Boerewiisheid en amtlike betinksels

desimber 29, 2016 12:02


troch Jabik van der Bij

 

Wy earmoedzje de lêste jierren hieltyd mear oer it efterút rinnen fan it tal greidefûgels. Halbe Hettema docht dat yn de LC fan 28 desimber ûnder de kop ‘Een jaar overzicht om van te gruwen’. Hy wiist der mei rjocht en reden op dat de boeren in wichtige faktor binne om greidefûgels har by ús yn Fryslân thús fiele te litten. Der binne genôch boeren dy’t it – krekt as elkenien – oan it hert giet dat ús ljippen en skriezen sa bot yn tal weromrinne. Men soe dan tinke dat boeren dy’t útstellen dogge om de fûgels temjitte te kommen (Hettema neamt dat boargerinisjativen), yn de earms sletten wurde. Dat wurdt mei de mûle wol beliden, mar yn de praktyk hat it der wolris oan.

By ús yn it doarp hat de ruilferkaveling yn de santiger jierren fan de foarige iuw syn spoaren neilitten. Der is wol it ien en oar ferlern gien, mar dêr giet it hjir net om. Der moast doe ek wat werom dien wurde en dêrom kamen der in pear simmerpolders spesjaal foar de fûgels. It lân waard dêr op âlderwetske wize bebuorke. Winters stie it lân splis en yn de maitiid weide dêr jongfee. De stront dy’t dat fee efterliet, luts michjes en oare lytse ynsekten oan. It wie in eldorado foar de ljip, skries, tjirk, strânljip en ljurk. Sels de hoantsen koene der iten fine. It gie mar om lytse stikjes: hjir tsien hektare en jinsen fyftjin, mar dochs. De boer seach der mei niget nei.

De polderkes kamen yn hannen fan Steatboskbehear, en it Wetterskip betocht dat de polderdykjes ophege wurde moasten. Yn deselde snuorje spile by it provinsjebestjoer it ferdrûgjen fan de feangreidegrûnen. Mei-inoar betochten se dat dy polders sa’n tsien sintimeter ôfskrabbe wurde koene. Dat levere grûn op foar de dykferheging en tenei soene de polderkes ûnder wetter bliuwe om it ferdrûgjen tsjin te gean. De polderkes krigen in oare bestimming: tenei wie it gjin greidefûgellân mear mar wie it foar de wetterfûgels. De guozzen setten har dêr nei wenjen. In tige gaadlik plak foar harren. Se hoegden de dyk mar oer te waggeljen en se stiene oan de bealch ta yn it gers. Foar de greidefûgels wie gjin plak mear.

De boer, dy’t opgroeid wie mei de polders, krige der triennen fan yn ’e eagen. Net allinne om de guozzen dy’t syn gers opfrieten en heapen stront efterlieten, sadat de kij der gjin bek mear op sette woene, mar benammen omdat der net in fûgel mear te bekennen wie. De boer die it útstel oan de mannen fan Steatboskbehear om de polderkes begjin maart stadichoan leechrinne te litten. Hy woe der dan as it drûch wie wol wat rûge dong oer bringe en yn april it jongfee dêr weidzje litte om de greidefûgels yn ’e mjitte te kommen. “Net sa’n rare gedachte”, waard him te kennen jûn. Mar tastimming kaam der net. Sterker noch: doe’t de boer it wetter ris in kear fuortrinne liet, krige er de wyn fan foaren. Op de fraach wêrom’t syn plan net útfierd wurde koe, kamen gjin dúdlike antwurden of it moast al wêze dat it no ien kear sa besletten wie yn ferbân mei it ferdrûgjen. Sels in proefsimmer moast lang oer neitocht wurde, mar de subsydzje moast fansels net yn gefaar komme.

En sa bliuwt alles by it âlde. De foardielen foar de fûgels en foar de boer lizze no elke simmer ûnder it wetter. Allinne de guozzen binne goed út. As se dat koene, soene se yn ’e fûst gnize.

De foto fan Sander Veenstra is makke by Skrok (net by Top en Twel, dêr’t de kollumnist wennet).

 

 

 

desimber 29, 2016 12:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.