Skotske bibleteek sil Gaelictalige Wikipedia útwreidzje

jannewaris 31, 2017 20:40

Susan Ross

De grutste bibleteek fan Skotlân hat in opmerklike stap dien om it Gaelic te befoarderjen. De National Library of Scotland hat in jong frommeske dat Gaelic studearre hat oansteld om de Gaelictalige ferzje fan Wikipedia út te wreidzjen. Dy ynternetensyklopedy draait hast folslein op frijwilligers.

Sokke frijwilligers hawwe sûnt de oprjochting fan Uicipeid, sa’t Wikipedia yn it Gaelic hyt, goed fjirtjintûzen artikels skreaun. Susan Ross wie ien fan harren. Hja wie ien fan ’e pear studinten Gaelic en hat altyd in protte war dien foar de taal, dy’t hja sels net ienris as memmetaal hat. Gaelic hat mar sa’n fyftichtûzen sprekkers, likernôch ien persint fan ’e Skotske befolking. Hja wenje hast allegear yn it uterste noarden fan Skotlân.

No mei Susan Ross tsjin betelling Wikipedia-artikels skriuwe. It doel is dat hja ek efter frijwilligers oan giet, dy’t har helpe by de put. Har oanstelling is ynearsten foar in jier. Frou Ross seit: “It is in prachtige kâns foar Gaelicpraters om op in kreative, ynformele en gesellige manier te oefenjen mei it lêzen en skriuwen.”

Daria Cybulska fan Wikimedia UK, it bedriuw efter Wikipedia, is optein oer de aksje fan ’e Skotske nasjonale bibleteek. Hja seit: “Wy wolle minsken út alle kultueren en taalgroepen yn it Feriene Keninkryk en it bûtenlân mear tagong jaan ta de kultuer en taal fan har foarâlden. Dizze aksje draacht dêr in soad oan by en wy stypje soks graach.”

Foto: Susan Ross

jannewaris 31, 2017 20:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma jannewaris 31, 22:08

    Brave and clever Scotsmen and -woman!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.