Hoe’t moslims it mier oan homoseksualiteit krigen

jannewaris 18, 2017 17:02

Noch fier ’e 19e ieu wie homoseksualiteit in normaal ferskynsel yn ’e islamityske wrâld. De moraal yn ’e kristlike wrâld wie doe just folle mear op heteroseksualiteit rjochte en fan moslimmanlju bestie yn it Westen it byld fan ferweakke, banneleaze manlju. No is dat min-ofte-mear omdraaid. Michiel Leezenberg, perfester yn ’e filosofy, socht út hoe’t dat sa kommen is.

De Frânske soldaten fan Napoleon dy’t yn 1789 ta Egypte ynteagen, koene amper leauwe wat hja seagen: manlju dy’t iepentlik seksuele relaasje mei oare manlju ûnderhâlden, dichters dy’t yn it iepenbier homo-eroatyske gedichten foardroegen, houliken dy’t sletten en wer ûntbûn waarden, harems, in taboeleaze omgong mei seks.

Taboe

Leezenberg fertelt yn ’e Flaamske krante De Morgen hoe’t de Europeanen de islamityske manlju beskreaunen: “Dat waren verwijfde, losbandige en verzwakte mensen, slachtoffers van de tirannie waar­onder ze leefden en de islam die ze aanhingen, terwijl de Europeanen juist rationeel, mannelijk en plichtsbewust dachten te zijn, en dus de natuurlijke overwinnaars van de Egyptenaren.”

De ûndersiker fertelt dat de ûntjouwingen yn ’e islamityske lannen diel útmeitsje fan in folle bredere ûntwikkeling. Yn Sina en Yndia feroaret oan ’e ein fan ’e 19e ieu de omgong mei seks ek. It wurdt in taboeûnderwerp, de moraal wurdt strakker, seks wurdt ferbûn mei in fêste relaasje tusken in man en in frou en hat it krijen fan bern as doel.

Nasjonalisme

Neffens Leezenberg kaam yn dy lette 19e ieu it nasjonalisme sterk op. Dat wie ferbûn mei de moderne húshâlding mei in heit, in mem en bern. De mem soarge foar bern dy’t it heitelân tsjinje koenen, de heit fertsjinne it jild om frou en bern te ûnderhâlden. It idee dat der ek bûten de man-frou-relaasje leafde bestean koe rekke út it sicht en dêrmei ek it idee dat seks ferdivedaasje wêze koe. Yn Europa wie homoseksualiteit al lang in taboe, dat dêr wie de nije restriktive moraal folle minder opfallend as yn de rest fan ’e wrâld.

Dy moraal is yn ’e twadde helte fan ’e 20e ieu yn Europa en yn lannen mei in grutte Europeeske befolking wer feroare, mei’t persoanlike frijheid in gruttere rol ynnaam. Yn ’e islamitsyske kultueren wurdt dêr wat ûngemaklik op reagearre. Froulik bleat jildt dêr hjoed de dei as privee, mei ferskate gradaasjes fan akseptaasje al neffens lân en subkultuer. Leezenberg: “Of we hier dus te maken hebben met een seksuele bevrijding of een nieuw soort seksuele dwang is niet altijd duidelijk. Als reactie kleedt een kleine minderheid van moslimvrouwen zich anders, in gezichts- en of lichaamsverhullende kledij. Als je hen vraagt waarom ze dat doen, krijg je vaak het antwoord dat ze zich zo vrijer voelen omdat hun kledij hen beschermt tegen de blik van mannen. Een schande, reageren wij dan, die arme moslimvrouwen worden door hun man onder de knoet gehouden en wij gaan hen bevrijden.”

Hipsters

Neffens Leezenberg wol it Westen wat al te graach islamityske froulje “rêde” fan ûnderdrukkende manlju. Hy ferliket salafisten mei hipsters, dy’t in tige persoanlike kultuer ûntwikkele ha, mei in soad omtinken foar rituelen en it eigen uterlik, dy’t de algemiene kultuer ôfwiist. Yn ’e islamityske wrâld wurdt neffens Leezenberg de liberale westerske kultuer gauris yn ferbân brocht mei it kolonialisme. Dêr komt neffens him by dat in protte moslims de Koran amper kenne en ôfgeane op televyzjeprekers dy’t fertelle hoe’t in moslim libje moat. Under sokke prekers sitte ek tige behâldende geastliken.

Leezenberg hat syn analyze beskreaun yn it boek De minaret van Bagdad. It is útjûn troch Prometheus en kostet 18,99 euro.

Foto: Morguefile

jannewaris 18, 2017 17:02
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric Hoekstra maaie 15, 11:13

    “Hy ferliket salafisten mei hipsters, dy’t in tige persoanlike kultuer ûntwikkele ha”. Dat liket my in absurde ferliking ta, mei’t hipsters freedsum binne, en salafisten in totalitêre teokrasy foarsteane.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*