It Frysk mei neat kostje

jannewaris 7, 2017 17:33

Jehannes Elzinga stim ik mei yn syn krityk op in Luuk Hazelhoff. Dy krige yn de Ljouwerter fan 19 desimber in stik oer finansjele stipe oan Omrop Fryslân pleatst. Hy skreau: “De Friese cultuur en taal spreken mij erg aan. Geen probleem dus.” O, nee? Wiswier al in probleem, want it mei fan him allegearre neat kostje. Hy neamt in bedrach fan € 1,8 miljoen fan it Ryk foar de Fryske programmearring, mei dêroerhinne in jierlikse provinsjale bydrage van € 600.000,- en ornearret dat soks ‘wel heel veel’ is. Dat is demagogy. Want it meie grutte bedraggen wêze as se op syn of myn bankrekken stean soene, yn it ramt fan oerheidsfinânsjes hawwe se folle minder om ’e hakken. Bygelyks ferlike mei de hûnderten miljoenen fan de troch Elzinga neamde Sintrale As – dêr’t it ekonomyske foardiel ûndúdlik fan is en de lânskiplike skea grut – is it om in grypstehealstoer te rêden.

Fansels ferlykje we apels mei parren, mar as we it op kultereel mêd sykje wolle, kinne we allyksa de ferbouwing fan it Ryksmuseum neame, dy’t noch mear koste. Mar goed, dat binne ynvestearringen yn ien kear. Dy seis ton fan de Provinsje is foar ûnderhâld fan kulturele ynfrastruktuer. Wat is dat dan yn ferliking mei de ferkearsynfrastruktuer? It CBS jout (foar 2011) provinsjale útjeften de kilometer ryddyk. Fryslân hat de leechste kosten mei € 53.000,- / km; Noard-Brabân is mei € 302.000,- / km it measte kwyt. Dat, de neamde bydrage fan de Provinsje oan Omrop Fryslân kostet ús likefolle as in stikje fan goed 11 km provinsjale dyk. Hazelhoff kin dêr amper fan syn wenplak Sniksweach ôf mei yn Akkrum komme. Ik fyn dat der fierstentefolle fan myn belestingsinten oan diken fergriemd wurde. Om my mei de Provinsje dêrom sa’n stikje dyk werom jaan oan it lânskip as kompinsaasje foar de omropstipe. Mar mei it each op de grutte fariaasje yn dyksûnderhâldkosten hoecht dat net iens. Ferlike mei Brabân hat Fryslân nei in pear kilometer dyk al genôch jild útsparre om it neamde bedrach foar de Omrop oer te hâlden! Dus wêr ha wy it oer?

Mar litte we dan ek noch ris foar in ridlike hifking fan de finânsjes nei de omropwrâld sels sjen. It folsleine programmabudzjet fan de Nederlânske publike omrop wie yn 2014 € 635,- miljoen, noch sûnder de kosten fan it bestjoersapparaat. Utgeande fan in heal miljoen Frysktaligen (ek bûten Fryslân) op 17 miljoen Nederlanners liket de likernôch € 14,5 miljoen dy’t Omrop Fryslân (langer yn it hiele lân te folgjen) no mei-elkoar krijt, my noch frijwat krap: omtrint € 20 miljoen soe dan better yn ferhâlding wêze. Net?

En dan, wat kin de Omrop eins mei dy ekstra stipe? Neffens steatssekretaris Dekker koste in oere publike telefyzje yn 2014 by earste útstjoering yn trochsneed € 57.938,-. Omset yn telefyzjeútstjoeringen soe it folsleine neamde ekstra budzjet fan Ryk en Provinsje dus nei goed fjirtich oeren al wer op wêze. Mar it jild wurdt yn werklikheid brûkt om fan de oerfloed oan Nederlânsktalige ynformaasje Frysktalige media-uteringen op telefyzje, radio en it ynternet te meitsjen. De minsken efter ItNijs.frl witte der ek fan mei te praten hokfoar ynspanningen it freget om in Frysk media-eilân yn in see fan Nederlânske ynformaasje boppe wetter te hâlden. Ekstra jild soe amper nedich wêze as de measte organisaasjes yn Fryslân yn harren kommunikaasjes simpelwei it Frysk brûkten!

Yntusken is dy Hazelhoff ûntmaskere as al wer sa’n Antyfries dy’t him ferskûlet efter finânsjele flauwekul. Dat ús taal him oansprekke soe is ôfwaaid praat, want foar it Frysk hat er letterlik noch gjin euro oer. Dat is ommers sa’n bytsje it bedrach dêr’t de provinsjale omropstipe parten troch it tal ynwenners fan Fryslân by einbeslút op útkomt.

