Eamelders ferfiere huning mei spûnskes

jannewaris 4, 2017 10:04

Boarne: morguefile.com

Eamelders binne by steat om tige fluch it bêste ark te kiezen by it ferfieren fan huning. As de ynsekten de beskikking krije oer lytse spûnskes of stikjes papier, sille se dy objekten brûke om huning op te sûgjen en te transportearjen nei harren nêst. Dat melde Hongaarske ûndersikers yn it wittenskiplik tydskrift Animal Behaviour. It hâlden en dragen fan eamelders is bysûnder, om’t spûnzen en papier net foarkomme yn de natuerlike omjouwing fan de ynsekten.

By it ûndersyk yn it laboratoarium oan de Universiteit fan Szeged waarden eamelders konfrontearre mei skûtels huning en wetter. Njonken de skûtels leine ferskate foarwerpen dêr’t de ynsekten de floeistoffen mei nei har nêst ferfiere koene, lykas stikjes hout, papier en spûns. De ynsekten keazen al gau foar de materialen dêr’t se de huning en it wetter it maklikste mei opsûgje koene. Hja ferfierden de floeistoffen foaral mei stikjes spûns en papier nei it nêst.

De wittenskippers wiene ferrast dat de bisten sa gau it bêste ark útsochten út materialen dy’t se nea earder sjoen hiene. Eamelders hawwe in lyts brein dat mar 250.000 harsensellen telt. “Mar dizze bisten prestearje op in protte mêden like goed of sels better as minsken”, ferklearret biologe Valerie Banschbach op nijsside New Scientist. De wittenskippers tinke dat eamelders yn de rin fan de evolúsje leard hawwe om ark te brûken foar it transport fan iten, om’t se in lytse mage hawwe dy’t net rekber is. Se kinne dus net yn ien kear in hiele protte iten nei binnen wurkje, mar moatte in foarrie iten oanlizze yn it nêst. “Se moatte dêrom wol in manier betinke om floeiber iten te ferfieren”, seit haadûndersykster Patrizia d’Ettorre.

jannewaris 4, 2017 10:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.