Feie Fonyk: fan taalferoaring nei taalfergrieming

desimber 22, 2016 11:22

 

 

Der sille net in soad minsken wêze dy’t noch âld-Frysk lêze kinne. Dat jildt ek foar it âld-Nederlânsk. Soks jildt foar mear talen, mar der haw ik gjin weet fan. De âldste Nederlânske tekst dy’t oant no ta fûn is “Hebban olla vogala nestas hagunnan hinase hic anda thu, wat unbidan we nu?” is in rigel dy’t skreaun is troch in mûnts yn Ingelân yn de alfde iuw. De tekst is te finen yn in boek fan de Bodleian Library yn Oxford. (Neamd nei sir Thomas Bodley, dus de klam leit op Bod.) Yn Fryske oersetting: “Alle fûgels binne mei nesteljen begûn, útsein do en ik, wêr wachtsje wy op?” It is in lyts en bekend foarbyld om oan te jaan hoe’t in taal feroaret troch de iuwen hinne.

Der binne tal fan oarsaken dêr’t talen troch feroarje. Bygelyks troch nije dingen. Tink oan alle wurden dy’t mei de kompjûter te krijen hawwe. Yn Frankryk besykje se der Frânske wurden foar te betinken en te brûken. Downloaden en computer binne dêr wurden ta télécharger en ordinateur. Mar se brûke ek it Ingelske podcaster. Yn it Frysk kinst foar downloaden it wurd ynheljen brûke en der is sels in list mei Fryske kompjûter wurden. Dochs sille in soad Frânsen en Friezen it Ingelske wurd brûke.

dat hy dat net mear soe dwaan, ggggrrrrr!

Wat in soad minsken har net realisearje is dat yn it ferline in soad Frânske wurden yn ús talen opnommen binne. Om in pear foarbylden te neamen fan wurden dy’t mei de skoalle en it ûnderwiis te krijen hawwe: kolleezje, diktee, edukaasje, eksamen, ynstitút, ynternaat, reüny en surveillânse. (Ik helje se út Van Dale Groot Leenwoordenboek.)

Mar ik dwaal ôf fan wat ik sizze woe, en dat is dat it Frysk as lytse taal in soad te lijen hat fan de krêftiger talen om ús hinne. Sa hear ik tsjintwurdich minsken praten oer harren lytsbern yn stee fan bernsbern of pake- en beppesizzers. Wylst dy Fryske wurden better en moaier binne as it Nederlânske kleinkind. Hy hat sich fergist, yn stee fan hy hat him fersind en dan dat ferskriklike omdraaien fan de tiidwurden yn in sin as “Hy sei noch dat hy dat net mear soe dwaan, dat ferwikseljen fan dy tiidwurden”. Hoe keare wy dy teloargong fan it Frysk? De measte minsken hawwe der gjin ferlet fan om korrizjearre te wurden troch djipfriezen, mar dy Hollânske ynslûpsels grize my oan.

 

 

desimber 22, 2016 11:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.