Je soene it sa net mear sizze

jannewaris 26, 2017 14:55

Gastbydrage fan Bouke Slofstra

Je soene it sa net mear sizze, want dat heart in bytsje âldmoadrich. Tsjintwurdich soest it sa sizze. In nuveraardich ferskynsel, dat soest en soene yn ’e betsjutting fan ‘men soe’ of ‘de minsken, yn it algemien, soene’.

Yn in hiel soad talen is it hiel gewoan om de do-foarm fan in tiidwurd te brûken foar in algemiene útspraak. People are strange when you ‘re a stranger. Sa’n sin komt net út in dialooch. De you yn dit foarbyld is in tinkbyldige ‘do’, dy’t elkien wêze kin. It hat in wat ynformeel lûd, omdat de harker, sa’t it liket, sels oansprutsen wurdt. Boppedat wurdt yn al dy talen de ynformele do-foarm brûkt yn pleats fan de jo-foarm. Dat it hat der alles fan dat “je” yn “je soene” net streekrjocht fan it Fryske “jo” komt, mar in soarte fan lienwurd út it Hollânsk is. It kaam yn de 18de iuw al foar, yn de “hollânske” foarm “je”.

jannewaris 26, 2017 14:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.