Frysktalige Wikipedia en autisme!

febrewaris 18, 2017 10:27

Understeand skriuwen kin ik net kwyt op it plak dêr’t it thúsheart. Dochs bin ik fan miening dat by de Wikipedy sa stadichoan in misstân hearsket en dat it tiid wurdt om dy nei bûten te bringen. By de Wikipedy wurdt in soad mei skûlnammen wurke en om’t it my perfoarst net om de persoanen mar har hâlden en dragen op dy Wiky giet, brûk ik dy skûlnammen hjir ek.

Sûnt 2004 wurkje ik ûnder de skûlnamme ‘Yn ’e Wâlden’ mei oan de Frysktalige Wikipedia. Fansels hawwe jo mei dy frijfochten ynternetjonges en -famkes wolris in bonkje, mar al mei al giet soks hiel aardich. Oant de staveringsoanpassings fan de Fryske Akedemy, jo witte wol dy /oe’s/ dy’t /û’s/ wurde moasten en oarsom. No wiene der op dat stuit twa moderatoaren dy’t lokkigerwize ek ûnder skûlnamme wurkje, dat ik fiel my hjir frij om de ko by de hoarnen te pakken. Doe’t ik útstelde om de staveringsoanpassings yntegraal troch te fieren, skeat ien fan de twa, Ieneach fan ’e Esk – hy is sljocht fan yndianen – yn ’e stress en de oare, Drewes, hold him moai tuike tuike. Jo kinne as jo wolle dy hiele ‘soap’ op de oerlissiden mei dyselde nammen neilêze.

In jier letter haw ik ien en oar nochris oppere en doe kaam der skot yn ’e saak. Der kaam sa’n robot by. Immen dy’t mei in spesjaal programma standertflaters derút helje en dêrmei it wurk ta ridlike proporsjes werom bringe kin. Dat al mei al wie doe dy komplete staveringsoanpassing binnen in healjier beslikke. Mei geduld twa saken wûn: 1. de Wiky by de tiid en 2. de Frysktalige Wiky beskikt no oer in robot.

Mar ik hie geandewei wol in fijân makke. Dy Ieneach hie melden dat er autistysk wie en dêrom gjin staveringsferoarings nedich fûn/oan koe. Om him wat temjitte te kommen, haw ik skreaun “dat de measten fan ús wol in rêchpûdsje hawwe”, mar de fijânskip wie der en soe net wer fuortgean. Om’t Ieneach ek o sa graach behearder boartsje mei en dy Drewes him eins altiten de hân boppe de holle hâldt, fûn ús Ieneach dat de Wâldman it net nei syn sin die en sleat him foar in healjier fan de Wiky út. Bêst genôch, as jo net autistysk binne kinne jo sa’n healjier mei gemak oerlibje.

In healjier fierder:

Om no rêstich oan it Wikyprojekt wurkje te kinnen, hie ik in list betocht. Op de oerlisside fan Ieneach haw ik de folgjende tekst set.
Om strideraasje mei jo foar te kommen, haw ik besletten de earste jierren gjin direkte fraach fan jo te beänderjen en omkeard ek gjin direkte fraach oan jo te stellen.Yn ‘e Wâlden (oerlis) 13 feb 2017, 09.03 (CET)

Dêrop folge in dei mei preek- en eamelstikken fan him op myn oerlisside en haw ik in kopy fan dy meidieling jûns ek noch mar ris op myn oerlisside set. Men hopet dat soks stadichoan trochkringe sil.
Yn ‘e Wâlden (oerlis) 13 feb 2017, 09.03 (CET) Om strideraasje mei jo foar te kommen, haw ik besletten de earste jierren gjin direkte fraach fan jo te beänderjen en omkeard ek gjin direkte fraach oan jo te stellen.

Yntusken hie ús Ieneach in hiele rige foarskriften foar my betocht – njonken dy fan myn Wiky-akkount – dêr’t ik my wat him oanbelange oan te hâlden hie. Fansels koe ik dêr net mei ynstimme. En soks hat ek grif de bedoeling fan him west. Mei de ûndersteande tekst haw ik oanjûn hoe’t ik oer ien en oar tocht. (Boppedat lei er sels yn syn bydrage in heldere link tusken autisme en syn oandwaning.)
Wy learden thús dat Friezen allinne foar God knibbelje. As meiwurker fan it earste oanbegjin fan dizze Wiky bin ik ree my oan de regels fan de Wiky te hâlden. Net minder, mar wier ek net oan mear as in oar. Foar my is no de diskusje sletten!!! Yn ‘e Wâlden (oerlis) 13 feb 2017, 16.02 (CET)

As jo no tinke dat it gepreek/geëamel dêrmei ophold, dan hawwe jo it mis. En doe haw ik by eintsjebeslút de tekst in bytsje oanskerpe. Lokkigerwize hie er sels dy middeis syn oandwaning oan it autisme linke.
Yn myn bydrage op de oerlisside fan Ieneach – Yn ‘e Wâlden (oerlis) 13 feb 2017, 09.03 (CET) – en deselde jûns herhelle op dizze oerlisside, haw ik oanjûn dat ik alle direkte kommunikaasje mei him ferbriek/ferbrek! Hy moat syn oandwaning/sykte fierder mar op oaren projektearje! Yn ‘e Wâlden (oerlis) 14 feb 2017, 09.00 (CET)

Bin ik doe yn syn fûke swommen? Ik wist dochs dat er my wer op ’e nij útslute woe. Fansels net, op in stuit is men der klear mei. Dat de earste moanne gjin bydragen fan Yn ’e Wâlden.

Bin ik no in aardige kloklieder? Dat aardich moatte jo mar sa gau mooglik ferjitte, ik bin wend om dingen by namme te neamen en kloklieder is te folle eare. Mar der moat by de Frysktalige Wikipedia oangeande it behear wol wat feroarje. In autistyske behearder – hy wurket somtiden 16 oere de dei oan de Wiky en hat no al redirects ieu/iuw oant it jier 3.000 klear makke – en in sloppeling dy’t de eagen slút foar it eigentlike probleem, kinne dit prachtige projekt net nei de takomst liede. Moat dy autistyske behearder dan ferdwine? Fansels net, mar of hy moat minsken om him hinne krije – in soarte fan redaksje – dy’t wat bestekliker besluten nimme, of hy kin net troch as moderator/behearder. It sil jo dúdlik wêze dat ik net yn dy ‘redaksje’ sitte wol.

De Frysktalige Wikipedia is wier in te wichtich projekt om troch wanbestjoer nei gychem gean te litten.

17 febrewaris 2017
Yn ’e Wâlden

Namme en adres fan de ynstjoerder binne by de redaksje bekend.
febrewaris 18, 2017 10:27
Skriuw in reaksje

90 opmerkingen

  1. Eddy Drost febrewaris 18, 16:10

    Yn ‘e Wâlden?

    Jo ‘dingen by de nammen neame?’ Ik soe sizze begjin dan ris mei jo eigen namme.

  2. Drewes febrewaris 18, 17:15

    It giet oan.

    1. De staveringskwestje is al lang út de wei nei oerlis mei it taalburo fan Fryske Akademy, ek al noaske ús in tal saken net.
    2. Ieneach leveret, yn die in hiele soad, treflike artikels, is behearder, mar hat it perfoarst net allinne foar it sizzen op Wikipedy.
    3. Ieneacht hat yn betrouwen sein dat er in mylde foarm fan it Syndroom fan Asperger hat. Utsein Yn’e Wâlden hat nimmen fan de aktive meidoggers ea krityk utere op syn funksjonearjen as behearder. It ferwizen nei syn ‘autisme’ is dêrom ûnrjochtlik en kwetsend foar dizze meidogger en ik fyn it ek pynlik.
    4. Konfliktbehearsing is nedich op in lytse Wikipedy mei mar in hantsjefol aktive meidoggers. Ek ik bin it net altyd iens mei Ieneach en oare meidoggers, mar wy dogge wat wetter by de wyn en komme der sa wol út. Yn it ferline hat Yn’e Wâlden my konfliktmijend neamd en no bin ik neffens him in ‘sloppeling’ en in ‘ja-knikker’. Soe dat wêze om’t ik him sin sin net jou? (ik sitearje him fan in stikje op de Nederlânsktalige Wikipedy dêr’t it oars net thúsheart).
    5.Ik bin dêrom fan doel om Yn’e Wâlden foar altyd út te sluten.

    De Frysktalige Wikipedia is wier in moai en wichtich projekt!

    Fiel jim frij en doch mei!!

    Drewes.

  3. Yn 'e Wâlden febrewaris 19, 11:39

    Ik tink nea yn termen fan útsluten, dat is my te maklik. Mar as men sa’n stalke(r) op ‘e hakken kriget, dan stiet men mei omkearde hannen.

    En dan soe it om in mylde foarm fan autisme gean…

  4. Wikier febrewaris 21, 12:16

    Dreech foar de persoan mar like dreech foar syn ûmgeving. Jammer foar it projekt.

  5. Drewes febrewaris 21, 20:53

    Wikier, wat is jo meidoggersnamme?

