2017 07:43

Yn gearwurking mei de Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) organisearret de Wergeaster toanielferiening Halbertsma op sneon 18 febrewaris in ynteraktive toanielmiddei. It doel is om mei-inoar in petear oan te gean oer toaniel, om faninoar te learen en inoar te entûsjasmearjen. Der sil in foarpriuwke jûn wurde fan ‘Ik haw in Dream’, in musical. Dat is it stik dêr’t Halbertsma syn 145-jierrich bestean mei fiert. De feriening komt yn in lustrumjier altyd mei in spektakelstik. Lykas tsien jier lyn mei ‘Ja suster, nee suster’  en fiif jier lyn mei ‘Moulin Rouge’ is it lustrumstik fan dit jier ek wer ien mei in soad sang en dûns. Theo Smedes hat, lykas fiif jier lyn de rezjy.

Yn ‘Ik haw in Dream’ foarmje de ferskes fan ABBA de grûnslach. It ferhaal spilet him ôf op in Gryksk eilân, dêr’t in frijgeselle Amerikaanske frou, in hotel hat. Har dochter – dy’t net wit wa’t har heit is – stiet op it punt om te trouwen. Foar dat feest hat se twa hertsfreondinnen útnûge en, sûnder dat har mem it wit, ek trije eardere freonen fan har mem. Ien fan dy manlju kin har heit wêze. Mar wa? Mear ynformaasje is te finen op www.ikhawindream.frl.

Oan ’e hân fan dat stik sille op de ynteraktive middei ûnderfiningen dield wurde om mei ferskate oanbelangjende partijen yn petear te kommen. Fan spilers oant PR, fan technyk oant kapwurk, fan alle subkommisjes sille meiwurkers oanwêzich wêze. Oan ’e ein fan de middei is der foar de by STAF oansletten toanielferieningen de mooglikheid om mei koarting (maksimaal fjouwer) kaarten te keapjen foar de foarstelling (€10,– it stik). ‘Ik haw in Dream’ wurdt útfierd op 24 en 25 febrewaris, 3, 4, 10 en 11 maart om 20.00 oere yn de Bidler te Wergea.

De ynteraktive middei fan 18 febrewaris is fan 15.00 oant 17.00 oere, ek yn de Bidler. De tagong fergees. Opjaan fia halbertsmawergea@hotmail.com.

 

febrewaris 4, 2017 07:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.