Te moai om wei? (2)

febrewaris 1, 2017 13:05

‘In hean frommeske’. Wêr tinkst dan oan, wat is der mei sa’n persoan? Soe se kreas wêze, of leaf, of ferfelend? Hean is ien fan dy wurden dy’t stadichoan ferdwûn binne út de Fryske omgongstaal. It betsjut ‘net tierich, meager, spjochtich’, meast sein fan minsken of bisten, mar ek wol fan lân dat skriel, ûnfruchtber is. In moai gebrûk fan hean fine wy yn dit sitaat fan Steven de Jong (De Wuttelhaven del): ‘do moatst al ite, oars bliuwst mar sa’n hean prikje.’ Hean kin ek wêze ‘krap, nauslutend’: in hean jaske is in te krap jaske.

Wat moatte wy mei sa’n wurd as ‘hean’: stil weiwurde litte of is it te moai om wei?

febrewaris 1, 2017 13:05
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Bakker febrewaris 1, 15:34

    Brûke fansels!! In taal wer ta libben roppe kin allinnich ast de wurden wer learst, brûkst en ek skriuwst. Dus tenei sit ik net mear ‘krap’ yn ‘e klean, mar ‘hean yn ‘e klean’, en dat heart ek noch moaier want it rimet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.