Feie Fonyk: keunstgers

jannewaris 5, 2017 14:21

 

 

Tongersdeitejûn 11 juny 2015 waard yn de riedsgearkomste fan Tytsjerksteradiel in beslút nommen oer keunstgers. Grienlinks seach der net safolle yn. “It wurdt te djoer”, of dy partij hâldt wol fan grien, mar net fan keunstgrien. Yn elts gefal: in tal oare partijen wie der foar – benammen nei it oertsjûgjende pleit fan de beide foarsitters fan VV Hurdegaryp en Burgum – en sadwaande wurdt yn beide doarpen fleurich fuotballe op in moaie griene matte. It heucht my net dat der doe praat is oer de gefaren fan keunstgers.

Doe kaam – o grutte skrik – op 5 oktober lêstlyn Zembla fan de VARA mei de útstjoering ‘Gevaarlijk spel’. Ut de voice-over fan it programma: Maar wat veel mensen niet weten, is dat 90% van al die velden is bestrooid met gemalen autobanden. Die banden mogen niet verbrand of gestort worden. Daarom worden ze gerecycled en komen ze terecht op de kunstgrasvelden. ’t Is eigenlijk ongelofelijk dat je op chemisch afval mag voetballen. In de banden zitten veel giftige stoffen. En ook stoffen die bewezen kankerverwekkend zijn. Die kankerverwekkende stoffen zijn met name voor kinderen gevaarlijk. No, dan witte jo it wol. Lykas wenst sprong de Twadde Keamer der boppe-op. Der waarden 36 fragen steld en der waard oantrune op ûndersyk.

“De brand die ze verslaan meneer die steken ze zelf aan meneer”

Ein desimber kaam it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu) mei de útkomsten derfan. Om koart te gean kaam it derop del dat yn dat rubbergranulaat wol gefaarlijke stoffen sitte, mar dy komme net frij en men kin der dus sûnder gefaar op fuotbalje. Doe’t ik lies oer it o-heden om dat rubber hinne moast ik fuortendaliks tinke oan it ferske fan Joop Visser oer sjoernalisten: “De brand die ze verslaan meneer die steken ze zelf aan meneer” en oan autoriden. It liket my ta dat dêr mear by frijkomt as op sa’n fjild. Ommers dy bannen slite, it stof derfan komt op ’e dyk, dat stoot omheech, komt yn de noastergatten, yn de mûle, yn de longen en ja, dan krigest der kanker fan as it tsjinsit. Ek dat skynt ôfgryslik ta te fallen.

Der binne fuotbalferieningen dy’t no it wisse foar it ûnwisse nimme en oare fjilden oantuge. It liket my folslein oerstallich. De wittenskip (it RIVM) hat sprutsen. Ik meitsje my soargen oer de twivel oan de útkomsten fan wittenskiplik ûndersyk. Ferline jier al mei dy ûnnoazelen dy’t harren bern net ynintsje litte en no dit wer. Ik bin benijd wêr’t kaugom fan makke wurdt. Hooplik net fan âlde autobannen.

jannewaris 5, 2017 14:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.