“Wurdblinens komt troch min ûnderwiis”

febrewaris 9, 2017 20:30

Wurdblinens of dysleksy is in goarre yn Nederlân. 8 persint fan ’e Nederlânske bern hat in dysleksyferklearring. Safolle bern mei in lêssteuring, dat kin net, is it betinken fan trije heechleararen. Hja wite de lêsproblemen fan ’e bern oan min ûnderwiis.

Anna Bosman fan ’e Radbouduniversiteit yn Nimwegen is saakkundige op it mêd fan wurdblinens. Hja hat tsien jier lang stúdzje makke fan it fenomeen en komt ta de konklúzje: “Er wordt gewoon te weinig geoefend. Kinderen moeten de spellingregels goed in hun hoofd hebben. Bijvoorbeeld dat een g-klank voor een ‘t’ vrijwel altijd een ‘ch’ is en geen ‘g’.” Hja pleitet derfoar om folle mear te stampen, lykas mei de tafels fan fermannichfâldiging, en om alle dagen in diktee te jaan. Dat in soad bern langer muoite mei rekkenjen hawwe, hat neffens har deselde oarsaak. By in eksperimint mei in yntinsive rekkentrening fan seis wike gie de rekkenfeardichheid fan fyftich learlingen omheech nei in nivo dat se op in gewoane skoalle pas nei oardel jier helle hawwe soene.

De ûndersikers Kees Vernooy en Ben Maassen stypje de oanrekommandaasjes fan frou Bosman. Hja freegje harren ôf oft dysleksy wol echt bestiet. Neffens Vernooy is stampen en oefenjen út ’e moade en wolle skoallen dêrom net hearre dat se it ûnderwiis ferkeard oanpakke. Maassen seit: “De praktijk is nu dat kinderen met dyslexie minder hoeven te lezen en te spellen, terwijl ze juist méér moeten oefenen.”

De PO-Rie, dy’t noed stiet foar it belang fan basisskoallen, seit dat it de muoite wurdich is om oer it ûnderwerp te praten, mar dat it te fier giet om te sizzen dat it dysleksyprobleem foar in part feroarsake wurdt troch min ûnderwiis.

febrewaris 9, 2017 20:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma febrewaris 9, 23:20

    Sa kin’t wol wer, al yn febrewaris mei in nije Swarte Pyt diskusje. Ek noch út heechgelearde mûle en pinne. As dat nivo fan ûnderwiis betiden al gjin nivo mear hat, dan komt it op de skouderkes fan masters en juffen, foaral juffen hjoed-de-dei, yn skoalle del en oan.
    Ik bin ynnerlik sa’n prater treast, like goed as in diplomatyk skytskoarjende PO-Rie.
    Wy foar de klasse rêde it dêr wol sûnder.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.