  6. Wikier febrewaris 22, 09:56

    En dan bin ik de folgende dy’t gedonder krijt… ?
    Lit my mar mei rêst!

  7. Tsj. Sytstra febrewaris 22, 14:52

    As men soks lêst en nochris de oerlissiden fan dy trije bylâns giet, dan freegje ik my ôf oft net de ferkearde tebekset wurdt.

    Sa’n redaksje soe in minlike oplossing foar it ‘probleem’ wêze kinne,

  8. Yn 'e Wâlden febrewaris 23, 10:34

    Sa’t Ieneach my ta syn fijân keazen hie/hat, waard behearder Drewes ta freon makke. Yn it ferline haw ik Drewes regelmjittich (ymplisyt) wiisd op syn ‘ynfloed’. Wylst hy Ieneach NO yn ‘e stringen hâldt, hat er soks earder grouwélich neilitten. Foar konfliktbehearsking miste kânsen.

  9. Wikier febrewaris 25, 07:01

    Yn ‘e Wâlden = reagearder Cor Joustra

  10. Tsj. Sytstra febrewaris 25, 07:20

    Cor, bin jo der ien fan Jousma?

  11. Yn 'e Wâlden febrewaris 25, 11:12

    Dy Wikier liket my PiefPafPier te wêzen. Miskien binne de bydragen fan Tsj. Sytstra ek wol fan syn hân. Earst wie ik wol blyd mei syn opbouwende reäksjes. Mar as er bang is foar dy komby Ieneach en Drewes dan moat letter net gau weromkrûpe…

  12. Drewes febrewaris 25, 20:12

    Who’s Afraid of Drew and Cyclops?

    LOL!

  13. Drewes febrewaris 28, 19:33

    Nei lang berie is Yn ‘e Wâlden net foar altyd, mar foar fiif jier útsletten fan Wikipedy.

  14. Yn 'e Wâlden maart 1, 10:53

    Mearke fan ‘e Fryske taal

    Hja knibbelen alle dagen FATSOENLIK foar de Ieneach en slueten de eagen foar taalflaters, dêr soe dy Ieneach grif bylâns sjen…En sa waard lang om let yn in lân mei de Fryske taal in Ieneach kening… en hja libben noch lang en lokkich…

  15. Drewes maart 23, 21:13

    De Wikpedy giet op’t heden dat it slydjaget. Doch mei!

  16. Yn 'e Wâlden maart 24, 11:36

    Jûrjev Kleaster? Jaget of slyt de stavering?

  17. Drewes april 25, 23:36

    ”Fan in freon krige ik de beskikking oer in programma dat my alle dagen wol tsien nije ip-adressen besoargje kin. Ik haw earder al sein dat ik my hjir troch sa’n minkukel net wei njidzje liet/lit. Jo moatte in Wâldman no ienris net dûm meitsje. No kinne jo fansels de dagen folje mei it útsluten fan ip-nûmers, mar dan hawwe jo aanst grif ek oaren te pakken. Jo kinne my fansels ek rêstich de stavering hifkje litte, dan hat de Wiky der ek noch wat oan. ”Spûk fan in Wâldman”

  18. Yn 'e Wâlden april 26, 17:17

    Ik bin bliid dat jo it begripe. Earder stie ik mei lege hannen en no binne jo dat. Ik seach lykwols dat dy minkukel sels myn ferbetteringen yn de wiky Wetterlieding – in hollannisme en de flater “droech” – weromsetten hat nei de flaterstân. Hoe autistysk moat men eins wêze om by de Frysktalige Wikipedia mei te dwaan?
    No wês mar net benaud ik sil de kommende jierren sa út en troch allinne mar de stavering hifkje.

  19. Willem Riemersma april 26, 20:32

    Wat ik hjir fan begryp: in skoalmaster – en ik kin út myn fak prate – dy’t allinne mar de reade pinne brûkt sûnder wier kontakt mei de learling, ‘kan het verder wel schuiven’: de motifaasje nei de Filistijnen en wat der yn sinsje noch yn siet nei de barrabysjes.
    Redigearje en korrizjeare moat it doel net foarby, net demotifearje. Want oars rekket de kat yn de gerdinen en kot de hiele tint ek noch nei ûnderen.
    Kontakt frege dus, gjin ‘ressorttinken’ en, neffens in treflik Dútsk wurd, gjin ‘Éngstirnigkeit’. Berikt men ommers krekt wat men net wol, dat lju it byltsje derby del goaie, as frijwillegers ek noch!
    Kontaktuele eigenskippen binnne betingst foar bystjoeren. By bern en net minder – earder mear noch –
    by grutten.
    Hooplik wurdt dat beseft by dyjingen dy’t ta de needsaaklike taak fan redigearjen en korrizjearjen roppen binne, of har yn guon gefallen dêr sels ta roppen fiele.
    Wikepedia sûnder Hysteria,… graach!

  20. Yn 'e Wâlden april 27, 13:24

    Bêste Willem, yn in yntern memo fan de wikipedia de reäksje op myn MISDRIUW dat ik ienfâldige tik-
    en staveringsflaters út de wiky helje.

    Punt 3 fan … syn oanriedings hjirboppe, om ALLES werom te setten, ek goede bewurkings, sadat de misbrûker beseft dat er syn tiid ferdocht, liket my in goed idee ta (en ek ien fan ‘e iennichste wapens dy’t we tsjin sok misbrûk hawwe)

    Sûnt hoenear binne staveringsferbetterings fan in persoan dy’t jo net oanstiet in misbrûk? Hoe autistysk moat men wêze?

  21. Willem Riemersma april 28, 09:43

    Bêste Cor,
    Ik moat begripe:
    1. Skriuwen oan de Wikipedia is frijwillegerswurk.
    2. Elke frijwilleger docht dat fergees mei tiid en ynset.
    3. Der is gjin redaksje oansteld.
    4. In selsbeneamde redakteur komt boppen driuwen.
    5. En krijt dy romte fan in tal skriuwers.
    6. Hannelet net út in regeling en net út ferliend gesach.
    8. Kediest alhiel sels, sûnder wier kontakt en oerlis
    9. Jaget katten yn de gerdinen.
    10. Sjit it doel foarby en it iennischste doel
    draait út op selshanthaving.

    Bêste Cor, út meitinken by in op himsels prachtige saak as in Frystalige Wikipedia:
    Soe der net oerlis – mei help fan alle moderne middels dy’t der binne – foar it oanstellen fan in redaksje mei koart kriemde ynstruksje foar taken en dwaan en litten komme moatte?

    Ik bin benijjd nei dyn reaksje.

  22. Yn 'e Wâlden april 28, 12:13

    Bêste Willem,

    Der sit eins mar ien flater yn de “frije” Wikipedia. Dy flater is net it meiwurkjen fan autisten, mar troch dat dyselden somstiden 16 oeren deis har op de Wikipedia fermeitsje, wurde se sûnder erch foardroegen ta behearder.

    No hie ik yn myn omjouwing gjin autisten, dat ik wie der net mei bekend. Mar no’t ik myn ferhaal nei bûten brocht haw, krij ik rûnom befêstiging dat behear of lieding jaan en autisme inoar faak bite.

    Mar lit ús earlik wêze wa fan ús hat net in lytser of in grutter rêchpûdsje. It giet der úteinlik om oft jo mei of sûnder help jo grinzen leard hawwe. It is seker net de bedoeling dat de mienskip om jo hinne, jo rêchpûdsje oernimt.

    Dêrom hie ik de man/frou – soks witte jo nea fansels – de folgjende reäksje jûn:

    Om strideraasje mei jo foar te kommen, haw ik besletten de earste jierren gjin direkte fraach fan jo te beänderjen en omkeard ek gjin direkte fraach oan jo te stellen.

    Mar soks wurket net fansels, ommers dêrmei kin de man/frou net langer baas spylje. Betingsten bûten de Wikipediaregels om waarden doe oan my steld.

    Fan it oanbegjin fan de Frysktalige Wiky, dus ek foar’t dy autist yn it Fryske Wikyfermidden kaam, haw ik neist it skriuwen fan lytse stikjes benammen tik- en staveringsflaters ferbettere. Sterker noch dyselden dy’t no om dy underdog hinne stean, fielden har net te goed om de Wâldman nei de stavering te freegjen.

    By eintsje beslút haw ik der stikem op hope dat der rillegau noch in pear autisten by de Frysktalige Wikipedia komme soene. Dy koene elkoar moai it libben soer meitsje…

  23. Drewes april 28, 18:27

    Bodder yn de striid foar it Frysk, Yn’e Wâlden syn kommetaar by korreksjes, ûnder de IP-adressen: 191.101.12.120, ‎185.163.45.74, 216.189.154.184 :

    *Yn ‘e Wâlden hie hjir in pear dingen net sjoen. No binne se wol goed Ieneach
    *Drewes hat it leafst west fan Hartwert Ieneach
    *boask is houlik Pier
    *ekonomyske is hjir sels gjin goed Nederlânsk Pier
    *Yn ‘e Wâlden hie hjir in pear dingen net sjoen. No binne se wol goed Ieneach
    *jierige is gjin Frysk Ieneach
    * koaam en aktiviteitenhal binne gjin Frysk Pier

  24. Willem Riemersma april 28, 19:12

    Ik mei wol oer kryptogrammen, mar dit is koadetaal dy’t my no net drekt útnoeget om by te dragen oan Wikepidia, as it it al wolle soe.
    Ik begryp hjirút allinne dat der in ‘Sitzkrieg mit aufrechnen’ út loopgraafstellings achter de laptops plakfynt.

