Twiveljende Twilling yt Twibakken by Twiljocht

febrewaris 8, 2017 12:40

Neist de wurden twabak (‘beschuit’, twa kear bakt) en twaling (twa dy’t út deselde dracht berne binne) besteane ek de foarmen twibak en twilling. Twi is itselde as twa en bestie al yn it Aldfrysk.
Yn twiljocht (dûbeld ljocht, binnendoar de kombinaasje fan keunstljocht en deiljocht, skimerljocht.  twilight yn it Ingelsk) komme wy ‘twi-‘ ek tsjin.
It Grinslânsk hat twijdonker en twijduuster. Neffens it Nieuw Groninger Woordenboek is der noch in hiel oare etymologyske ferklearring foar dat twij. Twijduuster en twijlichteg soe net komme fan twij = twee, mar fan it Aldsaksyske tweho = twivel. Dat is wol in moai idee: twivel tusken ljocht en tsjuster, mar ek it elemint ‘twi-‘ yn twivel is gewoan ‘twa’: net witte hokker fan ‘e twa mooglikheden men kieze moat.

febrewaris 8, 2017 12:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan Hiemstra febrewaris 8, 14:30

    Twivelje de Grinslanners dan ek by in twilling? En wêroan dan? Oft it wol in twilling is? Of net witte oft it om de iene of om de oare giet?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.