It liket nei fleanen

desimber 7, 2016 10:44
Op itnijs.frl waard yn ’e rubryk Opfrysker fan ’t simmer frege om in Fryske wjergader foar it Ingelske ‘jet lag’ (Holl. jetlag). Dêr kamen moai wat reaksjes op. It giet om lichaamlike ferskynsels troch tiidsferskil by lange fleanreizen. Jet is letterlik oerset striel(fleantúch) en lag is efterstân (tekoart). Winliken seit it Ingelske wurd net mear as ‘efter de pûst’. Mar it begryp hâldt folle mear yn. Njonken it hurd fleanen en it ynheljen fan ’e tiid, ek lichaamlike klachten, lykas wurgens. Sjoch ris nei de rykdom fan de útdrukkingsmooglikheden yn it Frysk: fleanwurgens; fleantebekslach; fleanlam, tiidferties, fleandwyl, tiidlek, fleanbrek en sliepferskik. [Mei tank oan ferskate ynstjoerders.]
desimber 7, 2016 10:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.