  25. Yn 'e Wâlden april 28, 20:02

    Dy kommintaren steane by de troch my op ‘e nij ferbettere teksten. D.w.s. nei’t Pier en Ieneach myn ferbetteringen – ja hoe seit men soks – FERFLATERE hiene, Fansels haw ik der de EARSTE KEAR gjin skerpe opmerkingen by makke. Wêrom soe ik yn de goedichheid opmerkingen oer de kwaliteit fan in oar syn Frysk meitsje. Dan hiene de fiere foargongers fan Drewes en konsorten my der jierrenlyn grif útgoaid. Hy giet hjir wol o sa linich mei de wierheid om.

  26. Willem Riemersma april 28, 20:23

    Bêste Cor,
    Dan moat men wol doarre om dêr no sa útkookt mei heale wierheid=gjin wierheid mei oan te kommen.
    Psychologyske oarlochfiering dus ek noch.
    Wikipedia Sûnder Etika.
    Gjin hier op myn holle dy’t der by sok ‘manûvrearjen’ noch ek mar in tel oer prakkesearje soe om dêr oan mei te wurkjen.

  27. Willem Riemersma april 28, 20:32

    Wikepedia Sûnder Etika, moat ik dus begripe.
    As men mei heale wierheid=gjin wierheid komt.
    Gjin hier op myn holle dyt ér ûnder sok ‘manûvrearjen ek mar ien tel oer prakkesearje soe om ek mar miniaal by te dragen, as ik dat al wolle soe. Do witst, in reus op liemen fuotten mitert lang om let ûnherroplik om. It sil dan ek earst op syn slimst moatte ear’t it betteret.

  28. Daam de Vries april 29, 17:37

    Neffens my begjint it gekreau op dizze side mei in epistel dat benammen oantsjut wurde moat as in ‘eigen wierheid’ dy’t ta stân kommen is troch in frijwat selektyf gewinkel yn ien en oar.

    Like slim of noch slimmer is dat guon of op syn minst ien hjir no ta de finale konklúzje komt dat der sprake is fan ‘heale wierheid=gjin wierheid’. Ta dy konklúzje kinne jo allinnich komme as jo jo net yngreven ynlêzen hawwe mar allinnich fan doel binne om rûnom en sa faak mooglik op fan alles en noch wat te reagearjen en oaren dan tagelyk hjitte dat net (wer) te dwaan.

    En dan is it de bedoeling dat de trochsneed lêzer dy’t net fan de hoed en de râne wit in korrekt byld fan wat dan ek mar opbout?

    Dat sil net slagje en mei al dy dwaze kommentaren sjitte jo jo doel mear as fier foarby.

    Dêr is de wiky net mei holpen, dizze side net en it Frysk alhielendal net.

  29. Willem Riemersma april 29, 19:01

    Jo wat koart-foar-de-koppige styl fan praten en skriuwen en dwaan en litten komt my fan wat langer lyn yn oar ferbân net ûnbekind foar. Bin der doe ek út bepaalde kringen ek wol foar warskôge wurden, mar it doel stie stie doe foarop. En ha’k my dêr út myn fak as geduldig skoalmaster yn lankmoedichheid skoan mei rêden.
    Jo en guon maten út sirkwytsje’ ‘binne slim yn ‘e wjuk sketten, troch weifloeien fan it lêste bytsje oandacht fan lêzers dat n tal fan jimme dochs al te min hie.
    Dêr helje ik myn skouders mei in knypeach oer op.
    Moai dat jo hjir oars efkes folslein tsjin joe bedoelingen yn bewize dat It Nijs sa lankmoedich is om jo dwaze (jó wurden!) útspraken hjir te pleatsen. Jo maten by Ensfh. binne in stik skiteriger en doarre reaksjes – sûnder skellen!l lykas jo hjir wól – , net oan. Út eangst foar taalboartlike replyk en út ôfgeunst sjoen faak eigen teksten fan neat oer neat, allinne foar eigen Bühne…
    As jo in keardel binne – dat kinne jo no sjen litte – dan prate efkes mei jo goeie freon yn’t kwea Knilles.
    Prate wy dan ris wer. No is’t mear as in bytsje lef, jo praat hjir.

    En.. oer ‘yngreven lêzen’, dêr jo it oer ha. Sit dêr mar net oer yn. Da is my yngreven eigen, En ha sûnder yngreven lêzen yn sokke yn de kearn frij simpele sitewaasjes gau yn de gaten wêr’t it om te rêden is:
    Om genetysk of troch miljeu predestinearre net bepaald rynsk mei kontaktuele eigenskippen segene figuren. Net te gau in stuoltsje ûnde rit gat skowe dus, soe’k jo riede wolle: boazet it iene it oare ek noch oan.
    En befêstiget krekt wat jo hjir mei sa folle wurden ûntkenne wolle.
    En ‘dizze side; ….Dêr’t jo it oer ha. Dêr kinne jo oer myn bydragen te riede gean. En mr. dr. Severein syn oardiel waget my swierder as in wat bluisterige, rimpen en dus ûntrochtochte skriuwer as jo hjir.
    Hjir lit ik tenei by, by brek oan nivo fan jo skriuwen, mei reagearjen op jo skriuwen,troch erfarigs mei in my in folslein ûnbekind ‘literêr’ ûnderwrâldsje dêr by jimme.
    Ik ha better te dwaan. En It Nijs en aksje foar it Frysk ek!
    Nim der mar gau ien op, dêr hawwe jo wolris oer skreaun. Mar..net te folle! Makket jo fingers op it toetseboerd en wat al te los.. wie hjir te fernimmen.

    Tank foar jo yn illustrative iepenheid yn taalgebrûk en kwalifisearjen.
    Hoech ik hjir oaren tenei neat mear oer út te lizzen!

  30. Willem Riemersma april 29, 19:08

    O ja, net it minste noch soe’k hast ferjtte – jo freegje derom: ik ha jo nea sein hjir net te reagearjen.
    Dat hawwe jo sels sein, dat jo hjir net wer reagearje soenen! In rare ‘wierheid’ sa’n útspraak fan jo. Mr. dr. Severein soe wol sizzen: kwestje fan domwei ligen En dom ek noch. Ek dat noch.
    Ik laitsje der om, soks is ommersnet mear serieus te nmmen fan in selsopwurpen oppinint dy’t blykber ûnthâlde kinne fan moarns 12 oant 12 oere yn ‘e middei.

  31. Daam de Vries april 29, 21:22

    Jo geane aardich fleksibel mei jo eigen teksten om. Ik wit net hoe’t jo ûndersteande ynterpretearje wolle mar ik kin it min as in oanmoediging besjen:

    “Mar ik hâld ik jo der oan oan net mear reagearje sille- , de kommende tiid.”

    Fierder hâlde jo ek no wer stoef fol dat ik sa ûngefear yn it bestjoer fan Ensfh. sit. Dêrmei binne jo dúdlik net geskikt as skribint foar de Wiky want sokken wurde achte objektyf te wêzen en allinnich wierheden op te skriuwen. Mar jo wiene dochs al net fan doel Wikipediaan te wurden, wat in goed ding is: Ik ha gjin relaasje mei Ensfh. Ik bepraat neat mei Van der Wal wat net sizze wol dat ik net wit wa’t it is, syn mail, twitterakkount en mobile nûmer net hawwe soe en net ris in buorrel fan him krigen ha en hy ien fan my. Ik ha allinnich in jiermannich kollums levere oan Ensfh. Dat jo dêr in hiel sirkus om hinne begjinne te bouwen om jo eigen wierheid te geriven is der fier by troch.

    Jo kinne ek hielendal gjin sicht hawwe op “it lêste bytsje oandacht fan lêzers”. Ik ha de statistiken fan myn bloch (ja, ik ha in bloch en doch dus net oan ‘floggerij’ sa’t jo okkerlêsten skreaven), jo net.

    Mar goed, jo binne skoalmaster en ik net, dat moat ik jo neijaan. En jo blaze út ‘e hichte as in perfestor: kwattelje mar wat del, se frette it wol.

  32. Willem Riemersma april 29, 22:43

    No, no, no, al wer strjittetaal. Dat ynearsten.

    Twad; tank foar jo positive kwalifikaasje oangeande myn kapasiteiten. Belêzenheid en neitinken binne my net frjemd. Ha’k mei in tal gelearden yndie goeie erfarings mei hân, en noch.

