Hindrik van der Meer “Freon fan Gysbert foar it libben”
Resint ferskynd
Yn syn bestjoersgearkomste fan tiisdei 14 febrewaris hat de Gysbert Japicx Holckema Stichting ôfskied nommen fan de grûnlizzer fan It Gysbert Japicxhûs en -museum. Hindrik van der Meer wie fan it begjin ôf belutsen by de aktiviteiten sa’t dy hjoeddeis yn en troch It Gysbert Japicxhûs organisearre wurde.
Yn 1992 waard Van der Meer troch it gemeentebestjoer fan Boalsert frege om útein te setten mei in Ambassade foar it Frysk yn it bertehûs fan Gysbert Japicx. It gemeentebestjoer wie eigener wurden fan dat hûs en socht nei in ynfolling dy’t rjochtdwaan soe oan it karakter fan it hûs.
Van der Meer en syn frou waarden troch it folsleine bestjoer yn it sintsje set. Dúdlik waard dat Van der Meer yn himsels ek foar alles in Ambassadeur is foar it Frysk. Hy woe en wol noch hieltyd de minsken mear belûke by wat se hawwe en dan giet it benammen oer de Fryske taal en kultuer. Van der Meer siket hieltyd nei ferbining. “Minsken moatte respekt hawwe foar harren memmetaal, mar ek foar oare talen. Dat respekt foar elkoars talen jout ferbining.” Yn alle wurk dat er yn ’e rin fan ’e jierren foar It Gysbert Japicxhûs en foar de Fryske taal dien hat, socht er dan ek nei wat de minsken ferbûn.
Van der Meer waard troch it bestjoer beneamd ta Freon fan Gysbert foar it libben en krige út hannen fan foarsitter Vroegindeweij foar dat heuchlik feit in beskildere Warkums board.
It Gysbert Japicxhûs is noch altyd in Ambassade foar it Frysk. Jo kinne dêr terjochte foar oersettingen nei it Frysk en foar Fryske produkten. Jo kinne it museum besykje en sa it bertehûs fan Gysbert Japicx besjen. Mar it Gysbert Japicxhûs organisearret elts jier ek tal fan projekten om de Fryske taal te befoarderjen. Foar in grut part rjochtsje dy harren op de bern en de jongerein om’t it behâld fan it Frysk begjint mei edukaasje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje