Sint-Piter

febrewaris 15, 2017 10:10

Sint-Pitersdei

Dan grienet de wei

Dan bakt mem stro

Dan keallet de ko,

Dan leit de hin

Dan hat de húsman it nei syn sin.

Dit ferske wurdt noch hieltyd troch Grouster bern songen yn de tiid om Sint Piter hinne en – fansels – by de yntocht. Nijsgjirrich, want wat stiet der eins? ‘Dan grienet de wei’ slacht op it griener wurden fan de dyk, dy’t eartiids faak net ferhurde wie. Stro referearret oan pankoeken. De húsman stiet synonym oan it wurd ‘boer’. Yn it algemien giet it dus om de maitiid dy’t der oankomt, alles wurdt griener, de hinnen begjinne wer te lizzen en de ko kriget kealtsjes. De lêste twa jier wie it op 21 febrewaris lykwols noch net sa maitiidseftich en frear it earder. Kin it sa wêze dat, nettsjinsteande de opwaarming fan de ierde, eartiids de maitiid dochs earder kaam?

febrewaris 15, 2017 10:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.