    Tred: gewoanwei jo eigen útspraak sitearje giet jo ek al dreech ôf.
    Witte jo jo EIGEN tekst fan jo earste ‘yntervinsje’ op dizze side dan net mear?
    Sykje dy ris op, ynstee fan mýn reaksje op jo eigen wurden hjir te sitearjen. Of is der gewoanwei domme kweawillichheid yn ‘t spul? Sjoen jo foarige stikje is der foar elk wollibjend minske suver net oars te konkludearjen..
    Earlikheid ferdrach him hiel wol mei skriuwen. Yn jo gefal binne der oantoanber slimme tûkelteammen. Oars hienen jo simpel as it is jo eigen wurden wol sitearre! Ja, de wierheid hat in skel lûd.
    Jo eigen wurden fan doe wienen gjin wurd Spaansk by. It stiet dêr swart op wyt. Earlik bliuwe dus! Ferdraacht him op himsels ek mei Bearenboarch.

    Fjird: Goede wijn behoeft geen krans. Jo sette jo sels in wat behyplik krânske op mei it oanfieren fan statistiken oer joe eigen skriuwerij????
    Moat ik oan it skilderij fan Napoleon en sy eigen lauwerkânske tinke…Der rinne yn it ‘sirkwytsje’ mear selskroande ambisjeuze ekshibisjonisten om, ha’k fernimme moatten. Slim, sok folk.

    Fyfd: Jo jouwe it al oan, dat jo Knilles yngreven kinne. Jo sels jouwe dat mei in optúchde krystbeam fan kontakten al oan. Neat mis mei. Mar bewarje dan it omkearde net.
    Jo ha him efkes knap nei de eagen sjoen en nei de mûle praat. Kwestje fan sûnder opdracht de man yn ‘e mjitte wurkje. Is yn de psychology in yngeand beskreaun ferskynsel. Sûnder freegjen en op eigen manneboet – op syn bêst – de man de paraplu boppe de holle hâlde wolle, hyt soks ek. No, dy fan jo is sa lek as in gatsjepanne.
    Dhr. Knilles rekket hjir sa ek noch wiet! Hie er werskynlik net om frege,…
    Wolle jo him dekke en dan nei sok slim mislearren him aanst ek noch wer ûnder eagen komme moatte….Dat wurdt in kâlde brûs. Werskynlik net,de iene sil grif mintaal net sûnder de oare kinne.

    jo meitsje der hjir mei behyplik optreden wolle, lykas de earste kear, in moai sirkus fan, mei sok fan út de hichte efeks ‘yngripe’ en ‘bystjoere’ wolle.
    Tigers, ja, dêr is’t wat oppassen mei, mar wat út-in’grut-gat-blazers bin’k gjin sprút benaud foar en alhiel treast.

    Mei jo flogjen winskje ik jo in soad folgers ta.

  33. Willem Riemersma april 30, 07:58

    Bêste Cor,
    Ik bin der op grûn fan syn sinjalen en sinjalemint wis fan dat ik De Wikipediamol hjir by de sturt ha…
    Hy koe’t net litte en stek syn kopke út de mollebulte.

  34. Johannes april 30, 11:12

    Boargebiten mei Wikipedy, hâldt er mei op! It is aardich west en elkenien hat wat sein.

  35. Willem Riemersma april 30, 11:22

    It wie bepaald net aardich, der kamen goedwollende én hurdwurkjende minsken troch anomym gedoch slim yn ‘e knipe. Jo hienen se yn myn plak ek stypje kinnen fanwegen de saak sels. By brek oan better ha ik it mar dien. Dan kin’t hooplik foar ELKENIEN we foarút. En mei namme en tamme, is al sa earlik en produktyf.
    Ik leau dus, ik kin der no ek mei ophâlde. Der is alteast in bytsje rjocht dien.

  36. Daam de Vries april 30, 13:45

    Dat wie juster noch wer gâns in lape tekst fan jo kant, Riemersma. En dat soe hielendal net want krekt efkes earder skreaune jo dit: “Hjir lit ik tenei by […]”. Nuver.

    As jo no in keardel west hiene dan hiene jo de lêzer efkes skewield troch it relevante part fan wat jo myn earste yntervinsje neame te sitearjen. Faaks wie jo dat tefolle drokte en hechtsje jo der oan de lêzer op de doele te bringen. Fansels. jo hiene dan ek oergean moatten ta in foech les tekstferklearring oangeande jo eigen skriuwsel en dat sil tefolle frege wêze. Dogge se hjoeddedei op skoallen noch wol oan tekstferklearring?

    Oars treflik dat jo no De Wikipediamol ûntmaskere hawwe. Dêrmei bringe jo in hiel nij elemint yn de diskusje. Foar de meilêzer soe it faaks noflik wêze as jo dy no ek efkes mei namme neame want no bliuwt it dochs wat ûndúdlik. As jo dan de molleridden ek noch efkes sekuer yn byld bringe koene dan soe dat klearebare winst wêze. Want dan wit elk krekt hoe’t it no sa bryk rinne koe mei de Wiky.

    Mar ik tink net dat jo dat fan doel binne. Jo nifelje leaver troch oan jo eigen wierheid dy’t basearre is op net-besteande konstruksjes en oare fantasijen fan jo kant. Sadat jo der mar wakker grutsk op wêze kinne dat jo ‘bystjoerd’ en ‘yngrypt’ hawwe. Foar de goede saak.

  37. Willem Riemersma april 30, 14:51

    Ik fang inselde mol mar ien kear, ek bûten myn eigen tún.
    En ik skriuw itselde ek mar ien kear.
    Jo eigen wurden – se steane op swart op wyt -meie jo sels oanhelje,
    want oan jo fantasij yn draaiereij sil ik net mei betelje.
    It kin sa ta, mear is’t ek net wurdich
    As slot mei brûken fan jo eigen wurden: jo ‘kwattelje’ mar moai wat troch, ‘se’ sille it grif net ‘frette’.

  38. Daam de Vries april 30, 15:01

    Ik tocht al, jo sille it lêste wurd wol hawwe wolle. Oars soe it ommers mar lykje dat jo mis west hawwe en dat kin fansels net. Wat mei psychology.

  39. Cor Jousma april 30, 20:09

    Goeie allegearre,

    Under de namme Yn ‘e Wâlden haw ik jierren, jierren langer as de trije musketiers fan no, tik- en staveringsflaters ferbettere. Doe’t it Frysk de beskikking oer de staveringshifker fan de Fryske Akademy krige, waard it Frysk op de Wikipedia stikken better. Ik haw my dêrnei benammen beheind ta standertflaters, dy’t sa’n hifker no ienris net werkend.
    De namme Yn ‘e Wâlden haw ik net oannaam om’t ik myn identiteit net priis jaan woe, mar om neist myn oare krewearjen foar ús taal op de Wikipedia yn alle rêst wat bonkje sykje te kinnen. En benammen yn it oanbegjin fan de Wikipedia raasde ien en oar ta de protters.

    In pear jier tebek melde him der immen ûnder de namme Ieneach fan de Esk. Al rillegau krige ik dêr wat in nuver gefoel by. Hy siet en sit somtiden 16 oeren deis kategoryen foar ús wiky te betinken. Ik doar gjin skatting te meitsjen, mar wy sille no grif tsien kear safolle kategoryen as wikys hawwe en dat binne der rom 37 tûzen. Mar sa’n immen is dei en nacht op de Wikipedia en waard hoe koe it ek oars moaderator/behearder. Doe wie it wachtsjen op ûngemakken fansels. En ik ferwiis mar nei it artikel dat ik hjir boppe skreaun haw, hoe’t it my oerkaam is.

    De “grutte” ferliezer is fansels it prachtige projekt, dat no krekt as Turkije fallen is yn de hân fan ien man, mei yn dit gefal noch twa musketiers.

    Hie ik sels soargje moatten om behearder te wurden? Om de drommel net. Ik haw jierren myn wurk in alle rêst dwaan kind. Dat wêrom soe ik.

    Mar goed de trije musketiers – Drewes, Pier en Ieneach – hawwe myn IP-nûmer blokkearre. No haw ik gelokkich in ridlike kennis fan it ynternet, dat in wike lyn koe ik wer ienfâldich by de Wikipedia. De hearen wiene aardich oanklaud en dat late ta dat sitaat dat Drewes hjirboppe pleatste. De lêste dagen/wike haw ik útsocht hoefier oft dy Ieneach no eins gean soe foar syn machtsbasis. Al rillegau waarden hiele searjes IP-nûmers ôfsletten en eltsenien krige de opdracht, dy’t ik hjirûnder sitearje:

    Sûnt ferline wike ferskaft er himsels mei metoaden dy’t allinnich foar kriminele doelen brûkt wurde hieltyd alternative IP-adressen (open proxies), en besiket er op dy wize wer tagong ta de Wikipedy te krijen. Dat sil net tastien wurde. Der is besletten dat al sokke IP-adressen definityf útsletten wurde sille en dat alle wizigings dy’t Yn ‘e Wâlden yn ‘e Wikipedy oanbringt, weromset wurde sille, ek as it ferbetterings binne. It is spitich dat staveringsflaters en oare fouten stean bliuwe, mar noch folle spitiger soe it wêze as misbrûk leanje soe. (Ieneach soe eins sizze moatte dat er sels -dy oaren haw gjin ja of nee sein – yn uterste need myn tekstferbetteringen mar fuortsmyt, ommers stel jo foar.)

    No kin men fansels noch it stap fierder gean. Men kin de IP-nûmers fan de dielnimmers tsjininoar útspylje. Ommers dan soene se elkoar blokkearje.

    Foarearst… wol ik it sa mar litte.

  40. Drewes april 30, 20:52

    Frysktalige Wikipedia en narsisme!

  41. Daam de Vries april 30, 22:05

    Jo lûke it aardich breed, Drewes. En dat liket my no wer net alhiel yn oerienstimming mei dit sitaat dat ik fan jo oerlisside plôkje:

    “Der binne wol mear…. Der binne guon ûnder dy’t nei myn betinken harren rjocht op behearderwêzen al lang ferspile hawwe.Drewes (oerlis) 27 apr 2017, 21.27 (CEST)”

    Soe it net sa wêze kinne dat der guon – as wie der mar ien – dy’t sûnder och sa of net aktyf te wêzen, dochs op it alderlêste stuit noch yngripe kin(ne) as dat wier moat? As ik jo kwoot sa lês dan liket it der op dat jo earder op in sletten as op in iepen mienskip ta wolle. Dat liket my yn it ramt fan de fundearring dêr’t alle Wiky’s op basearre achte te wêzen in frijwat nuodlik spoar.

  42. Drewes april 30, 23:09

    It is krekt oarsom De Vries. Ik bin al jierren teloarsteld yn it har’ ôfsidich hâlden fan in tal meidoggers/behearders fan de earste jierren fan Wikipedy. Jin fernimme hast neat mear fan dy lju. Derfandinne myn opmerking. Ik hie graach sjoen dat sy harren oppenearre hiene yn bygelyks dizze saak. At jo my folge hiene, hiene jo net sein dat ik “earder op in sletten as op in iepen mienskip” ta wol.

  43. Kening Aldgilles maaie 1, 11:05

    Bêste allegear,

    Myn namme op Wikipedia is Kening Aldgilles (nei de sêftmoedige Fryske kening). As autokraat op Wikipedia stean ik wer boppe de behearders. In autokraat is in soarte fan behearder, mar dan mei in pear ekstra technyske mooglikheden. No begryp ik wol dat Friezen min oer hierargy kinne, mar foar dizze diskusje is it fan belang om te witten dat Wikipedia net it Wylde Westen is. Der binne ôfspraken, der is in hierargy, der is oerlis, der is tafersjoch, der wurdt neitocht. Miskien komme wurden as ‘autokraat’ en ‘behearder’ wat bazich oer, mar dat is absolút net de bedoeling. Jo binne ek net autokraat of behearder foar it libben, mar salang’t jo dy rol op passende wize ynfolling jouwe. Beheardersrjochten binne yn it ferline ek wolris ynlutsen.

    Normaliter hâld ik my bûten de diskusje, mar by dizze eskalaasje wol ik bêst wol ynformaasje jaan. Ik bin net altiten sichtber foar oare brûkers en behearders. Dat komt omdat ik ek foar oare taalferzjes fan Wikipedia wurkje, dwaande bin mei oare Fryske wikyprojekten en de technyk.

    Dizze diskusje hat op Wikipedia al west. It akkount fan Yn ‘e Wâlden is tydlik blokkearre. It is net de earste kear dat Yn ‘e Wâlden syn akkount blokkearre waard. Hoe faker de brûker blokkearre wurdt, hoe langer de brûker de blokkade hâldt. De perioade fan de blokkade is, nei wat diskusje hjir en dêr, werombrocht nei twa jier. Ik fyn it belangryk dat elke brûker dy’t útsletten is, wer in nije kâns kriget. No hawwe der al in stikmannich kânsen west, dat it duorret in skoftke foardat Yn ‘e Wâlden wer dielnimme kin. It docht my sear om entûsjaste brûkers te blokkearjen, mar soks wurdt net om ‘e nocht dien. Ik bin Yn ‘e Wâlden trouwens hiel tankber foar alle goede bydragen op Wikipedia.

    Yn ‘e Wâlden hie twa beswieren: Foarst, it tal kategoryen. Twads, de tapassing fan de nije Fryske stavering op Wikipedia.

    1. Kategoryen: It tal kategoryen waakst en ien brûker/behearder draacht dêr primêr de ferantwurdlikheid foar. De grutte Wikipedia’s (bgl. de Ingelske en Dútske Wikipedia) hawwe ek in ryk ferskaat oan kategoryen. Op de Fryske Wikipedia hat allinnich Yn ‘e Wâlden dêr wat tsjin. Dat sjogge de measte Fryske Wikipedianen (brûkers/behearders/autokraten) net as in probleem, mar as in ferriking/ferbettering.

    2. Stavering: Yn ‘e Wâlden is hiel dúdlik oer it tapassen fan de nije stavering op Wikipedia. It stiet elkenien frij om de nije stavering te brûken en de measten dogge dat ek (ik ek). Lykwols binne der ek brûkers en behearders dy’t de âlde stavering noch brûke. Wy hawwe altiten oanjûn linich om te gean mei stavering c.q. foarmferskaat. Dat is in kollektive regel en ús beheaders ynterpretearje dy, nei myn betinken, op in goede wize. Mochten wy mei in pear jier wat ienriediger wêze oer de stavering, dan kinne wy altyd noch in bot ynsette dy’t mei ien druk op ‘e knop tûzenen wurden troch de hiele wiky hinne yn ien kear bewurkje kin.

    Yn ‘e Wâlden hie prima diskussearje kind oer de kategoryen en stavering. Lykwols, foar oerlis en diskusje op in anonym medium as Wikipedia is fatsoen in absolút betingst. Yn ‘e Wâlden hie prima diskusje fiere kind sûnder hieltyd wer oer it autisme fan ien brûker te begjinnen en him te ferwiten dat er ‘te lang’ oan it wurk is foar Wikipedia. Mei dy fatsoensnoarm hat Yn ‘e Wâlden faker brutsen. Dêrneist sjoch ik dat Yn ‘e Wâlden him net delleit by demokratyske besluten wat kategoryen en stavering oanbelanget. De Wikipedianen op de Fryske Wikipedia foarmje in lytse demokratyske mienskip. Dêrtroch kin it samar wêze dat in brûker syn sin net krijt. Ik haw ek wolris in foarstel dien en gjin mearderheid krigen foar dat foarstel. De ‘diktatuer fan de demokrasy’ docht dan sear. Ik haw alle begryp foar de argewaasje fan Yn ‘e Wâlden.

    Ik fyn it ferrekte spitich dat de Fryske Wikipedia op itnijs.frl op dizze manier safolle negative oandacht lûkt. It is in geweldich projekt mei hast 40.000 siden yn it Frysk. Alle dagen ferskine der nije siden en besteande siden wurde (bytiden flink!) útwreide. Ik wol jimme graach útnûgje om ek diel te nimmen oan dit machtich moaie projekt. Wy steane iepen foar nije ideeën en wy wurde allinnich mar bliid fan in konstruktive bydrage. En is dyn Frysk net sa goed? Dan helpe wy dy graach! Skriuwendewei kinne jo ommers in protte leare.

    Mei freonlike groetnis,

    Kening Aldgilles
    Autokraat foar û.o. de Fryske Wikipedia

  44. Cor Jousma maaie 1, 14:08

    Bêste autokraat,

    Ik bin der troch Ieneach nei in wike net útreage oer de stavering, ek net om’t ik kommentaar hie op alle kategoryen, ek net om’t ik him yn dy wike autist neamd haw. Nee ik bin derút reage om’t hy noch wat eigen regeltsjes betocht hie, dêr’t ik my oan hâlde moast. Regels dy’t net troch de Wikipedia oplein wurde, mar trocdh dy minkukel sels.

    Beheardersrjochten binne yn it ferline ek wolris ynlutsen.

    As jo fan de wike fan nei myn weromkommen op de Wikipedia yn febrewaris 2017 de saken no ris echt trochlêzen hiene, dan hiene jo der net mei ynstimd dat ik foar 5 jier útsletten waard. Ynstee fan hantsjeklap hiene jo Ieneach fan de Esk – nei al syn besykjen om my as steurstjoerder sa gau as mooglik wer fan de Wikipedia te krijen – syn beheardersrjochten ynlutsen.
    Nei’t dy minkukel my in wike lang op ‘e hakken sitten hie oant er my op basis fan syn eigen betinksels wer útsluten hat, haw ik yndie de iepenbierheid socht. En út syn kleisang oer dat ik de Nederlânske autisten misledige hie, haw ik DÊR foar it earst fan 2017 SYN wurd autist yn myn stik hjirboppe werhelle.

    Ik ferwachtsje fan jo as autokraat gjin ekskús, mar wol dat jo de saken krekt lêze.

