Plysje wegeret om Twintske fraach te beantwurdzjen

desimber 16, 2016 02:15

De kommunikaasje tusken Gea Santema en de plysje

“We communiceren in het Nederlands op deze pagina. U ziet dit in de huisregels.”
Mei dy koarte meidieling waard Gea Santema teplak set, doe’t hja fan ’e wike op ’e Facebookside fan ’e pleatslike plysje in fraach stelde. Hja fernuvere har dêroer, want de gemeente Rijssen-Holten, dêr’t hja yn wennet, lit him just foarstean op taalfrijheid. By de loketten op it gemeentehûs hingje ek buordsjes dy’t oanjouwe dat de amtners yn it Twintsk en yn it Nederlânsk kommuniserje kinne.

Frou Santema gong by it diskriminaasjemeldpunt nei oft se yn har rjocht stie, mar it die bliken dat dat dreech wie, om’t it Nedersaksysk noch gjin offisjele bestjoerstaal is. It Nedersaksysk is in oerkoepeljende namme foar de dialekten fan East-Nederlân en Noard-Dútslân. It Twintsk falt der ek ûnder.

Ferskate plysjes út de gemeente hawwe frou Santema te witten dien dat hja har Twintske fraach wol beantwurdzje wolle. In wurdfierder fan ’e lanlike plysje die ek te witten dat der gjin reden is om ien it swijen op te lizzen, inkeld mar om’t er Nedersaksysk praat.

desimber 16, 2016 02:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*