Nanne

jannewaris 7, 2017 17:33
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Willem Riemersma jannewaris 7, 21:25

    Mooglik tinke jo der oars oer: mar soenen wy mei ús positive ynstek foar it Frysk en it Frysk yn ûnderwiis, iepenbiere libben en media sa stadichoan net suniger op ús krút wurde moatte? En allinne noch mei wurden yn it spier as wy mei opponinten fan formaat en mei ynfloed te krijen hawwe? Jildt earst ek foar mysels.
    De foar syn strategy yn WO II oan Dútske kant ferneamde en by de Alliearden freze tankginneraal Guderian sei, as it om de ynset fan de middels gie: “klotzen, nicht kleckern”. Konsintrearje, net ferdiele.
    Ik jou jo folslein gelyk, seker oer ferhâldings tusken (‘nije’ achterhelle) ferkearsynfrastrukteur en kulturele ynfrastruktuer.
    Mar soe elk dy’t hoe dan ek skriuwt yn it belang fan it Frysk him earder konsintrearje moatte op de mienings fan wa’t útsoarte as swierwichten ûnder opponinten jilde of neamd wurde?
    Dat wy it ‘gefjocht’ net te folle yn de achter-, mar ynearsten en foaral yn de foarhoede fiere moatte, dêr’t it der wier ta docht? Mear yn it inisjatyf as yn de ferdigening? En yn de ferdigening allinne dêr’t it ús de muoite wurdich is?
    Ik sei, ik sjoch hjir yn myn eigen spegel. Mar hie graach jo byld derneist. Lykwols net foaroer.

  2. Nanne Skriuwer jannewaris 8, 14:18

    Jo bedoele, wat sille wy ús bekroadzje om sa’n Luuk Hazelhoff út Sniksweach, Riemersma? Om it nochris op syn Ingelsk te sizzen: choose your battles? Dat kin ik mei jo oars wol lykfine mar dit feitenfrije ferhaal stiet al yn de krante. En der binne folle mear dy’t sokke populistyske praat ha. Sjoch myn ferwizing nei lju út deselde omkriten dy’t okkerjiers rôpen en raasden dat in omsetting nei in Fryske gemeentenamme (wylst de namme fan dy gemeente al tsientallen jierren Frysk west hie) te djoer wie, mar oer ûnnutte folle hegere gemeentlike útjeften net prate woene. It liket my wichtich om sokken mei feiten te ûntmaskerjen as Antyfriezen. Sadat wy wol goed ûnderbouwe wêrom’t wy harren miening neist ús dellizze.

  3. Willem Riemersma jannewaris 8, 14:56

    Tank foar jo reaksje!
    Nochris alle respekt foar jo reaksje op it krantestik. En foar de naadleaze ûnderbouwing. Gjin spjelde tusken te krijen. Sa’t ik it lês.
    Mar soenen wy op ien as oare wize mei oare progressive ‘reaksjonêren’ yn it opkommen foar it Frysk net in wei fine moatte om krêften te bondeljen yn it reagearjen op anti- of somtiden ek opfallend a-Fryske publikaasjes? En om dan foar konsintraasje just de tema’s en it skriuwen fan reaksjes te ferdielen? Evt. mei wikseljen om betiden de seine wat te hottefyljen en mei útwikseljen fan erfarings?
    Sûnder al te folle regelerij, ôfstimming en sûnder regleminten oer styl en mei frijheid yn útwurking? Salang’t it de publike opiny en oarsom troch ‘kijkgaatjes’ yn de media de polityk berikt en linksom rjochtsom de posysje fan it Frysk fuortsterkje kin, soe men dan mei itselde positive doel en út deselde geast tagelyk rjocht dwaan kinne oan fanselssprekkend ferskaat oan mienings dat dêrûnder dan by elk fan de skriuwers as yn mollegongen húsmannet? “De Fries” bestiet net, seit prefester Jensma. Ik tink dêr oars oer:
    ús taal is ús hûs. En dêr moat mear fundamint ûnder, foar útwreiding. Yn ûnderwiis en ipenbiere libben.
    As it útgongspunt mar itselde is: yn en mei it Frysk foar it Frysk Foarút?
    “Klotzen, nicht kleckern”, dus?
    Hooplik wolle jo noch in kear jo miening jaan?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.