    Mei freonlike groetnis,

    Cor Jousma
    (Myn nije brûkersnamme op de Wikipedia)

  45. Kening Aldgilles maaie 1, 15:19

    Bêste Cor Jousma,

    Do fynst dat ik bepaalde dingen net goed lêzen haw. De dingen dêr’tsto no ferwiist, haw ik wol lêzen. Myn beskieden miening berêst trouwens net inkeld op ien of twa útspraken, mar op it hiele optreden fan dy en Ieneach fan ‘e Esk. It hâlden en dragen fan alle belutsen minsken op Wikipedia hifkje ik kritysk en ik hoopje dat oaren dat ek by my dogge.

    De blokkade is yndie foar fiif jier ynstee fan twa jier. Dy perioade is yn oerlis mei Ieneach en Drewes fêststeld. Oer de perioade fan dyn útsluten hienen Ieneach fan ‘e Esk en Drewes in hiele oare miening as ik. Sa sjochst mar wer dat wy it ek net hieltyd iens wurde mei elkoar, mar dat jout ek niks. It giet om kompromissen, it akseptearjen fan it mearderheidsbeslút en it net flokken/skellen. Foaral it flokken en skellen kin op sa’n anonym medium as Wikipedia net.

    Do bliuwst ûnfermindere misledigjende oantsjuttingen as ‘minkukel’ brûken. Do joust my sa ek gjin reden om foar dy yn ‘e pleit te gean asto telkens wer sokke bewurdingen brûkst. En dat wylst ik hiel graach foar dy yn ‘e pleit gean wolle soe! It digitaal flokken en skellen konfliktearret mei alles dêr’t ik foar stean en dêr’t Wikipedia foar stiet.

    Mei freonlike groetnis,

    Kening Aldgilles
    Autokraat foar û.o. de Fryske Wikipedia

  46. Cor Jousma maaie 1, 16:49

    Bêste autokraat,

    Fansels sil ik immen dy’t sa beroerd lêst net freegje om foar my yn ‘e pleit te gean. Wat it brûken fan it wurd minkukel oanbelanget, is der wier in dûmny oan jo ferlern gien.

    En dan jo bargetriennen oer safolle negative oandacht foar de Wikipedia. As in wûne langernôch otteret siket er de wei nei bûten…

    Mei freonlike groetnis,

    Cor Jousma

  47. Cor Jousma maaie 24, 20:24

    Om de Wâldman op te kearen wurde alle IP-nûmers dy’t krekt oars as oars binne folslein blokkearre. Soks is te folgjen op de wiky Blocked users. Hjoed lit sjen dat jo dêrmei ek Friezen om utens blokkearje.

    Yn de wiky Washington (steat) waard territorium ta territoarium en president ta presidint ferbettere. As de trije musketiers it IP-nûmer no efkes geografysk neisjoen hiene, dan hie dy ferbettering moai stean bliuwe kind.
    Ommers goed is goed en fout is fout. Mar nee, it soe de Wâldman wol wer wêze…

    Ik hie al earder wiisd op mooglike Friezen om utens.

  48. Cor Jousma maaie 27, 10:36

    Aardich fan Drewes dat hy dochs de flaters út Washington (steat) no wer ferbettere hat. Miskien dat er de searje bonkjes yn Washingtonmar ek noch efkes by de tiid bringe kin. Dy twa oaren sille soks nea dwaan fansels, soks past net by harren funksje fan behearder. Wol spitich dat jo Friezen om utens samar trije moanne by it jiskefet sette kinne.

  49. Cor Jousma maaie 28, 17:35

    De wiky Sifer bliuwt wat in stobbe, mar it begjin is der!

    Guon Friezen om utens wenje yn Ter Apel seach ik yn de skiednis. Of moatte wy dy ek mar útsette…?

  50. Cor Jousma maaie 29, 11:56

    De grize giet jo oer de grouwe. De nijste kategoryen fan de Frysktalige Wikipedia binne:

    * Bist berne yn 1996
    * Bist stoarn yn 2003
    * Bekend skiep

    En noch folle mear bekende bisten. It is mar dat we se fine kinne. En nimmen ropt sa immen in ho ta.

  51. Hollân Wint maaie 30, 22:08

    [https://fy.wikipedia.org/wiki/Sokpop Sokpop

  52. Cor Jousma maaie 31, 10:10

    […]Op ynternet is in sokpop in persoan dy’t as bestraffing útsletten is in beskaat webstee te besykjen, mar yn in oare gedaante probearret werom te kommen, en trochgiet mei net-winske hâlden en dragen.[…]

    Bêste Hollân Wint, jimme skûlnamme sprekt fansels boekdielen. It giet jimme al lang net mear om in Frysktalige Wikipedia, mar om de macht fan (trije) autisten. Oant no ta haw ik besjoen hoe’t de lyntsjes binnen sa’n wikipedia rinne. It wie allegearre nij foar my, mar fansels haw ik der fan leard. De proksje-ynstellings binne foar jimme AIVD noch wol te werkennen, mar tagelyk stel ik fêst dat by alle gewoane IP-oanmeldings jimme jimme altiten ôffreegje sille oft de Wâldman in efterdoar fûn hat…

    Myn troch jimme net winske hâlden en dragen bestie en sil ek yn de takomst bestean út it ferbetterjen fan de tûzenen flaters dy’t de staveringshifker – mar in pear fan jimme hawwe mear Frysk yn ‘e macht – sitte lit.

    Mei freonlike groetnis,

    Sokpop

    NB Yn de wiky Sokpop moat it wurd “gedaante” noch oerset wurde. It is nammentlik… in Hollanisme!

  53. Doeke Vaartjes maaie 31, 22:19

    Mede uit naam van Iebele Flapper en Bote Bijster wil ik weten laten dat Plaatselijk Belang Bokwert het scheel sekuur volgt. Wij zijn niet wijs met het harrenwarren op de Friesche Wikiepedie

  54. Willem Riemersma maaie 31, 22:28

    Clash of civilisations…

  55. Doeke Vaartjes maaie 31, 22:37

    Clash of civilisations… Wij zullen het opnemen met drs. Gijsbert Willemoed.

  56. Willem Riemersma juny 1, 05:24

    Dat zal wis boter in de brij opsmijten, want het is hier te redden om moedwilligheid.

  57. Cor Jousma juny 1, 10:46

    Bêste Drewes, jo hawwe it wurd “gedaante” al ferfongen troch it wurd persoan. Ek al giet it no lâns in omwei, jo sjogge dat wy mei oparbeidzjen hiel wol de flaters derút krije kinne…

  58. Doeke Vaartjes juny 2, 22:30

    Uit naam van drs. Willemoed laten wij weten dat het boek van Samuel Huntington niks met de zaak te krijgen heeft. ”Het gaat om goed fatsoen” is hij van bedenken. Wij hebben niet doorleerd, maar nemen zijn woord voor wis aan.

  59. Willem Riemersma juny 2, 23:29

    Rui achte hear Vaartjes, het kan heenbruien, het bescheit fan drs. Willemoed, ben ik van bedenken.
    Zijn woord is niet door een merghoorntje aan ons gevoerd.
    Dat wis het fatsoen verboelgoed is. Maar men kan toch ook van denken wel hebben dat Huntington het krekt gelijk bedoelt, maar in zijn moederstaal wordt dat doorsneed wat meer behoffend met wel een halfmengel lij water in het oor. Zodat elk wat minder de rook van hersenschrabben en hottevijlen in de nuisters krijgt.
    Maar, men moet hier wis uit de raad. Anders blijft het maar dwarszitten als een pond meel.
    Het wijs woord van drs. Willemoed zuiver aan het eind van deze lichtschijndag zal wel meer als een buiscent kosten. Ik denk een knorre geld. En wie heeft op’t heden nog zo’n stuk modder aan de kloot? Ook voor de Raad is het al schrabben bij de kant langs. Misschien wilt u bij drs. Willemoed bezoeken of er noch wat te schewijlen valt, zodat het nog een slagje toevalt, met de centeratie?
    En hopelijk zal nu elkeneen hier op dit stuk en stuit beleis geven, nevens de raad van drs. Willemoed. Dan is ook uw hand van wat tussen boom en bast steken bij eindjebesluit niet helemaal om de de nocht geweest.
    Heer Vaartjes, ik wens u een goed wenk in de ogen toe!

  60. Doeke Vaartjes juny 3, 21:34

    Plaatselijk Belang Bokwerd laat het scheel even geworden, daar wij nu warber zijn met de plannen Dijk Leeuwarden – Bolswerd fan de Hoofdplaats uit. Se lijken wel niet goed wijs.Vanwegen de greidevogels.

