Feie Fonyk oer sûnenssoarch en jild

desimber 9, 2016 14:37

 

 

Ik sil de lêste wêze om minsken dy’t siik binne de gek oan te stekken. Dat nimt net wei dat je neffens my sykten, kwalen, lichaamlik en geastlik ûngemak ferdiele kinne yn trije groepen. Der binne kwalen en sykten dêr’t neat oan te dwaan is en dêr’t jo sa goed en sa kwea mei libje moatte. Der binne ek kwalen dy’t fansels oergeane en dan hawwe wy de tredde groep, dêr’t de moderne genêskeunst wat oan dwaan kin. It is benammen dy lêste groep dy’t de kosten fan de sûnenssoarch omheech jaget, mar de oare beide moatte net ûnderskat wurde wat kosten oangiet. Dêroer aanst mear. Elkenien dy’t der ferstân fan hat, krimmenearret dat it sa net langer trochgean kin. Minsken wolle hieltyd mear en der kin hieltyd mear.

No lies ik koartlyn dat der in soad dien wurdt sûnder effekt. Der skine mear as tûzen yngrepen, hannelingen en medisinen te wêzen dy’t gjin doel hawwe. Dat wol my wol oan. Ik lies dat der grutte twivel is oer it nut fan in behanneling troch in fysioterapeut. Sûnder behanneling giet de kwaal meastal oer yn deselde tiid dy’t de behanneling nimme soe. Dat klinkt my as lij wetter yn de earen, want ik haw my net fersekere foar fysio en ik haw der oant no ta noch nea west.

Wat is dat no foar dom praat, Feie, sille jimme sizze. Mar no sprekt in ‘ûnderfiningssaakkundige’. Goed seis jier lyn bin ik mei myn stomme kop hingen bleaun efter in tafelpoat fan in picknicktafel yn in tún. In skuor yn myn achillessine en ik koe de earste dagen gjin poat fersette. Dêrnei in wike of seis omrûn mei in soartemint fan hâlder om myn skonk. “Wat dogge jo sa al oan sport”, frege de ortopeed yn Ljouwert. (Wol aardich wat, mar dat mjit ik hjir no net út.) In soad minsken om my hinne fûnen dat ik nei fysio moast, mar ik haw dat net dien. Ik sjoch der neat yn. It is nei in lange tiid út himsels better wurden. Sjoch, it is net de bedoeling dat jo mei elke skeet dy’t jo dwers foar de kont sit, nei de dokter of fysioterapeut fleane. Jo soene earst ek ôfwachtsje kinne.

As ik myn auto tsjin in beam ryd, haw ik ek in eigen risiko

De oplossing foar de omheech rinnende kosten is net ienfâldich. Wy hawwe in eigen bydrage en dy is aardich heger as in pear jier lyn en der komt takomme jier wer wat by. Blykber set it net genôch rem op de besite oan de dokter. Der binne in tal politike partijen dy’t de eigen bydrage ôfskaffe wolle, omdat it foar guon minsken in soad jild is. Dat is wier, mar dochs… It is no al sa dat in soad minsken, terjochte, soarchtaslach krije en in aardich grut part fan de kosten fan sûnenssoarch wurdt betelle út de belestingen. Neffens my moat de eigen bydrage dêrom bliuwe, want minsken moatte net tinke dat sûnenssoarch fergees is. Mei dy eigen bydrage binne se mear kostebewust. Boppedat: as ik myn auto tsjin in beam ryd, haw ik ek in eigen risiko en dat is aardich heger as dy 365 euro fan de soarch.

desimber 9, 2016 14:37
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jabik desimber 9, 15:38

    Dy Feije wurdt stadichoan rjochtser. Soe it net bestekliker wurde as wy ris wisten hoefolle minsken no te gau nei de dokter fleane? Ik hear faak om my hinne dat se der te let by wiene, mar dêr doar ik gjin konklúzjes út te lûken. Oars giet it jo krekt as dy frau dy’t frege waard hoe’t se oan har wiisheid kaam: ït stiet op Faceboe”k en dan moat it wol wier wêze. Dêr is Fije it fêst mei iens. Earst graach de feiten Feije en net fuort oannimme wat der om jo hinne roppen wurdt.

  2. Willem Riemersma desimber 9, 20:26

    It eigen risiko wie yndertiid bedoeld om it ‘getoffe’l nei de dokter yn te daamjen, troch in eigen risiko te heffen sa gau as dokter mei in resept op de hispel kaam.
    Miskien moat it no wol omdraaid wurde: in eigen risico foar in konsult betelje sa gau as der gjín resept útskreaun wurdt. In pasjint dy ‘t tefreden nei hûs ta kin omdat it allegearre wol in slach tafalt, hat dêr wol wat foar oer. Gâns better ôf as in kombinaasje fan sik wêze en noch foar medisinen bybetelje moatte der op ta. Lykas as oant no ta.
    Myn skoanheit sei altiten: ik betelje myn preemje leaver foar in oar as foar mysels. Dêrom.
    De muoite wurdich om ris in pear jier te besykjen. No ‘t ‘de polityk’ alteast op dit stik ûnder it eufemisme fan ‘evaluaasje’ ommers al langer hink-stap-sprong belied folget, fan de hak op de tak.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.