  61. Willem Riemersma juny 3, 22:25

    Heer Vaartjes,
    U wordt zo wel doende gehouden met alles wat u over het mat komt. Ik hoop dat u het toch over het schouder smijten kunt en aansten nog wel even het vel over de ogen kan trekken bij zulk tijzebende.
    Het moet u wel bezouwen: ineersten Friezen in eigen rondte al slim treelit en nu ook nog Hollanders die zo’n begroten hebben met een paar Bokwerder schriezen en daar wel schoonder geld uit de ponge van de Tweebaksmarkt aan willen versmijten zeker! Waar wij ons onroeplijkgoedbelasting voor betalen.Met onhure dure mollegangen te dollen. Laten ze zelf maar een lep van huis meenemen en de huid er op en na wat handboetsen aan het spitten gaan. Dan zult u ze inkorten wel horen stinnen en naaien ze ongemerken wel uit. En die paar behendige dobben die willen de aandragers van Wikepedia dan grif wel over gaar.
    Want drs. Willemoed heeft als wetenschappelijk vooraanman zelf een schoftje verleden verduitst dat het traumatiese onthoud als sneeuw voor de zon raant al naar ‘t de ogen en de hersens aan beweging hun omdenken moeten geven. Dan kunnen de heen en weer gaande pijpegalen hun dubbel goed werk nog doen. Voor de modder in de dobben en in de hollen. Twee neven in één klap.

  62. Greta Van Puyenbroeck juny 5, 11:34

    Yn de wiky Greta Van Puyenbroeck soenen de flaters hûsdieren, boetsearde en bisuten ferbettere wurde moatte!

  63. Willem Riemersma juny 5, 12:35

    De heer Vaartjes zit tussen hangen wieren met de tunnels foar de Bokwerder schriezen en met voorleggen bij drs. Willemoed de Wikypedia ook nog wat onder de oksels nemen, mar mooglik kan hij nog wat aantruinen op het plek waar men daar over kediest. Maar u moet hem wel even lins gunnen, anders komt hij met twee voeten in één kous en hebben we hem ook nog overremus. En dan komen die tunnels er ook nog als hij daar zijn hoofd even niet goed bij kan hebben.

  64. Doeke Vaartjes juny 5, 19:04

    Achte Heer Riemersma. Uit naam van Plaatslijk Belang Bokwerd vernieuwen wij U dat wij een paar mud lichter zijn geworden meedat de Staten van bedenken is dat de verkeerszwarigheden alleen met een stukmenig tunnels te beslikken is. Wij waren ineersten vral benaud voor hele nieuwe Dijk door de greiden aanzwettende Bokwerd en omkrijten meedat wij vreesden voor het veld van Bokwerder Boys en de oude pole van oud-koloniaal Bote Bijster zaliger. En de greidevogels vanzelf.

    Maar eerst maar eens zien hoe de kat uit de boom komt voor wij ons gaan bekroden om de staveringsbeweging op Wiekepedie. Bovendat hebben wij geen Friesch onderricht gehad. Daar komen wij niet ver mee aldus Meester en alleen Harke Heidstra heeft de oude stavering een beetje in de macht.

  65. Willem Riemersma juny 5, 19:54

    Heer Vaartjes,
    Gelukkig een stuk gemijter minder voor Bokwerd en hooeft u ook niet met twee voeten in één kous. En u hoeft nu ook geen belijs te geven en toch zeggen dat kop er voor was. En dat de Bokwerders rugbonke hebben en niet in het zool van grootzweeslaanders varen. Zodat hen uit noch in niet gezegd worden kan dat het daar in Bokwerd maar wat harde mannen op een week kaas zijn. Drs. Willemoed kan groots op Bokwerder Belang wezen.
    En dat het nu voor elkeneen te vernemen is dat het eersten onfuig praat is als sommigen in de Hoofdstad lekschooien dat Bokwerders overal poot houden waar een kat gestroopt wordt!
    En de staveringszwarigheden, dat u hier even temuik op het kleed brengt, als schoolmeester luik ik mij daar ook nooit niet zoveel van aan. Want een vernoemde professor heeft mee zelf een schoft geleden gezegd dat staveren alleen maar te doen heeft met economie, en niets van doen heeft met taal!
    Heer Vaartjes, een tal kollega’s in de zaal vloog het toen aan, zij verslokten zich zich zuiver in het bakje en zeiden dat het op vliegen leek. Ik mocht er wel over, over zulk een beetje in de bulten jagen. Maar het zal wel weer ver dragen als u dit morgen in de krant zet. Voor mijzelf praat ben ik wel niet zo bangeschieterig, maar deze profestor heeft een nieuwe toga aangetuigd. Dat moet allemaal niet om de nocht zijn geweest als hij dan hommels gedaan krijgt. Wilt u er dus wel nood voor staan dat ergdenkenden de boel voor deze profestor niet verinneweren zullen? Om het goed voor het verstand te houden : het is niet prosfestor Jensma hoor! Die weet omraak van het Oude Fries. En heeft ook eens op papier gezet dat meester Gijsbert uit Bolsward het Friese staveren ook maar zelf uit de duim gezuigd heeft. Dat moet anders wel een duim van komzo geweest zijn, want zijn hand trilde wel bij het delschrijven, daar de letters zo krulderig zijn. Vind ik. Maar dat kon anders ook wel van zijn denken aan het lapen gaar smijten met zijn Wobbelke zijn geweest, dat niet alleen zijn hert, maar ook zijn letters wat trilderig zijn.
    Heer Vaartjes, een vraag voor mijzelf allleen: kan Bokwerder Belang, niet krekt als de Toerkemeters van Tsjum wat doen? Aan dy grouwelige toer van Bonnema in de Hoofdstad? Ook al benik te fietsen onder Dokkum langs, dan is het nog om slim van de wijze te raken, het smerige ding valt overal in mijn oog.
    Heer Vaartjes, kunt u de de aandragers van Wykepedia misschien aanpoenen om daar bij nare nacht een kuile onder te graven – als hun arbeiden voor de tunnels by de greiden van Bokwerd toch niet meer van noden is – zodat dit Grote Babel in elkaar zijgt?
    Ik wil de leppen wel betalen, daar moet het niet om overgaan!
    P. S.: wel de werkers in de toren even zeggen dat het worden gaat, want een oude leerling van mij heeft daar ook negotie op grote hoogte. En ik zou het niet verneren kunnen als hem en zijn wrotters geschanseerd raken zouden.
    Hartelijke groeten!

  66. Daam de Vries juny 5, 22:12

    It wurdt sa njonkelytsen in frijwat bespotlike fertoaning hjir. Mar dat sil wol net sein wurde meie fan kristenhûnen dy’t op dizze side al in pear kear útholden hawwe dat kristenen hoe dan ek better binne as moslims. Kristenhûnen meie net flokke fansels en tinke dêrom dat se Rink van der Velde silger syn taal wol misbrûke en ferkrêftsje meie om it foarkomme te litten as wiene it op-en-top taalleafhawwers. En de redaksje lit dat selske-mei-God sjitten mar wakker ta. As it har sa útkomt. Want och ja, it is ommers immen fan eigen folk!!! Mei oaren hannelje se wolris oarewei.

    It raast net allinnich oan de protters, it is net allinnich by de kninen om’t ôf. Nee, heidensker as dit kin net. Godferdomme.

  67. Willem Riemersma juny 6, 05:56

    Der waard ea ris by in begraffenis in Psalm foarlêzen: “Mijn boze daam, Gij naamt hem gunstig weg”.
    Safier hoecht it hjir net te komen, mar der jildt wol: “Niet wat de mond ingaat, maakt onrein, maar wat de mond uitkomt”: skom.
    En set er en him sels as oars wer yn ‘t himd, mei syn Klean as lokale flogjes-Keizer.
    Hear Vaartjes soe wol sizze: hij is slim met hemzelf verlegen! Men geeft hem te weinig omdenken zeker. En kijgt hij het wit voor de ogen en vergeet hij zichzelf.
    Begrootlijk, dat wel. Maar een nuivere gast op dit forum mogen wij eins ook wel wat over!

  68. Resinsint juny 6, 12:59

    De flater resensint komt 20 kear yn ús Wikipedia foar. Der is noch in soad te hifkjen…

  69. Harke Heidstra p/a Doeke Vaartjes juny 6, 18:38

    Wobbelke.

    Stemme.
    Daer vond ick heynelijck, &c.

    1.

    MYn hert dat trillet my, it iz nin rôy!

    Mijn ljeafste Wobbelke,

    Mijn swietste Wobbelke,

    Mijn wirdste Wobbelke,

    Het biste moy!

    2.

    Ick fiel oon ‘t kreauweljen, ljeaf, het my dert,

    Mijn gouden Ingelke,

    Mijn gouden Ingelke,

    Mijn gouden Ingelke,

    Du biste’ yn ‘t hert.

    3.

    O! ‘t hert ontfljuecht my beyd’ mijn eagen trog.

    Ja ‘t rint uwt my yn dy,

    It tjocht uwt my yn dy,

    It ljeapt uwt my yn dy,

    Az ick dy sjog.

    Over dit hoofdstuk/artikel

    lied
    Naar de Nederlandse Liederenbank

    [p. 32]

    4.

    Ick kin neat wezze fen dy, swiete djier,

    OEf ick mot stearre ljeaf,

    OEf ick mot stearre ljeaf,

    OEf ick mot stearre ljeaf,

    Dat ‘s inckel wier.

    5.

    Help Ljeafste’, ô litste my yn docken quea,

    Paetke my swiete tuwt,

    Paetke my swiete tuwt,

    Paetke my swiete tuwt,

    OEf ick bin dea.

    EYN.

    Wobbelke.

    Stemme.
    Daer vond ick heynelijck, &c.

    1.

    MYn hert dat trillet my, it iz nin rôy!

    Mijn ljeafste Wobbelke,

    Mijn swietste Wobbelke,

    Mijn wirdste Wobbelke,

    Het biste moy!

    2.

    Ick fiel oon ‘t kreauweljen, ljeaf, het my dert,

    Mijn gouden Ingelke,

    Mijn gouden Ingelke,

    Mijn gouden Ingelke,

    Du biste’ yn ‘t hert.

    3.

    O! ‘t hert ontfljuecht my beyd’ mijn eagen trog.

    Ja ‘t rint uwt my yn dy,

    It tjocht uwt my yn dy,

    It ljeapt uwt my yn dy,

    Az ick dy sjog.

    Over dit hoofdstuk/artikel

    lied
    Naar de Nederlandse Liederenbank

    [p. 32]

    4.

    Ick kin neat wezze fen dy, swiete djier,

    OEf ick mot stearre ljeaf,

    OEf ick mot stearre ljeaf,

    OEf ick mot stearre ljeaf,

    Dat ‘s inckel wier.

    5.

    Help Ljeafste’, ô litste my yn docken quea,

    Paetke my swiete tuwt,

    Paetke my swiete tuwt,

    Paetke my swiete tuwt,

    OEf ick bin dea.

    EYN.

  70. Willem Riemersma juny 6, 19:26

    Heer Heidstra, het moed schiet mij wat vol met dit gedicht fan master Gysbert. Ik moet er mij zuiver even van over de ogen vegen.
    Mar ‘Swiete tuten paatsje’ op dit stek in dit muizehuis hier met alderhande sluipgaten voor omlopend volk is wel niet goed doende, want dat zou heg noch zoom rooien.
    Maar heeft master Gysbert hem ooit bediend van gruwelige vloekwoorden?
    Kunt u dat bena komen, in het proefgeschrift van Breuker? Of by de Fryske Akademy in de Hoofdstad?
    Want als dat niet zo wezen zou, is het met de oefenings van enkelde vandaagdedaagse probeerders wel een in val de bedelte. En gaat het Fryske Avondland wis onder!
    Ik hoop inkorten van u te vernemen.
    Hartelijke groet.

  71. De Nederlannen juny 13, 09:41

    Yn in skier ferline haw ik by it oanpassen fan ieu nei iuw yn de wiky De Nederlannen dy wurdsjes al ferbettere. Mar as jo de wiky De Nederlannen besjogge dan mei der noch wolris immen goed hifkje. In pear bonkjes: histoarikus, selsstannigens, de brike oersettingen fan “her- en derwaarts” en “ten noorden van”.

    Al soe ús robot PyfPafPier allinne dy lêste standertflater (199 kear en dat is noch mar ien wynrjochting) út de Wikipedia helje, dan docht er better wurk as op IP-nûmers te jeien. Tenei mear….

  72. Drewes juny 13, 20:10

    Wy hawwe op it stuit 38.415 siden yn it Frysk

    Doch fral mei!

  73. Johannes juny 13, 21:40

    Goeie Drewes, ik doch al mei. Ik haw op dit stuit net safolle tiid om der drok mei dwaande te wezen. Spitichgenôch fyn ik jo “fral” net sa geef Frysk. Ik soe “foaral” brûke. Fierder is it “mûne” op ‘e klaai en “mole” yn’e greidhoeke. Jo hawwe wat it Frysk oanbelanget net altiten gelyk. Ik fyn wol dat jo it goed bedoele en dogge om safolle tiid mei it Frysk en de Fryske Wykipedy dwaande te wêzen. Al jo war dwaan haw ik niget oan, mar net oerdriuwe.

  74. Drewes juny 13, 23:44

    Johannes,
    Jo sille faaks wolris meidien hawwe oan Wikipedy, mar jo hawwe my net folge docht bliken.

  75. Cor Jousma juny 14, 10:13

    Bêste Johannes, hoewol’t ik Drewes net graach byfal (sjoch boppe), is it fansels wol sa dat yn ús Frysktalige Wikipedia de trije dialekten: Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk net ferbettere wurde ta wurden fan de FOARKAR-list. Sis mar, as de staveringshifker it wurd as fariant foarm ken dan bliuwt it wurd stean. Oars soene de dialekten útrûge wurde.

    No is fansels de fariant Súdwesthoeksk benammen te finen yn doarpsnammen lykas Blauhús yn plak fan Blauhûs en Tsjerkgaast yn plak fan Tsjerkgeast.

  76. Johannes juny 14, 10:41

    Ik fyn as der oer de klaai skreaun wurdt, it klaaifrysk brûkt wurde moat. Ik folgje net ien by Wikipedy, dus jo Drewes ek net.

  77. Cor Jousma juny 14, 17:43

    Bêste Johannes, Klaaifrysk foar wikys oer de klaai, dat soe moai wêze. Mar de measte meiwurkers fan de Frysktalige Wikipedia moatte it ôflizze tsjin de staveringshifker, dat soks sil wol in dream bliuwe. Boppedat falt hjir te lêzen dat de bonkjesikers ek nochris derút wurke wurde, om’t de kategoryen foar master opslaan.

  78. Johannes juny 14, 18:21

    Cor, tige tank. It is wat mei minsken dy ‘t gjin ferstãn hawwe fan in hiel soad yn it Frysk. Harren as strieminne boeren hearskje wolle. Tiden binne net feroare as je foar master spielje. Wikipedy sil dit op it ein net oerlibje, tink ik. It wie sa’n goeie ensyklopedy dy’t Fryske taal warber hâldt. Doch it docht bliken, dat sels ien frijwilliger der in soadsje fan meitsje kin en de nederklits ynliede sil.

  79. Drewes juny 14, 23:51

    In boer moat boer bliuwe, Jehannes

  80. Cor Jousma juny 15, 10:36

    No Johannes, Drewes hat dy mei mûne/mole op dyn ‘winken betsjinne’.

  81. Johannes juny 15, 16:05

    Hjir en dêr stiet noch “mole”. By Ferwert “de mole de Non”. By de Volharding mûne fan Jislum “de earste mole fan DeFryskeMole”. Bytsje twivelriedich. Fierders haw ik noch net socht. Drewes giet de goeie kant út.

  82. Johannes juny 15, 16:11

    Myn pake Gaatse fan Tergrêft wie boer. In aardige boer en altiten wille, nea klaaie of lulk wurde. Wurdt sa as myn pake. De sei:”wat is de Victor in moaie mûne.”

  83. Drewes juny 15, 23:01

    Pake Drewes hie boer Gaatse grif wol lije mocht. Hy sei syn soannen: Ïk haw leaver dat jim’ mei piteroalje sútelje as arbeidzje foar in minne boer.

  84. Piteroalje juny 16, 10:22

    Jo pake kin it net (fer)helpe, mar yn de wiky Kerosine -redirekt fan Piteroalje – sitte in pear nuvere bonkjes: befettet, disel(oalje), koaitsjen, roetútstjit ensfh.

  85. Cor Jousma juny 16, 19:36

    By it folgjen fan de Frysktalige Wikipedia foel myn each op de nije meiwurker Japan Football. It wurdt my no sa stadichoan dúdlik dat ús autist oan ien akkount net mear genôch hat, hy brûkt no twa dan kin er noch langer efter de kompjûter sitte. Hy twa akkounts en foar inoar is gjin romte… Hoe siik moat ús Wikipedia eins wurde?

  86. Drewes juny 16, 23:37

    Min, spjuntich mantsje. [https://fy.wikipedia.org/wiki/Oerlis:Daniel_Sanabria]

  87. Cor Jousma juny 17, 12:01

    Bêste Ieneach, ik haw spitigernôch de ferkearde konklúzje lutsen. Dat myn flater foar de hân leit docht dêr neat fan ôf. Ik moat jo myn ekskús meitsje.

    By in soad fan de 544 fuotbalwikys fan dat akkount wikselje Japan Football en Ieneach yn de skiednis fan sokke siden konstant ôf. Om’t jo en Pier regelmjittich op IP-jacht binne en it Frysk fan Japan Football net foar dat fan jo ûnderdocht, haw ik spitigernôch in ferkearde konklúzje lutsen.

    Dy positive bydrage fan Drewes lit ik graach foar him. Hy sil grif net sPjunt bedoele mar syn Frysk is net better…

  88. Japan Football juny 17, 17:52

    Hoewol’t er my grouwélich op ‘e ferkearde foet sette, is it eins skande dat jimme it akkount fan Japan Football blokkearje. Hy is ferhipte goed yn it Frysk en soe om’t ús iennige robot Pier der gjin nocht oan hat, hiel wat standertflaters út de Wikipedia helje kinne. Moai derby helje soe men sizze.

  89. Redaksje It Nijs juny 18, 17:44

    Hjoed, fjouwer moanne neidat de earste reaksje set is, slute wy de diskusje.

  90. Cor Jousma juny 18, 17:52

    Litte wy it posityf ôfslute. Moai dat de meiwurker Japan Football bliuwe mei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*